Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
30 datasets found
Dutch Keywords: bang Place of Narration: Houtigehage
Sytse Jager fan 'e Harkema wie in neef fan my. Hy fortelde us in kear: "Ik soe nei hûs, Jille, en dat die 'k en doe't ik omtrint thús wie, doe woarde ik oer de sleat smiten. Ik klaude oerein en gong wer nei de oare kant ta. Mar dêr wie 'k noch mar krekt of doe woarde ik wer oer de sleat smiten. En oe, Jille - jong, ik hie it bloed yn 'e skuon sitten.
nl.verhalenbank.23823
Taeke wenne yn in âld keetsje oan 'e Houtigehaechster wyk. Hy wie ôfgryslike sterk. Doe't er krekt troud wie mei Gees moest er fuort oan 't arbeidzjen. De baes sei: "Dû mast spoarbyls sjouwe. 't Is swier spoar. Jimme matte dat mei jimme seizen drage." Taeke wie net sa hastich, hy knoeide hwat om. Doe woarde de baes hwat nidich op him omt er dy fiif man...
nl.verhalenbank.23986
'k Haw arbeide oan 'e Ofslútdyk. Yn 'e keet kommen wolris fiskers by ús. Dy fortelden soms oer mearminnen. Dy koenen moai sjonge. Soms kommen se boven wetter. Mar sy wienen der bang foar, hwant as se it skip rekken, koe men der mar fan op oan dat it skip sonk. "Wy doarsten net to kommen op it plak, dêr't wy se hearden," sei ien fan dy fiskers, "wy wienen...
nl.verhalenbank.24233
In jier of hwat lyn is in sekere Piter Claus - in soan fan Jehannes Claus by it baeijen yn it Fliet fordronken. It Fliet dat is in poeltsje yn 'e Harkema, net sa fier fan 'e Betonwei ôf. Hindrik Jager - de soan fan Sytse Jager - fortelde my letter: dy man is net gewoan forsûpt. Der sit in monster yn it Fliet. Dat monster hat him forsûpt. Dat mûnster hat...
nl.verhalenbank.23825
Myn heit syn heit, dat wie greate Anders. Dat wie in keardel as in reus. Hy wie omtrint in heale meter greater as gewoan. En sterk! Mar hy wie sa bang, dat hy is wol dwars troch de wyk hinne gong nei hûs ta. Hy hie in lyts bihindich wyfke, Aeltsje, dêr wied er ek stjerrend-binaud foar. Hy dolde in weinfol jirappels, en as de kedde 't net lûke koe, dan...
nl.verhalenbank.24232
Alde Hindrik Mulder wie kloklieder yn 'e Rottefalle. Dy woenen se us in kear bangmeitsje. Twa gongen op in joun nei 't tsjerkhôf ta en dêr gong de iene op 'e oare syn skouder stean, tsjin 'e tsjerkemuorre oan. Doe't Hindrik Mulder dat seach, sei er: "Sjonge, ik ha wol ris twa op elkoar sjoen, mar dêr noch noait in trêdden boven op." Doe wie de ûnderste sa...
nl.verhalenbank.23738
Sake Booi wenne njonken Thomas en Klare (dat wienen de âlders fan Boardzer). Sake wie al in pear jier overleden doe kaem Thomas op in joun by ús heit yn 'e hûs stouwen. "O Jan, Jan," rôp er, "Sake stiet yn 'e daem, Sake stiet yn 'e daem!" Hy wie deabinaud en trille as in blêd oan 'e beam.
nl.verhalenbank.31116
Us pake yn Eastemar makke ús froeger bang as wy der jouns noch út gongen. Dan sei er: "Tink der om, gean net to fier fan hûs. Hwant op 'e Swarte Wei rint in fôlle mei in brijpot." Der hong in sleef yn dy brijpot, wie 't sizzen altyd.
nl.verhalenbank.33099
Wibe Hut (= Alma A.A.J.) fan 'e Harkema siet us in kear yn 'e kroech. "Ik bin foar gjin duvel bang", hied er sein. Mar doe't er út 'e kroech kom, smiet de duvel him yn 'e feart.
nl.verhalenbank.25604
Us heit Jan Pultrum en myn omke Klaas Weening fan 'e Harkema wienen us in kear by de Bearnedaem op 'e Trije Roede. Dêr spoeke it altyd. Sy wienen mei in foer hea oan 't laden. Doe sei heit tsjin Klaes-om: "Mast dêr us sjen." Doe kom dêr in frouljusholle ta de groun út. En doe woarde dat in hiel frommes. Sy naeiden allebeide hurd út. Doe't se in skoft...
nl.verhalenbank.23728
35