Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Jelle wie troud mei Sanne. Ik ha se beide goed kend. Jelle wie in hiele raren-ien. Hy flokte om 't oare wurd. Hy wenne by in boer by Dokkum.
Op in kear, doe't er op wei wie nei hûs ta, kamen der twa ingels op him ta, hiel moai yn 'e klean mei stjerkes op 'e stof en de wjokken dy hâldden se foarút. Sy gongen flak foar Jelle stean, doe gongen se even in...
nl.verhalenbank.19719
It Bucheltsjehout doarsten se by jountiid en by nacht ek net lâns. Dêr spûke it ek.
nl.verhalenbank.32202
Op 'e Tike wennen Kei en Antsje. Antsje hie in buchel en wie skroar. Der wie in rymke fan:
Antsje skroar
dy naeit foar in oar,
mar net foar my,
hwant hja rint altyd myn hûs foarby.
Op in saterdei-joun kom Kei fan 'e boer. It wie tsjuster en hy hearde in stim fan omheech, dy't sei: "Ga je ook naar de kerk?"
"Né", antwurde Kei.
Doe foel der in healbrea foar...
nl.verhalenbank.19787
Der wie in faem dy hie alris tsien ynbrekkers de holle ôfhoud. De alfte ûntkaem har. Sy rekke krekt syn plasse, dat dy wied er kwyt.
Nei forrin fan tiid frege deselde sûnder plasse de faem as se mei ride woe. 't Wie op in joun. De moanne skynde helder. Hy hie in hoed op, dat de faem seach net, hwa't it wie. Dat hja gong mei en dêr rieden se togearre...
nl.verhalenbank.19778
Heit gong nei de fabryk to Feanwâlden ta to stampen yn 't sûkerijfabryk. Syn murdehoun naem er altyd mei. Op in moarn bitiid brocht de houn him twa murden, dat wie op in sydpaedtsje. Doe kaem heit wer op 'e wei, doe tocht er: "Hwat is dit?" De houn doarst der net troch. Der wie hwat swarts, mar hwat it krekt wie, koe heit net sjen. Even letter wie 't fuort.
nl.verhalenbank.30857
Wybren Wartena syn heit wenne yn Garyp. Dy wie foar de twadde kear troud. Hy hie buorkerije en in herberch. Doe't syn earste frou stoar biloofde hy har, hy soe noait wer trouwe.
Mar hy die it al. Sy koenen it skoan rêdde en sy gongen der togearre wolris mei de tilbry op út. As se dan thúskamen gongen de skûrredoarren fansels iepen. Dat wie it wurk fan syn...
nl.verhalenbank.19786
Rein Wiarda to Eastemar wie bang foar de duvel. Dêrom lei er altyd thús yn 'e hjouwer. Dat wie hillich. En op 'e bêdsplanken hied er krusen. Dan wied er feilich.
nl.verhalenbank.19835
To Wâlterswâld roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Der wienen de minsken froeger bang foar.
nl.verhalenbank.30860
Antsje mei 't tsjil hâldde yn 'e rogge ta. Dêr waerden de bern bang mei makke.
nl.verhalenbank.30861
Gjert en Antsje wennen op 'e Tike. Gjert wie oan 'e duvel forkocht en leide in raer leven. Antsje hie 't o sa min by him.
Op in moarntiid siet der in fûgel yn 'e beam en dy sei tsjin Gjert: "Goede morgen."
"Morgen," sei Gjert.
"Gaat u wel naar de kerk?" frege dy fûgel. "Né", sei Gjert. Hy waerd bang en makke gau dat er fuort kaem.
nl.verhalenbank.19773
Hinse Jehannes, de duvelbander fan 't Swartfean, mocht graech in slokje. Op in kear hied er op Nijtap oanstutsen. Hy rekke smoardronken.
"Dit wurdt al hwat, Hinse", sei de kastlein.
Hinse sei: "Der mat ien mei my, dy kriget tsien goune." Dat gong oan. De feint moest mei. Mar dy wie tige bang en skruten foar Hinse.
Doe't se by 't Peinder tsjerkhôf kommen,...
nl.verhalenbank.20554
Op 'e Tike wennen Bouwe en Jits. Har soan Sibe gong elke dei nei Hilke en Baeije ta to arbeidzjen.
Op in kear doe kom er thús en doe sei syn suster Bouk: "Ik bin sa binaud, it knapt hjir sa hyltyd yn 'e hûs en dêr is neat to sjen."
"Ynbeeldings", sei Bouwe.
Doe't er in wike letter wer thúskaem fan it wurk om deselde tiid stie de klompkachel oer de flier...
nl.verhalenbank.19712
Op in kear kaem ús pake fan 'e froulju. 't Wie al in moai eintsje yn 'e moarn op. Doe kom der him in frommes tomjitte, dat wie roetswart om 't gesicht. Pake wie sa binaud, dat de skonken trillen him ûnder 't gat. It frommes gong ta 't hek fan 'e tsjerke yn to Sumar. Pake sette har achternei, al hoe binaud er ek wie. Mar sy wie wei as wie se yn 'e groun...
nl.verhalenbank.19714
De Skilige Piip is achter Feanwâlden, oan diz kant de Boppewei. Dêr siet in kiste mei jild yn 'e groun, dêr koenen se noait by komme. In fuorman fan Feanwâlden dy gong dêr ris mei in pear maten hinne yn 'e nacht. Doe bigounen dy maten dêr to graven. Hja stompten mei de lodde op hwat. Dat wie de kiste. Mar dy sakke djipper ta de groun yn, doe't se him...
nl.verhalenbank.30422