Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
35 datasets found
Dutch Keywords: achterstevoren Place of Narration: Harkema
Helbich syn heit wie in man dy koe mear as gewoanwei. Hy hie bargen, dy hienen de koppen allegear omkeard op 'e romp sitten.
nl.verhalenbank.28725
Yn 'e Parken yn Grinzer Pein forkocht Bouwe Helbich hinnen oan in man. 't Wienen bêste piken. De man die se yn in hok. De oare moarns doe soe dy man de piken iten jaen. Doe hienen se allegear de koppen achterstofoar op 'e hals en sy leefden as harten. De man gong fuort nei Bouwe ta. "Hoe kin dat?" sei de man, "ik bin deabinaud." "Jo hoeve net binaud to...
nl.verhalenbank.28724
As bern droegen wy altyd duveldrek op it boarst en it himd moesten wy altyd achterstofoar oan ha fanwege de tsjoenderij. Wy doarsten net nei Alle Tet ta. Mem en dy ek net. En wy doarsten ek neat fan har oannimme. Sy hie potdeksels to keap. Op in kear kom se by ús mem en sei: "Dêr bin 'k al." "Ja", sei mem, en sy wie deabinaud. "Ik ha fan 'e nacht nei...
nl.verhalenbank.16958
In nachtmerje koe in man wêze as in frou. By de froulju kom in man as nachtmerje, by de manlju in frommeske. Fan sawn op elkoar folgjende jonges of sawn op elkoar folgjende famkes wie ien in nachtmerje. It wie in boaze geest. Sa neamde myn wiif har beppe de nachtmerje ek. Dy hie de toffels altyd mei de hakken tsjin 't bêdsket oan. Op in kear, doe wie myn...
nl.verhalenbank.21138
Bouke Schievink ha se de nekke omdraeid. De kop siet him achterstofoar op 'e romp. It wie in forkearden. Hy flokte, it wie in griis. De duvel hat him de nekke omdraeid.
nl.verhalenbank.15896
It gebeurde wol, dat guon byelkoar sieten en dat se sin hienen oan drank. Dan moesten se hartenhear ûnder yn 'e holte fan 'e flesse dwaen en dêr achterstofoar mei nei de doar ta gean. Hwant sy mochten net sjen hwa't de flesse oankrige. In oaren ien as deselde dy't de lege flesse oerjown hie, moest de folle flesse wer oannimme. Dat moest er ek...
nl.verhalenbank.17702
Us beppe wie froeger tsjinstfaem. Op in kear roan se mei noch in oar famke even nei hûs ta. 't Wie op in joun. Dat famke praette nochal lûd. Doe sei beppe tsjin har: "Wy matte net sa lûd prate, hwant ús Hindrik wyt alles as ik thús kom, hwat wy tsjin elkoar sizze." Doe hie se sein: "As wy wer prate, mast ris achter ús sjen, hwant dat is ús Hindrik, dy't...
nl.verhalenbank.23528
Alde Hindrik syn soan hie it himd altyd efterstefoar oan omdat er bang wie, dat syn heit him oars bitsjoende.
nl.verhalenbank.15677
Ik haw in âld man kend. Dy fortelde my, hy wie ris by Reid Keuning west op Koatstertille, dat wie ien, dy wie oan 'e duvel forkocht. Doe't er dêr in skoft sitten hie, wie Reid bigoun to lêzen yn in boek en doe wienen de soldaetsjes ta de hurddobbe útkom en dy wienen bigong to marsjearen. Doe hied er itselde weromlêzen en doe wienen se wer moai yn 't gelid...
nl.verhalenbank.28508
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje. Sy komt troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Men mat de toffels achterstofoar foar 't bêdsket sette, dan kin men se keare, wurdt der sein. In nachtmerje is altyd in frommes, noait in man.
nl.verhalenbank.25762
Alde Hindrik Pyk (= H. Ophuis) koe soldaetsjes marsjeare litte. Hy liet se op kommando út 'e hurddobbe weikomme. Syn eigen soan hat it my forteld. Dy wie bang foar syn heit. Hy fortroude him net, omdat er tsjoene koe. "Ik pas altyd op," sei er, "dat ik it himd omkeard oan ha, hwant heit is ta alles yn steat."
nl.verhalenbank.22186
Twa fan 'e Westerein arbeiden yn Dútslân. It wie feest en hja gongen de stêd yn. Dêr wie in gûchelspul en ek in tinte mei in swarte spegel. Dêr koenen se kaert lizze en de froulju sjen litte, dêr't se mei trouwe soenen. Elk krige in kaert en dêr stienen de froulju op ôfbeelde. Mar sy moesten der om tinke, dat se achterstofoar wer út 'e tinte weigongen,...
nl.verhalenbank.17467
Us heit hat soldaet west. 't Gebeurde op in kear, doe wie 't kermis yn Amsterdam. Dêr koenen se yn in swarte spegel sjen. Der wienen net folle, dy't dêr hinne gongen, de measten wienen der hwat skruten foar. "Ik doar wòl", sei heit. Hy stapte der yn. De frou sei tsjin him: "Jo matte aenst gjin angst foar de spegel ha. Hwant as der in deakiste foar komt...
nl.verhalenbank.28856
Minse van der Wiel hat us op 'e merk foar de swarte spegel stien. Dêr kaem syn takomstich wiif yn to stean. Hy hat har dúdlik sjoen en is ek mei datselde frommes troud. Achterstofoar moest er wer ta de tinte útgean.
nl.verhalenbank.20025
Om kwea-geasten to kearen mat men de hoazzen omstrûpt foar 't bêd lizze.
nl.verhalenbank.28631
35