Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
31 datasets found
Dutch Keywords: begrafenis Place of Narration: Harkema
Alde Willem Bos fan 'e Harkema wie mei de helm geboaren. Dy moest altyd alles sjen. Nachts moest hy der út. Dan bleau er op 't eigen hiem stean. Dêr seach er de bigraffenis passearen. Hy hat de bigraffenis fan myn mem sa ek fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.25778
Hjir yn 'e Harkema wennen froeger guon dy koenen altyd krekt fantofoaren fortelle as der wer ien stjerre soe. Dy seagen de bigraffenis al fan tofoaren. Sokken wienen mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.29342
Op in nacht moest ik der noch even ôf. Ik gong nei 't húske ta, dat stie yn 't hok. Wylst ik dêr siet, seach ik trije mannen oankommen, alhiel yn 't swart, mei slipjassen oan en in hege hoed op. Ik strûpte de broek gau omheech. Sy gongen kantroerend by my lâns, op noch gjin meter distânsje. Sy rounen njonken elkoar. Ik sei: "Goeije." Mar sy seinen neat...
nl.verhalenbank.33285
Ik wie yn in barak. It wie let. Ik seach troch 't finster, doe woarde ik in keppeltsje folk gewaer. 't Wie in bigangel. 't Wie bigraffenisfolk, mar der wie net in lyk by. Hja gongen nei 't âlde tsjerkhôf fan Hamsterheide. Dy nachts is âlde Gradus forstoarn. Doe't dy biierdige woarde wie de sitewaesje krekt sa.
nl.verhalenbank.17469
Oardel jier en in wike neidat ús Gees geboaren is, soenen wy nei ús wurk ta. Doe't wy fuort gongen, sei ús mem: "Nou is 't myn tiid ek." Deselde deis stoar se. De nachts fan tofoaren hie se in lyts dea popke krigen. Sy woarde mei 't bern bigroeven, togearre yn ien kiste. Der kom in wite pakdoek oerhoeks oer de kiste to lizzen. Sa stie dy op 'e boerewein....
nl.verhalenbank.27419
Us heit hat as feint us nei Ljouwerter merke ta west, en dear hat er foar de swarte spegel stien. Allerearst seach er in faem, dy hie roetswart hier. Dat is letter syn wiif woarn. Doe seach er in greate kiste. Dat wie syn eigen deakiste. Doe seach er trije bernekisten achter elkoar. Dat is ek útkom, heit en mem ha de earste trije bern forlern. En doe...
nl.verhalenbank.15632
Froeger waerden de forstoarnen út 'e Harkema nei Surhuzum ta op 't hôf brocht. De lykstaesje gong in reed del, dy't njonken in paed wie. Dat wie it Langpaed. Op in nacht hie in neef fan my nei de froulju west yn Surhuzum. Hy wie op 'e weromreis nei Harkema. Hy roan op 'e reed. Doe woarde er samar op it paed set. Hy gong wer nei de reed. Mar wer waerd er...
nl.verhalenbank.17386
Ik slepte as jonge by myn âlde beppe. Har âld man wie stoarn. Doe sei se op in kear tsjin my: "Sjoch, dêr rint in geitsje oer de flier mei in lang ketting om." Ik lei al op bêd. Ik sei: "Ik sjoch neat, beppe." "Hearst it ketting dan ek net?" sei beppe. "Né", sei 'k. "Sjoch dan," sei se, "dêr rint it hinne." Doe sei se: "Ik ha in lykstaesje sjoen yn 't...
nl.verhalenbank.19546
Ruerde Saek helle saterdeijouns altyd boadskippen op yn in âlde sek. Dy boadskippen forkocht se dan wer. Sy wenne yn 'e Smoarhoeke. Op in kear doe hie se wer boadskippen kocht. Doe't se op 'e Fûgelkamp wie, bleau se stean. 't Wie tichte by de keet fan Albert en Tet. Doe seach se in lykstaesje. De minsken dy't achter it lyk oanroannen, koe se wol. Krekt yn...
