Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Heit wie op 'e klaei to sichtsjen. Doe krige er dêr de koarts. Hy gong fuort by 't sichtsjen wei.
"Matte jo nei hûs, Jan?" sei ien fan 'e sichters.
"Ja," sei heit, "ik kin hjir net bliuwe. Ik trilje der oer, sa slim haw ik de koarts."
"Dan matte jo njoggenderlei hout opsykje en dat yn 'e bûse dwaen."
Heit hat dat dien. Dy houtsjes woardden stadichoan wei,...
nl.verhalenbank.16825
Ik wie wees en bin greatbrocht by Hindriks Trui, dat wie de mem fan Jehannes Jager. Dy hienen in winkeltsje. Jehannes wie doe noch yn 'e hûs. Ik slepte by Jehannes yn 't selde bêdsté. Jehannes hie altyd lêst fan nachtmerjes. Bouke Schievink siet sûnder kosthûs.
Jehannes sei tsjin Trui: "Kin Bouke wol by ús yn 'e kost?'
"Dat kin wol," sei Trui, "mar dan...
nl.verhalenbank.22217
Nachtmerjes wurde keard troch duveldrek ûnder 'e drompel to dwaen, of in lapke mei duveldrek op it boarst lizze.
nl.verhalenbank.15518
Wol men in flesse drank ha, dan mat men de flesse om 't hoekje fan 'e doar sette mei skop-penboer der by. Deselde dy't him dêr delset mei de flesse letter net oankrije. Is der net ien dy't de flesse oankrijt, dan giet dyselde dea, dy't de flesse der delset hat. De flesse komt binnens-weven. Op in kear doarst net ien de flesse oan to nimmen. Deselde dy't...
nl.verhalenbank.17445
Myn skoanmem hat us in nachtmerje by har hawn. Doe wie se net rjocht goed. Dy nachtmerje sei: "Lang sil 'k jo net pleagje, mar 'k sil al even by jo sjen."
As de toffels mei de hakken nei 't bêd ta stienen, krige men gjin lêst fan 'e nachtmerje, sei skoanmem.
nl.verhalenbank.21928
Der wienen ek wol guon, dy kearden nachtmerjes mei krytwyt of moal op 't gesicht.
By hynders brûkten se wol kaf.
Men mat jouns de klompen oerside sette, út it sté, net foar de drompel.
nl.verhalenbank.15523
Om nachtmerjes to kearen, mat men achterstofoar op bêd gean.
nl.verhalenbank.15784
De nachtmerje, dat wie de duvel.
Se seinen, as se de nachtmerje hawn hienen: "De duvel siet my op 't boarst. De duvel smoarde my hast." Se ha wol probearre de nachtmerje mei de hannen to pakken, mar sy koenen him noait krije. As se der nei taestten wied er al wer fuort. De nacht-merje kom ek wol yn 'e gedaente fan in frommes. Sy wie sacht oer de hûd en sa...
nl.verhalenbank.19974
As ien sawn op elkoarfolgjende dochters hat, is ien fan dy dochters in nachtmerje. In nachtmerje komt by oaren yn 'e hûs troch 't kaeisgat hinne en soms ek wol ûnder 'e doar troch.
As men in fleartokke ophinget foar 't bêd kin men de nachtmerje keare.
nl.verhalenbank.25524
Men gong ek wol hinne en strui moal op 'e stuollen. Dêr wie in nachtmerje bang foar, hwant sy mocht bislist neat meinimme út it hûs, dêr't se kom. En moal hong maklik oan.
Op oare plakken hongen se wol us fleartokken foar 't bêd.
Op 'e rêgen fan 'e hynders struiden se gewoanlik kaf.
Fan 'e sawn susters wie ien in nachtmerje.
Der hat hjir yn 'e...
nl.verhalenbank.15785
Hindrik Ophuis wie in greate tsjoender. It wiif en de bern hienen 't himd altyd omkeard oan en se droegen altyd brea op it boarst, sa bang wienen se, dat se oars bitsjoend wurde soenen.
Hy bitsjoende alles. Hoefolle fé hy net bitsjoend hie. Ek fé fan syn eigen bern.
