Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
't Folk wie hjir froeger bang foar de kweamendeis.
De beesten woarden op mendei noait útlitten.
As Petrus Benedictus op mendei sichtsje soe, dan sichte er earst op saterdei in lyts hoekje. Dan wie 't oan 'e gong.
De ham fan 't hynder hongen de boeren hjir altyd heech yn 'e beam, dan soe de fôlle de kop heech hâlde, mienden se.
nl.verhalenbank.20978
Myn broer hat ûnder tsjinst west yn Brabân, û.m. yn Vught. As dêr by nacht in swarte kat by de wei siet, doarsten se dêr net nei to skoppen, hwant dan kommen der mear. Dan nommen se wraek.
nl.verhalenbank.33733
By Foanejacht lei in aekje, dêr wenne in fisker yn mei syn dochter. Op in joun hie se to boadskipjen west nei it doarp. Hja kaem werom. 't Wie mistich waer. Hja wie yn in boatsje. Doe't se al tichte by Foanejacht wie, seach se in skime. Fan kjellens stuts se de kloet troch de rok hinne, en doe woarde se fêsthouden. Hja tocht dat it de Lange Sleattemerman...
nl.verhalenbank.27745
Op 'e Sanden yn Grinzer Pein wenne in man dy wie tige rûch yn 'e mûle: Durk Wonderman hiet er. Dy sei, hy wie foar gjin duvel bang.
Op in kear, doe hied er to jounpraten west. Doe't er op 'e weromreis wie nei hûs ta fornom er dat der hwat achter him oan kom. Dat siet him op 'e hielen. 't Wie him tsjin 'e hakken oan.
Hy woarde deabinaud. Doe't er omseach...
nl.verhalenbank.27487
De hûskes stienen froeger bûtendoar. 't Wienen trijehoeken.
Twa famkes sieten op in joun yn Houtigehage op it hûske.
Doe kaem de heit der oan en dy sei: "Ik ha wolris twa famkes op it hûske sitten sjoen, mar noch noait trije."
Doe waerden dy famkes sa bang, dat sy fleagen yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.37465
Der wienen ris twa jongfeinten, dy woenen ris ien bangmeitsje. Hja wisten, dat er de jouns by de tsjerke lâns moest en doe dienen se even fan tofoaren elk in wyt lekken om en doe gong de iene by de oare op 't skouder stean, tsjin 'e muorre fan 'e tsjerke oan.
Mar de man dy't dêr oan kom wie net bang. Hy roan op 'e beiden ta en hy bleau der foar stean en...
nl.verhalenbank.34454
Yn it hûske fan Sytse Bates woenen de bloedplakken nei de moart noait fordwine, seinen se altyd. De lju makken in rymke:
Sytse Bates dy is gemien,
dy hat syn dochter de hals útsnien.
En doe wied er sa binaud,
doe hat er himsels de kop ôfhoud.
nl.verhalenbank.20974
Atse Kûper fan Eastemar gong der froeger op út to stellen en to roven. Hy stiel fé en dat slachte er dan. It fleis forkocht er. De fellen en it ôffal bidobbe er yn 'e groun yn potten. Dat die er yn 'e stâl. Dêr stie in hiele lulke kedde, dêr doarst net ien by komme.
nl.verhalenbank.27759
Alde Taeke van der Meer fan Houtigehage wie tige sterk.
Der wienen ris seis man - allegear fan 'e Houtigehage - mei de spoarlijn oan 't wurk fan Zoutkamp nei Winsum ta.
Sa't ik sei, Taeke wie o sa sterk, mar sa't dat mei sterke lju wol mear it gefal is, hy wie hwat oan 'e trage kant.
De útfoerder wie gleon-hastich en skelde oeral op om.
Op in kear doe wie...
nl.verhalenbank.32962