nl.verhalenbank.22304
Op in kear roannen der trije man njonken elkoar op 'e wei by 't Bomkleaster. Doe waerd de middelste ynienen samar optild en oan kant set. Der kaem in lykstaesje lâns, dy't se gjin fan trijen seagen.
nl.verhalenbank.17549
Gerke van der Veen fan 'e Harkema soe nei Droegeham ta. Underweis seach er oan in âlde sânwei by in lyts arbeidershúske oerside. Doe seach er dêr in kistje stean op 'e strjitte. Letter forlearen de minsken, dy't dêr wennen, in bern. Doe kaem dat kistje dêr to stean, dat hy fantofoaren al sjoen hie.
nl.verhalenbank.17548
Us mem hat us hwat bileefd mei in lykstaesje. Sy roan op in joun allinne midden op it paed. Sy wenne doe by de Nije Wei. Dêr is 't ek gebeurd. Sy wie boven oer de lykwein hinne stapt en der achter wer by del tûmele.
nl.verhalenbank.22292
Us mem soe us in kear op bisite nei âlde Jantsje-muoi ta. Dy wenne yn 'e Stûken yn 'e Harkema. Underweis seach se in hiel great swart rad. Dat gong har foarby en wylst wie se oer side skoud woarn en der kommen allegear stille gedaenten achteroan. Hja hie fuort yn 'e gaten dat dit in lykstaesje wie, mar dat greate swarte rad koe se net to plak krije. Hwant...
nl.verhalenbank.26222
Freark van der Veen wie us in kear op in joun let yn 'e Fûgelkamp. Doe seach er dêr in lykstaesje foarby kommen. 't Wie oan 'e âlde Boskreed. De regenkleden fan 'e froulju hearde er wapperjen. Hy woarde sa binaud, dat hy die de hannen foar de egen. 't Wie tjirmerije.
nl.verhalenbank.17564
Teake Postma wie mei de helm geboaren. Dy moest alles sjen. Nachts gong hy der ôf en dan seach er lykstaesjes. Hy hat de hiele bigraffenis sjoen fan Lefferts Willemke yn 'e Bosk (yn 'e Harkema). Fan to foaren hat er de hiele bigraffenis útskildere. Der roan in wyt hynder foar de boerewein. Hy fortelde hwa't de foargong hie, hoefolle man der achteroan...
nl.verhalenbank.15895
Doe't heit stoarn wie en mem weromkom fan 'e bigraffenis hat se dúdlik heard: "Het zwaard zal van uw huis niet wijken." Dearnei binne der trije bern stoarn.
nl.verhalenbank.15670
Myn neef Willem Peule (= W. Nicolai) biweart, dat er us op in nacht in lykstaesje sjoen hat. Hy soe nei syn heit en mem (Sjoerd en Gees). Mar hy doarst der net hinne.
nl.verhalenbank.22222
Hjir op 'e buert hat in man wenne, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest altyd bigraffenissen fan tofoaren sjen. Dat gebeurde faek by nacht. Hy hat it wol forteld. Dan lei er op bêd, dan woe er wol lizzen bliuwe, mar dat wie in ûnmooglike saek.'t Wie in geheime driuw. Hy mòest der út en sjen. Hie er 't sjoen dan koe er wer nei hûs ta gean. Hy wist altyd...
nl.verhalenbank.34520
In selde gefal gebeurde hjir ek oan 'e Wopke-loane, hjir fuort by, oan 'e oare kant Fokke Pander. Der seach in man in lykstaesje. 't Wie by nacht. De bigraffenis moest noch gebeure. It hienen allegearre hiele lytse minsken west. De man hie midden op 'e reed roan. Hy hie dêr nei sjoen. Doe woarde er samar pakt troch in ûnsichtbere hân en yn 'e sleat set....
nl.verhalenbank.34518
Oebele Wagenaar hat njonken ús wenne. Syn earste frou forstoar yn novimber 1918 oan 'e Spaense gryp. Hy fortelde ús: "Ik ha de hiele bigraffenis mei alles hwat der achter roan klear fan tofoaren sjoen. It folk kom by my út 'e hûs wei."
nl.verhalenbank.21129
35