Op in kear hie syn soan Willem in moai fet skiep kocht. Mar dat skiep woarde minder....
nl.verhalenbank.16932
In suster fan ús mem is as fanke bitsjoend woarn. Sy woenen wite hwa't it dien hie en doe woarde der in krús op 'e daem set. Doe kom it buorwiif der oan. Mar dy koe noait oer it krús hinne komme. Hja hie der mar foar omkjirme en raesd. Mar it bern hie al trije krânsen yn 't kessen. It is stoarn. 't Wie alve jier âld.
nl.verhalenbank.15630
Piter syn mem hie altyd duveldrek ûnder 'e drompel foar de tsjoensters. Dat kocht se by Jonge Jan op it Wytfean. Sy iet ek nou en dan in stikje duveldrek op. De bern hienen allegear duveldrek yn in pûdtsje op it boarst.
De bern droegen ek wol in strinkje swarte kralen om 'e hals, (dat wienen beijen fan de ienen of oare beam), dat droegen se ûnder 'e...
nl.verhalenbank.16089
Der wie in widner mei lytse bern. Dy widner hie altiten lêst fan nachtmerjes. Hy krige hast noait in wink yn 'e egen en seach tsjin 'e nachten oan. Doe klage er syn leed by in buorman. Dy wist hast altyd wol ried. Doe't dy him heard hie, sei er: "Hastû ek moal yn 'e hûs?"
Ja, dat wie der wol.
"Set dat dan op 'e tafel en jow dy dan joun mar rêstich del. Ik...
nl.verhalenbank.15783
Sy dienen hjir yn 'e Harkema faek duveldrek ûnder 'e bargetrôch. Dat wie om 'e tsjoensters. Under 'e drompel hie hast elkenien duveldrek.
nl.verhalenbank.17396
Ik hie in kammeraetske, dy har beppe wie âlde Fogel-moai (Frearke Fogel). Dat wie in tsjoenster. By myn kammeraetske hienen se in baerch yn 't hok. Dy roan mar àl yn 't roun. Hy wie bitsjoend. Dat hie âlde Fogel-moai dien.
Hja hie dy baerch oanrekke. Sa wie dy baerch siik woarn. Hja hie de kweade hân.
Ik hie altyd duveldrek yn 'e bûse, as ik nei Fogelmoai...
nl.verhalenbank.22299
Beppe Swaen hie in bûnte kanarje. Dy hong yn in kouwe yn 'e keamer. Beppe stoar.
It wienen keamers mei suite-doarren der tusken. Yn 'e iene keamer stie it lyk, yn 'e oare hong de kouwe. De kanarje woe net mear sjonge, doe't beppe stoar. 14 dagen letter wie 't dierke ek dea.
As der ien yn 'e hûs stjert, mat men in doek oer de kouwe dwaen en de kanarje yn...
nl.verhalenbank.16079
Op in kear siet Hindrik Pyk (= H. Ophuis) op 'e Oenseheide by de Krúswei yn in boskje, mei it himd út. Hy fangde himsels de luzen ôf. Syn bern founen him dêr tafallich. Dy roannen hurd nei hûs ta en rôppen: "Mem, mem, heit sit yn 't boskje op 'e Oense-heide to luzefangen!"
Mar hwat wie 't gefal? Hindrik Pyk siet moai yn syn hoekje thús by de tafel. Hy hie...
nl.verhalenbank.19983
In nachtmerje wie in frommeske. Ien fan 'e sawn dochters, as der gjin jonge tusken wie, wie in nachtmerje. Gearte Harmke - in dochter fan Knjillis Hut en Hinke fan der Tuin - wie èk in nachtmerje. Har eigen susters ha 't wol forteld.
As men in nachtmerje keare wol, mat men wyt moal foar 't bêd struije.
Nachtmerjes flechtsje nachts wol flechtsjes yn 'e...
nl.verhalenbank.24343
De krâns mat yn in panne dien wurde. Dy panne mat droech oer 't fjûr, mei it lid der op. Dan mat de tsjoenster op 'e lappen komme. Dan fljocht se by de doarren op.
Yn 7 jier mat de tsjoenster ien deatsjoene. Slagget se dêr net yn, dan rekket se sels dea.
nl.verhalenbank.16087