Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
19 datasets found
Dutch Keywords: angst Place of Narration: Eastermar
Albert Alma (de man fan Tet) wie in raren-ien. Hy wenne yn 'e Harkema. Op in joun siet er yn 'e kroech by Japik Laverman op 't Jachtfjild. Hy sûpte en flokte en swetste en hy liet him ûntfalle: Ik bin fan gjin duvel bang. Doe't er let yn 'e joun de kroech forliet woardde er ûnderweis op 'e Skeankamp, dêr't nou bakker de Boer wennet, samar oer de dyk hinne...
nl.verhalenbank.12272
Sjouke Beima wenne froeger yn 'e Harkema, letter yn Eastemar. Doe't er noch yn 'e Harkema wenne gong er ris op in joun nei hûs ta. Hy moest in stikje lân troch. Doe stie dêr in swart hynder by de hekke. Dat hynder roan him nei mei de kop oer syn skouder hinne. Sa roan it mei him it hiele lân troch. En der hie noch noait in hynder yn dat stik lân roan en...
nl.verhalenbank.37609
Op 'e Burgumer Nijstêd wenne in feint by in boer. Dy feint seach op in nacht in deakiste oer de flier stean. Hy hiet fan Jan. Hy miende dat er droomde. Hy frege: "Och heden, hwa mat dêr yn?" Deselde dy't yn 'e kiste [lei] sei: "Jan." Doe gong Jan fan 't bêd ôf en hy nom de skjirre en hy knipte deselde dy't yn 'e kiste lei in stik út it hier. De oare...
nl.verhalenbank.21807
Der wie us in selskip by inoar, dat wie frijhwat roerich en oerdwealsk. Sy flokten en tjirgen har en it wie allegear raer. Doe kom der in swarte man yn mei in hege hoed op. It wie de duvel. Sy woarden allegear deabinaud en ien fan harren sei: "Lit ús psalmsjonge." Sy dienen it en de duvel makke gau dat er fuort kaem.
nl.verhalenbank.20066
Op in kear kom heit yn 'e hûs. Hy wie sa bleek as in doek en alhiel fan 'e wize. Hy sei: "Nou krije wy in rare tiid. Der stiet in ierappel oan 'e loft mei in foarke der yn!" Hy seach deabinaud. Fuort dêrnei krigen wy de oarloch fan '40 op '45.
nl.verhalenbank.28374
Op 't Heechsân to Eastemar oan 'e ein fan 'e Parsingel stie in buorkerij. Dêr tsjinne in faem. Dy kom fan 'e Harkema. Dy faem seach dêr algeduerigen by in stikelbosk in lyts neaken berntsje, dat wei woarde yn 'e groun. Dy faem woarde op 't lêst sa binaud, dat sy woe dêr net langer by dy minsken bliuwe en sy gong wer nei Harkema ta nei har âlden. Mar doe...
nl.verhalenbank.17027
To Eastemar lei in faem op it lân to jirpelsykjen. Hja hie lêst fan pine yn 'e mûle. Doe joech in biis har de rie, hja moest nei it tsjerkhôf tagean en in rustige spiker opsykje en dy oan 'e kies hâlde, dan bikom de pine yn 'e mûle. Hja die dat. De jouns doe't de faem al op bêd lei, kloppe der ien by har op it glês en dy rôp al mar: "Myn spiker! Myn...
nl.verhalenbank.21740
Doe't Sjoerd Kooij fan Jistrum noch in feint wie, reizge er mei in kammeraet (èk fan Jistrum) nei Garyp nei de froulju ta. Sy hienen dêr elk in faem to wenjen, mar dy fan Sjoerd Kooij wenne hwat fierder. Sjoerd Kooij wie froeger in los man. It koe him net folle skele hwat er sei en hwat er die. Op in kear doe gongen se wer nei de faem. Sjoerd sei tsjin...
nl.verhalenbank.29309
Alde Hinse Jehannes de Boer fan 't Swartfean krige us op in nacht selskip fan in pear man doe't er ûnderweis wie. Hy tocht: "Dy wolle my birove." "Ik mat earst efkes mei de âlde ôfrekkenje", sei er. Wylst draeide er mei de hakke in kûle yn 'e groun en lei dêr twa ryksdaelders yn. De twa naeiden út, sa hurd as se koenen.
