Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
60 datasets found
Dutch Keywords: bezitten Narrator Gender: male
Us pake en dy hienen in helm fan ien fan 'e bern. Dêr wie dat bern mei geboaren. Dy helm koe pake djûr forkeapje. De dokter wie der tige hyt op. Hy sei: "Daar wil ik van der Veen wel veel geld voor geven." Mar pake die't net. Letter hat pake dy helm fuort dien. Dy't sa'n helm yn besit hat is kûgelfrij.
nl.verhalenbank.22003
Bauke Haarsma hie in wikseldaelder, seinen se altyd. Mar it nuvere is dat de man letter felyt rekke is.
nl.verhalenbank.20370
De dokters wolle graech sa'n helm ha. Se wurde dêrom faek achterútmoffele, hwant se binne in protte jild wurdich. Sa'n helm wurdt djûr forkocht. Dy't sa'n helm yn bisit hat, is kûgelfrij.
nl.verhalenbank.38503
Stammerige Harm fan Twizelerheide is ris in kear oer de Swâdde smiten woarn troch de duvel. Hy hie in wikseldaelder en sadwaende altyd wol jild om hannen. Hy handele yn fodden ensa.
nl.verhalenbank.22957
De dokters woenen froeger graech sa'n helm ha. Dy knoffelen se achterút en dan forkochten se him djûr. Dy't sa'n helm yn bisit hie, woarde der sein, wie kûgelfrij.
nl.verhalenbank.25779
Stammerige Harm hie in wikseldaelder, seinen se. Ik ha Harm wol by my yn 't wurk hawn.
nl.verhalenbank.25196
Op 'e Sumarreheide wennen twa minsken, dy werkten noait. Se dienen noait in slach. Hoe koe dat sa? Hja hienen in wikseldaelder. Jowe se sa'n wikseldaelder út, dan komt er altyd werom. Sa'n wikseldaelder komt fan 'e duvel. Dy't in wikseldaelder hat, is oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.30362
Albert Gjaltema fan Gr. Pein hie in wikseldaelder, seinen se. Dy hie altyd wol sinten.
nl.verhalenbank.31928
Hjir hat in man wenne, dy syn bynamme wie Sint. Hy praette net to fris. Dy man hie in protte sinten, dêrom hied er dy namme tink. Op in kear siet er oan 'e kant fan 'e feart to jildtellen. Sa trof pake him. "Hwat hastû in jild, jonge", sei pake. "Dû kinst ek wol safolle jild krije", sei er tsjin pake. "Dan mast mei in swarte kat trije kear om 't tsjerkhôf...
nl.verhalenbank.25356
In wikseldaelder kin men altyd mar útjaen, hy komt grif werom. By de frijmetselarij ha se wikseldaelders. Kobus Dalstra wie sa'n frijmetselaer. Ek in neef fan my, Wessel Gal hie him oan 'e frijmetselerij forkocht. Frijmitselers, dy't jild brûke matte, wurde trije kear holpen. As de frijmitselers by elkoar komme, ken de iene de oare net. Sy komme der...
nl.verhalenbank.24879
Stammerige Harm hie in wikseldaelder.
nl.verhalenbank.25435
De frijmitselders hawwe in wûnderdaelder. Dêrtroch ha se altyd wol sinten om hannen. Men kin har ek net deasjitte; se binne kûgelfrij. Elk jier mat der ien dea. Der wurdt om lotte, hwa't dat wêze sil. Dokter van Stapelen fan Grou wie ek frijmitselder. Dy hat himsels forjown, doe't it lot him trof dat er stjerre moest. Dy't ienkear by de frijmitselers is...
nl.verhalenbank.31324
Dy't in helm yn bisit hat, is kûgelfrij.
nl.verhalenbank.20348
De frijmitselders ha yn Grins in hûs, dat is hielendal yn kleare turf opset. Se forkeapje har oan 'e duvel. By har thús ha se in lears hingjen, dêr mist de soale út. Dêr smyt de duvel nou en dan jild troch. Sy ha ek in wikseldaelder, om dy to krijen matte se trije kear om 'e tsjerke hinne rinne mei in swarte kat. Dan krije se fan 'e duvel in ryksdaelder....
nl.verhalenbank.25393
Wy woarden as bern altyd warskôge: Yt noait hwat op dat in tsjoenster dy jowt, hwant dat foroaret yn in pod. Tsjoensters hienen popkes, dêr pripken se mei spjelden yn. Wy setten as bern wol in krús op 'e wei mei de klomp. De hiting wie dat de tsjoenster dêr net oerhinne komme koe.
nl.verhalenbank.20515
Guon dy't in wikseldaelder hienen wienen oan 'e duvel forkocht. Sa'n wikseldaelder gong noait oan ein, dy rekke net op. Hy groeide altyd fansels wer oan. As sokken dea gongen, wienen se foar de duvel.
nl.verhalenbank.25486
5.17. Tovenaar doet reuzesprong en doet een haan een boombalk dragen Op de kermis sting er ook zo ene. En bij de wagenmaker laag er ne groten boom veur de deur. En die vent sprong over dien boom En dien aai nen haan en die droeg nen hooiboom van vier, vijf meter lang, de straat over.
nl.verhalenbank.44454
Stammerige Harm koe ek tsjoene, mar dy hie 't meast op it fé forsjoen. Dy moest men noait by it fé litte. Hy hie in wikseldaelder fan 'e duvel. Dy hied er altyd by him yn 'e bûs. Hy wie frijmetseler. Frijmetselers ha altyd in wikseldaelder. Dy ha ek altyd jild. Mar ien kear draeit de duvel har de nekke om. Om de sawn jier mat der ien dea, krekt as by de...
nl.verhalenbank.30505
Dy't mei de helm geboaren wie, wie kûgelfrij. Ek deselden dy't sa'n helm yn bisit hienen, wienen kûgelfrij. De froedfrou wie altyd och sa hyt op sa'n helm. Dy knoffele se meast achterút.
nl.verhalenbank.20516
I. De duivel 4. Wordt van hem verteld, dat hij, evenals de nachtmerrie de mensen berijdt of dat hij bepaalde mensen (b.v. de vloekers) achtervolgt? Hij zit vooral de vrome mensen achterna, de goddeloze heeft hij al.
nl.verhalenbank.127033
35