Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn 'e Rottefalle wenne in man, dat wie in raren-ien. Op in kear wied er yn 't tsjuster dêr op 't tsjerkhôf en doe sei er: "As der dan in duvel is, dan woe 'k him wolris sjen."
Doe hie dêr in fanke op it graef fan har mem [stien]. Dat fanke sei: "Hjir bin ik Heare."
Doe wie dy man hurd útnaeid.
nl.verhalenbank.36187
As der eksters by de doar kommen wienen de minsken froeger bang. Hwant dat bitsjutte in deade.
nl.verhalenbank.21410
It is ek gebeurd, dat in frommes, dat in bern forwachte, tige kjel woarde fan in fisk, dy 't omheechsprong.
It bern krige letter allegear fiskskobben.
nl.verhalenbank.17405
't Gebeurde froeger faek dat bern bitsjoend wienen.
Dat koenen se witte oan 't kessen dêr't it bern mei de holle op lei. Sieten dêr krânsen yn, dan wie 't sa.
Meastal wie de tsjoenster in âld minske. By nacht wie 't in swarte kat. Dy kat koenen se noait deameitsje. 't Gebeurde wol dat se mei in stik ark nei sa'n kat smieten. Dan hie 't âld-minske de oare...
nl.verhalenbank.37771
Heit (Thomas Bruining) roan út Doezum wei nei de Smellinger Pein ta nei de faem. Op 'e weromreis by't Rottefalster tsjerkhôf wie hwat yn 'e homeije. Heit moèst der nei sjen. It like dan wer op in hynder, dan op in fôlle, dan op in aep. Hy koe 't net útmeitsje hwat it wie. Mar hy wie net bang en roan der hinne om to sjen. Doe't er him omkeare woe, koed er...
nl.verhalenbank.17648
Janne Durkje wenne oan 'e Spekloane. It wie in tsjoenster. 't Wie doe noch in sânpaed. Heit kom dêr freed-to-nachts altyd mei de hounekarre lâns, as er nei Ljouwert ta west hie.
As de hounen oan 'e dammen ta wienen dy't nei 't hûs ta gongen woenen se net mear lûke, dan hienen se 't binaud.
Dan moest heit de karre mei lûke. Wienen se 't hûs foarby, dan...
nl.verhalenbank.38697
Rinse de Wind flokte in hiele dei troch. Nachts wie er deabinaud. Hy is ris in kear fan 'e wei ôf smiten woarn. Sytse Jager wie ek sa binaud nachts. Dy doarst net by nacht allinne bûtendoar. It wie in minnen-ien, in ûnminske. Hy forwinske alles en flokte as in ketter. Hy is op in kear troch de duvel oer in dyk smiten woarn op it eintsje wei fan Rienk...
nl.verhalenbank.32225
Us heit hie us op in joun nei de faem ta west yn 'e Rottefalle. Hy wenne doe by de boer, ik leau hast fan yn Eastemar of sa. Doe't er yn 'e nacht by de faem wei gong en it tsjerkhôf yn 'e Rottefalle foarby soe, seach er dêr yn 'e homeije in beest stean, dat like in protte op in fôlle. Heit wie net bang en tochte: "ik wol better sjen hwat dat is", en hy...
nl.verhalenbank.17729
Heit syn heit dat wie greate Anders. Dat wie in keardel as in beam en hy wie sa sterk as in hynder. Hy wenne op 'e Boelensloane. Hy hie in wyfke, dat wie Aeltsje, in ding fan niks. Dêr wie er deabinaud foar. As se in bytsje ûngenoegen hienen, dan wie beppe lulk op him en mocht er net op bêd. Dan siet er op 'e plaet en song himsels yn 'e sliep.