nl.verhalenbank.20473
Oan 'e Parsingel to Eastemar hinge froeger in wite gedaente oer de homeije hinne. Guon wienen dêr tige bang foar. (Mar der waerd wol biweard dat dat ien fan 'e jonkers van Sminia west hie, dy't dat die, om 'e minsken bang to meitsjen)
nl.verhalenbank.21960
Myn frou har omke Gjert v.d. Heide wie op in moandei-to-moarn ier fan 'e faem thús kom. Hy wie alhiel fan 'e wize. Hy sei, der wie him in lykstaesje foarby gong. Doe wied er sa binaud woarn, dat hy hie sa hurd roan, de soallen hienen ûnder 'e skuon wei west. 't Wie op 'e Trije Roede gebeurd (Boelensloane).
nl.verhalenbank.22266
Us heit hat boerefeint west by Piter Ates Oosterhof op it Wytfean. Op in kear, doe hienen se dêr in deade koe. Doe warskôgen se Edzer Landbouwer, dy wenne op Skûlenburch yn 't húske dêr't letter Anders en Hil wenne ha. Edzer wie in kringeslachter. Edzer dy kom by Piter Ates en nom dy koe mei op 'e wein. Heit wie der ek by. 't Wie yn 'e nacht. Sy rieden...
nl.verhalenbank.29317
Skippers to Grou seagen op in stik iis flak by Grou us in kear in freeslike ramp. In hiele smite minsken sakken der troch en fordronken. ('t Is noait gebeurd) Letter doarsten se dêr noait wer to riden. Mar dêr is oant nou ta noch noait in ûngelok gebeurd.
nl.verhalenbank.21837
To Eastemar by de âld toer spoeke in dikke, swarte houn om. Der wienen minsken, dy hienen him wol sjoen. Yn 'e sechstiger jierren fan 'e foarige ieu wenne der op Skûlenburch in man, dy hie dêr in oaljeslagerij. Dy man hie forkearing mei in widdou to Eastemar. Mar hy doarst net to reizgjen by nacht. Hwant by de âld toer, dêr't [er] foarby moest, dêr spoeke...
nl.verhalenbank.15760
Der wie ris in doomny dy wenne mei syn húshâldster yn in doarp. De pasterije stie hwat achterôf. Op in joun kom dêr in man by de doar, dy frege of er dêr dy nachts ek sliepe koe. En hy woe ek graech hwat to iten ha. De doomny wie in guodlik man. De fremde man mocht der yn komme en der woarde him iten en drinken foarset. Dat smakke him lekker. Hja praetten...
nl.verhalenbank.36033
Der wie in minske, dat seach alle nachten in lykstaesje. 't Wie ien fan sa'n sawntjin jier dy't yn 'e kiste lei. Sy woe der net langer wenjen bliuwe en sy forhuzen nei in oar plak. Doe kommen der oare minsken yn it hûs. Dy lju hienen in jonge fan sawntsjin. Dy jonge rekke siik en in healjier letter stoar hy. Dat hie de foarige biwenster sjoen.
nl.verhalenbank.20069
Age Bergsma wie to praten by in sekere Evert to Sumarreheide. Dy man wenne dêr hwat iensum, in ein achterút. Age sei it raer op en hie oeral de gek mei. Hy spotte der mar op los en sei: "Ik bin nergens bang foar, èk net foar de duvel." Doe't er de jouns dêr wei gong, roan er de houtsjepaden del. Doe wie der ien njonken him kom, dy seach him hyltyd skeef...
nl.verhalenbank.36030
Wy leinen mei 't skip yn Petersburch by Donkerbroek, om jirpels to laden foar 't jirpelfabryk yn Huzum. Op in moarn sei myn suster: "O, hwat haw ik fannacht in rare droom hawn!" "Hoe dat sa?" seinen wy. Wy seagen wol dat se hwat fan 'e wize wie. "Ik ha droomd," sei se, "dat Jehannes Boom wie dea. Ik seach foar myn egen dat er stoar. It wie allegear sa...
nl.verhalenbank.36694
De moedige dienstmeid van Oostermeer. Het dorp Oostermeer in Tietjerksteradeel heeft evenals honderden andere dorpen een kerk en toren. Maar deze staat niet midden in het dorp, iets wat anders volgens een friesch spreekwoord een noodzakelijk vereischte is. Te Oostermeer staan kerk en toren op eenigen afstand buiten het dorp, geheel alleen tusschen het...
nl.verhalenbank.57762
35