Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
67 datasets found
Dutch Keywords: angst Place of Narration: Boelenslaan
Doe't de oarloch fan 1914 op '18 útbruts hie Boardzer Bruining in fisioen. Hy stie boven op 'e skerne en rôp: "Ik sjoch allegearre bloed! 't Wurdt in sé fan bloed! Alles giet dea!" Hy hie de froulju út 'e Boelensloane deabinaud, hwaens manlju opkomme moesten
nl.verhalenbank.17671
Der stie ergens in kastiel, dêr koe noait ien ynkomme. Der moest in protte jild yn sitte. Der wienen trije fearten om dat kastiel hinne. Oer elke feart lei in houtsje. Dêr moesten se oerhinne om yn dat kastiel to kommen. Mar dat doarst net ien, hwant op elk fan dy houtsjes siet in raer ding. Doe wie der ris in feint, dy sei: "Ik weagje it." Hy nom in peal...
nl.verhalenbank.17739
Myn neef Wessel wenne yn it Wyldfjild. Hy fortelde my: Ik gong altyd in bulte to streupen. As ik nachts thús kom, wienen 't by ús allegearre katten om 'e doar. Baeije, myn wiif wie altyd siik. Dy tsjirme. As ik dan nachts dy katten allegear seach, koe 'k it net litte en sjit der op. "Skeatstû noch?" sei Baeije dan. "Ja," sei 'k, "ik woe de patroanen út it...
nl.verhalenbank.24697
Heit fortelde: Wibe Alma kom in kear út 'e kroech. Hy hie to folle hawn en forwinske alles. Foar de duvel wied er net bang, hied er sein. Ynienen wie der hwat njonken him lâns gong. 't Wie in persoan. Dy reizge mei him oan hûs ta. Wibe hie skoan yn 'e gaten dat it de kweade wie en hy tocht him sa binaud, dat it swit hie him ta alles út roun. Dy persoan...
nl.verhalenbank.28090
Myn broer kom ris op in nacht mei moai ljochtmoannewaer fan in feestlike forgadering fan 'e muzykforiening fan 'e Rottefalle. Wy wennen doe yn Drachtster Kompenije. It wie nei tolven. Hy wie op 'e fyts en hie de karbydlantearne oan. Hy gong in binnenpaedtsje del dat nei de Fjouwerroede tagong. 't Wie in smel paedtsje fan sahwat in meter breedte. De...
nl.verhalenbank.36053
Sy wienen froeger bang foar dikke swarte katten, hwant dat wienen yn de regel tsjoensters.
nl.verhalenbank.27604
Us mem fortelde, har heit kom ris in kear fan Doezum om sa werom nei Koarnherne (= Kornhorn) ta to gean, dêr't er wenne. By de Doezumer tsjerke gong er skean oer 't tsjerkhôf hinne. Dêr kom hwat neist him. 't Wie net ljocht mear, dat hy koe net goed sjen hwat it wie. It bleau hyltyd achter him, op 't lêst wied er thús. Doe hie der ien roppen. Hy seach,...
nl.verhalenbank.28325
35