Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
182 datasets found
Dutch Keywords: alcohol Narrator Gender: male
Der wie in doomny, dy wie frijhwat oan 'e drank. De gemeente koe soks net goed krije en der kommen hwat langer hwat minder minsken yn 'e tsjerke. De doomny koe oars omrake goed preekje. Syn frou warskôge him. Sy sei: "De minsken ha gjin ûntsach mear foar dy. As dit sa troch giet, dan hastû gau net ien mear yn tsjerke. Dan krijst dyn ûntslach en dan ha wy...
nl.verhalenbank.23722
Reid Keuning koe ek samar in flesse drank komme litte mei bihelp fan skoppenboer.
nl.verhalenbank.25153
Mei bihelp fan skoppenboer koenen guon in flesse drank komme litte. Jy moesten dy flesse achterstefoar oanpakke.
nl.verhalenbank.25230
It gebeurde wol dar der in stik of hwat mannen by elkoar sieten, dat ien dan klaverboer fuortstjûrde om in flesse drank to krijen. De flesse kom der dan oansweven. Deselde dy't de kaert fuortstjûrd hie mocht de flesse net oankrije. It earste romerfol drank smiet ien oer 't rjochterskouder hinne fuort.
nl.verhalenbank.20228
Myn skoanheit, Wibe Alma, is yndertiid fan 'e wei ôf opnom woarn en oer de feart smiten. Doe kom er út 'e kroech. Doe hie er it raer opsein. Der binne wol mear yn 'e Harkema, dy't smiten woarn binne. Sytse Jager ûnder mear èk.
nl.verhalenbank.27246
In sekere Alma fan Stiensgea sei it ek altyd raer op. Dy paste net op syn wurden. Op in kear kom er to Surhuzum út 'e kroech. Doe is er yn 'e Spoekdobbe smiten woarn.
nl.verhalenbank.28613
Alde Koen Hoekstra fan Eastemar mocht graech in buorrel en hy wie wol us dronken. Op in kear doe kom er de Swarte Wei lâne. Doe woarde er op in momint samar opnom en yn 'e dykswâl smiten, sûnder dat er oait hwat sjoen hat.
nl.verhalenbank.19784
Ik ha wol gauris heard dat guon smiten waerden, dy't dronken út 'e kroech kamen.
nl.verhalenbank.24363
Men koe klaverboer fuortstjûre om in flesse drank to heljen. It earste romerfol moest ien fan 't selskip oer 't linker skouder fuortsmite en dêrby sizze: "Dat is foar dy." Dan koenen se fierder drinke.
nl.verhalenbank.31975
De oerpake fan beppe Hiltsje van der Weide dy wie nei Feanwâldster merke. Hy siet dêr yn 't café. Hy hie tofolle hawn en swetste en swearde nochal hwat. Hy wie foar neat bang, sei er. 't Woarde al letter. "Dû mast ek fuort," seinen se tsjin him, "hwant dû mast de Boppewei del, en dû wytst wol, dêr spûket it." Doe sei oerpake mei in grou flokwurd: "As dêr...
nl.verhalenbank.25082
Op zekeren dag was een ingezetene van Elst zodanig aan de zwabber geweest, dat hij 's avonds laveloos bij het kerkhofshek was blijven liggen. Deze iemand was zo stomdronken dat hij zich niet eens aan de spijlen van het hek omhoog kon trekken. Na verloop van tijd was er volk bij gekomen, waarop de "lap" was begonnen te vloeken en een versje op begon te...
nl.verhalenbank.13256
Der sieten in stik of hwat mannen byelkoar to kaertspyljen. Dy woenen in flesse drank ha. Sy bounen skoppenboer oan in lege flesse en doe wie der ien ûnder harren dy stjûrde dy flesse fuort. Even letter kaem de folle flesse werom. Dy sweefde boven yn 'e keamer om. Dy't him fuortstjûrd hie mocht him net oankrije. Mar net ien fan 'e oaren doarst de flesse...
nl.verhalenbank.17554
Imke de Jong wie ris to Grypskerk. Dêr kommen twa arbeiders by de boer wei. Jimme ha fan 'e wike neat tofolle fortsjinne, wol? sei er tsjin har. Né, seinen dy arbeiders. Nou, sei Imke, hjir ha jim elk in ryksdaelder fan my. Gean mar yn 't café en keapje foar jim elk in buorrel. De beide arbeiders nommen de ryksdaelders yn dank oan en kochten elk ien. Mar...
nl.verhalenbank.17019
Met schoppenboer kun je een fles jenever laten komen. Die fles komt der dan aanzweven. Het eerste glasvol moet over de linker schouder weggegooid worden.
nl.verhalenbank.27119
't Gebeurde op een nacht in een keet in Langerak. We zaten te kaarten. Toen zei er een: "We zullen schoppenboer om een fles jenever sturen!" Een poosje later werd er geklopt. Er komt een hand door de deur en die hield een fles jenever vast, met de kaart erop.
nl.verhalenbank.50554
Ja, de heb ik dik wel heure zegge, de ze schuppenboer sneever kosse lòte haale.
nl.verhalenbank.46322
Deselde mannen, Sikke Hoeksma en myn swager Douwe Wedzinga en dan noch in sekere Jan Klamer - dat wienen doe alle trije noch frijgesellen, soenen ris in kear nei Twizel nei de kroech ta. 't Wie mistich waer. Sy kommen fan Mûntsjetille en roannen op 'e âld dyk. 't Wie joun. Doe gongen se de Twizelerwei lâns, dat wie doe noch in modderpaed, dwars troch de...
nl.verhalenbank.28612
Mei klaveraas of mei klaverboer en in lege flesse lieten se froeger wol in folle flesse jenever komme. Dy flesse kom der dan oansweven. As er net pakt woarde, gong deselde der oan, dy't de flesse ôfjown hie.
nl.verhalenbank.27251
Op 'e Koatstertille wenne alear in man, dy koe tsjoene. Tsjin in jonge sei er: "Sjoch, dêr hast in dûbeltsje." En hy lei it foar him del. Mar de jonge koe it mei gjin mooglikheit fan 'e tafel krije. Ut ien en deselde flesse tape dizze persoan brandewyn of jenever, hwat men mar leafst hie. Hied er forlet fan drank, dan stjûrde hy in spylkaert út,...
nl.verhalenbank.15750
Durk Pultrum hat kastlein west yn Houtigehage. Letter wenne hy dêr net mear. Doe sei er us in kear: "As ik hjir wei brocht wurd, dan wol ik hjir noch even oan om in slokje." Doe't er dea wie en dêr lâns riden woarde nei 't tsjerkhôf ta, doe bleau it hynder stean. En doe't de koetsier it opjage, bigoun it to steigerjen.
nl.verhalenbank.22936
35