As er oan...
nl.verhalenbank.24452
Wy hawwe yn 'e Strobosker Mieden wenne. Dêr wie in buorfrou, dy soe us in kear in ammerfol wetter út 'e sleat helje, doe seach se har eigen geest yn 'e sleat. Hja hat noait wer wetter út 'e sleat helje doarst.
nl.verhalenbank.23934
Us mem fortelde, dat har mem plichtte alle jounen yn 'e bibel to lêzen. Mar op in kear, doe't se der wèr yn lêsde, doe kom der in hiele greate swarte finger oan en dy sloech de blêdside tobek, dy't sy krekt lêzen hie. Dat gebeurde oan trije kear ta. Doe woarde ús beppe sa binaud, doe doarst se net fierder to lêzen. Sa bang wie se foar dy greate, swarte...
nl.verhalenbank.28336
Yn Surhuzum wenne in âld smid. De Boer skreau er him. Hy wie duvelbander.
Der wenne ek in âldfeint yn Surhuzum, dy hiet fan Jan.
Griet wie syn húshâldster.
Griet sei: "Jan, ik gean maeije by dy wei."
"Soa," sei Jan.
"Jan," sei se, "ik gean nou by dy wei."
"Goed," sei Jan.
't Wie Griet der om to rêdden Jan to krijen, mar Jan nom in oare hûshâldster. Dat...
nl.verhalenbank.21716
Hjir wennet in âld-feint oan 'e Spekloane. Dat is greate Miente (Taekema). Dy hat us in kear foar de swarte spegel stien. Doe krige er in deakiste to sjen. Doe hat er letter noait trouwe doarst. Hy hat wol omgong mei froulju hawn, mar hy is altyd âld-feint bleaun.
nl.verhalenbank.24874
Ik soe us op in joun nei Houtigehage nei de faem ta. 't Wie ljochtmoannewaer. Underweis hearde ik ien oankommen. 'k Seach om my hinne, mar der wie neat. Wy hienen doe ûnderbroeken oan mei bannen ûnder 'e knibbels fêst en mei in bûse der yn. Yn 'e bûse hie 'k in mes, dat hie 'k yn Dútslân kocht fan in Italiaen. Dêr siet forgif oan. Dy't dêr in sneer mei...
nl.verhalenbank.24445
Hinse hat ris rûzje hawn mei de kooplju út Drachten. Sy sieten meielkoar op 'e bovensael fan 'e herberch 'De Phoenix' to Drachten.
Doe bigong Hinse hiel bot to brullen en doe woarden de kooplju allegear binaud. Hwant Hinse dat wie net in gewoanen ien, mar in hantlanger fan 'e duvel. Dat wisten se allegear wol.
Sûnder dat Hinse der in hân nei útstuts,...
nl.verhalenbank.16030
Iet ien hwat fan in tsjoenster op, dan foroare dat yn in pod. Jehannes Wyts wie in tsjoenster. Hja roan de famkes nei dy't nei de winkel ta gongen mei in muntsje. Mar dy famkes doarsten 't net opite. Se wisten wol dat it dan net goed kom.
nl.verhalenbank.21893
Wy wenje hjir op it Wyldfjild by de Trije Roede.
Us famke kom us in kear thús, alhiel oerstjûr. 't Wie yn 1958. Sy trille der oer.
"Hwat nou?" sei 'k.
"Heit," sei se, "der leit in hiel dik swart ding yn 'e sleat."
Ik ha der hinne west to sjen, mar 'k ha neat sjoen.
Letter praette ik der oer mei Kees Bijma, dy't hjir tichte by wennet.
"It spûket hjir, hè?"...
nl.verhalenbank.24904
De Skeanpaden rinne fan Houtigehage nei de Rottefalle. Dêr spûke altyd in wyt hynder, dêr wienen wy tige bang foar
nl.verhalenbank.17699
Healwei Boelensloane en Blauhûs, dêr spoeke it. Dêr roan altyd in dikke swarte houn, dy roan deun by de minsken lâns. It wie in pleachbeest
nl.verhalenbank.17666
Myn wiif wie noch net troud. Sy wenne op 'e Bulten yn 'e Harkema. Op in joun wie myn suster by har op bisite. Doe moest myn wiif nei 't húske ta. Dat stie bûtendoar, in eintsje fan 't hûs ôf. Wylst se dêr siet, kom der in grouwe, swarte houn by har. Hja bistoar it hast fan 'e skrik, hwant hy gong deun tsjin har oan stean. Hja doarst har net to forroeren....
nl.verhalenbank.28093