Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Alde Roel fan 'e Harkema sei, hy hie in fordekte wein sjoen sûnder hynders der foar en 't gong hurd, hurd, hurd. Letter kommen de auto's.
nl.verhalenbank.23527
Letter hat er wer us hwat sjoen, doe kom er ek by my wei. Dat wie noait liker as wie 't in auto of in rydtúch of sa. 't Wie heger as in gewoane wein en 't stie by harren thús foar de doar. Letter ha se syn heit (healwize Gradus) nei Wagenborgen ta brocht. Doe kom der echt in auto foar de doar. Dat hat it grif west.
nl.verhalenbank.15877
Wylde lantearnen woarden hjir yn 'e Harkema faek sjoen. Dat wienen de foarboaden fan 'e lettere fytsen en auto's, wurdt der gauris sein.
nl.verhalenbank.34515
Wy seagen froeger wol gauris wylde lantearnen. Dy ljochten tsjutten op 'e lettere auto- en fytsljochten.
nl.verhalenbank.25768
Jierren lyn gebeurde it dat ús heit en dy, as se jouns op bêd leinen, altyd hwat hearden dat se net thús bringe koenen.
It hie in soad fan motorgeronk, mar sy koenen har net bigripe dat it dat wêze koe, hwant der wienen dêr gjin moters.
Alle jounen wie dat lûd der wer.
Doe kochten myn broer en ik elk in frachtauto. Wy kommen der op in joun mei delsetten....
nl.verhalenbank.33032
Alde Tsjerke Iebel seach de dingen foarút. Sy sei: "Dêr ride weinen sûnder hynders der foar en der boldert fan alles yn 'e loft om en dat fljocht krekt as de fûgels. Dat ha de auto's en de fleantugen west.
nl.verhalenbank.20666
Wy ha froeger faek wylde lantearnen sjoen. Dat wienen ljochtsjes bûtendoar. "Sjoch, mem, in wylde lantearne", seinen wy dan. Dy wylde lantearnen, dat wie de tjirmerije fan de fytsen en autoën.
nl.verhalenbank.17550
Alde Wierd Kooistra syn soan Rinse hat Rapke timmerman (Wijma) formoarde. In maend foardat dat gebeurde hat Wierd syn wiif hwat sjoen. Doe kom der in wein oan sûnder hynders der foar.
't Hat sahwat yn 1912 west. Dy wein treau har en har nichtsje Pôpe Jantsje hast yn 'e hage. Mar der wie yn werklikheit neat.
Fjouwer wiken neitiid hâldde dêr in auto stil...
nl.verhalenbank.21223
Roel Nicolai (Mekke Roel) sei us op in kear:
"Nou sil 'k jim hwat fortelle! 'k Ha in fordekte wein sjoen sûnder hynder der foar en dy ried - !"
Letter wienen de auto's der.
nl.verhalenbank.22282
Alde minsken sizze: De wylde lantearnen, dy't wy froeger sjoen ha, dat wienen de fytslampen en de autoljochten fan lettere tiid.
Yn 'e buert fan 't Blauhûs sweefde faek in wylde lantearne. Froeger wie de wei fan 't Blauhûs nei Boelensloane in sânpaed. Dat is letter in hurde wei woarn. Dêr kinne se nou fytse en autoride. Dy lantearne hat dat doe al oanjown.
nl.verhalenbank.25517
Ik kom us mei 't wiif op in joun fan Surhústerfean. Wy hienen dêr hinne west to praten. 't Wie yn 't bigjin fan ús trouwen. Doe't wy sahwat healwei de feart wienen seagen wy beide in ljocht. 't Wie nochal ticht by de groun en 't gong om in húske hinne. 't Gong hiel hurd, wy bleauwen allebeide kjel stean. Doe gong it by de wâl lâns en doe kom it werom. 't...
nl.verhalenbank.17376
Ek in kear, dat wie yn dyselde snuorje en ek yn 'e Ham, doe fleach der us hwat troch de loft en dat brânde.
Doe sei beppe: "Der fljogge aenst auto's troch de loft. Tink us om myn sizzen." Dat ha de lettere flychmesines west.
nl.verhalenbank.23945
Oebele Wagenaar wie feint by Albert Land yn 'e Harkema. Letter wenne er op 't Wytfean en wie 't de greatste útdrager fan Fryslân.
Oebele sei, doe't er noch by Albert Land wie: "Hjir komt in spoar- of tramlijn, hwant ik hear it alle nachten wol."
Letter is de betonwei der kom, mei alle auto's en frachtauto's, in drok forkear. Mar gjin trein of tram.
Dy...
nl.verhalenbank.28697