Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Mien voar har vrouger n peerd zaik. Was nog gain vai-arts in de buurt; doorum gungen de boern noar n buiter. Mien voader dr ook hen um te verteln, dat et peerd liefzeer har. De bezetter, al n olle man, kun zulf nich kommen; man hai gaf te roade: “Snie wat stukkies van de peresteert of; moak dai hail fien en streu dat over zien vreetn; dan gèèt de piene...
nl.verhalenbank.45701
Doe't myn wiif Sjouk noch faem wie, hie se faek lêst fan nachtmerjes. Sy slepte op 'e souder en sy hearde de nachtmerje wol by de trap opkommen. It wie slim sa't dy nachtmerje har altyd pleage.
Doe sei har mem tsjin har: "Ast de nachtmerje nou wer oankommen hearste dan mast hinnegean en siz trije kear hiel lûd: "Duvel, duvel, duvel, dû wurdst gjin baes...
nl.verhalenbank.17536
Guon fan Feansterheide hienen in sike koe. Doe gong it minske mei har buorfrou nei âlde Hinse, dy't op 't Swartfean wenne. Hinse Jehannes de Boer wie duvelbander en hy doktere ek mei fé. Hja gong nei Hinse ta om rie.
Hinse frege: Binne jim dêr en dêr lâns kom?
"Ja", seinen de froulju.
"Ha jim nergens lêst fan hawn?"
"Né."
"Dan krije jim dêr aenst àl lêst...
nl.verhalenbank.19731
De verteller J. Rijkens wist nog te vertellen dat zijn grootvader kleermaker Pieter Schlukebier en wonende te 't Zandt wellicht een der laatsten is geweest die aan heksen en spoken geloofde. Hij [+was] dermate bang voor [-voor] die heksen en spoken, dat hij elke avond met een 'haarspit' naar bed ging. Hij sloeg dan met dat ijzeren voorwerp in 't rond om...
nl.verhalenbank.42682
Doe't Berend, de buorman fan Boardzer Bruning fan 'e Boelensloane kom to forstjerren, koenen se dêr earst net in foargonger by krije. Mar Boardzer hie al fan tofoaren sjoen dat Durk Pultrum de foargong ha soe. Dêrom sei er: "Gean mar nei Durk Pultrum ta, dy wol wol."
nl.verhalenbank.32824
Der wie in fanke yn Zevenhuizen, dat woarde samar ynienen slim siik. Alles roun har ôf. Hwat der út kaem, dêr sieten allegearre ielshûden tusken. Hja tochten: sy kin wol ris bitsjoend wêze. Doe toarnden se it holkessen los, en ja, dêr kaem in krâns fan fearren út. Dat wie 't biwiis, dat it fanke bitsjoend wie. Doe hellen se de duvelbanner der by. Dy...
nl.verhalenbank.31652
3.35 Heks geeft iemand geweldige hoofdpijn
Jef Somers had vroeger eens een tijd lang geweldige hoofdpijn. Hij ging ervoor naar de dokter en die gaf pillen, maar het hielp allemaal niets. Er kwam eens een vrouw met koopwaar langs de deur en die zei dat het wel de kwade hand kon zijn. Jef ging er dan mee naar een geestelijke en die gaf hem de raad, een...
nl.verhalenbank.35623
Dêr wie yn Garyp ris in famke bitsjoend. Doe gongen se nei greate Wopke ta. Wopke sei: "Jim matte it kessen neisjen dêr't it bern mei de holle op leit. Dêr komt in krâns út dy't jimme opbrânne matte. De earste de bêste dy't by jimme op 't hiem komt, dy matte jim der ôfskoppe, hwant dat is de tsjoenster." It wie de bolkoerrinster dy't dêr 't earste kaem....
nl.verhalenbank.32174
Knjillis Wytses fan Sumar wie in tige forneamde wûnderdokter.
Us mem hie fochte tusken de fingers, dat kom der hyltyd út en dat waerd almar slimmeroan. Op 't lêst krige se 't ek op 't boarst, dat fochte. Doe heit nei Knjillis Wytses ta.
Hy sei tsjin heit: Sy mat de hannen alle wiken yn séwetter waskje, krekt sa lang oant se wer better is. Doe lieten wy...
nl.verhalenbank.32606
Durk Laurens kom by ús mem mei galantery-waren. 't Wie in goeije man.
Us hynder hie faek lêst fan in nachtmerje. Doe sei Durk Laurens us in kear: "Hingje fannacht in seine boppe 't hynder en doch in hânfol brea yn 'e moanjes. Dan krijt it hynder fannacht de nachtmerje net."
Wy ha 't dien en 't hynder hat gjin lêst hawn.
nl.verhalenbank.24272
Frânse Hinke wie duvelbanner. Sy wie de opperste fan 'e tsjoensters. Sy sei: "Jimme matte in pakje spjelden goed yn wetter siede litte. De pine, dy't de tsjoenster it bern oandien hat, sil se dan sels ûndergean. Sy sit dan to razen en to kjirmjen."
Heit en mem ha de ried opfolge. Dy't se net fortrouden ha se net yn 'e hûs litten. Ik wie mei in wike wer...
nl.verhalenbank.24448
Myn frou har pake en beppe wennen yn Feankleaster. Dy hienen bargen yn 't hok, dy woenen net groeije. Sy hienen al duveldrek yn 'e trôch dien, mar dat holp neat. Der kom altyd in hazze yn 't hok.
Doe binne se nei Wopke ta gong. Wopke sei: "Jimme matte dy hazze mar rame." Dat ha se doe dien en doe rekken se de hazze mei in gripe yn ien fan 'e egen.
Even...
nl.verhalenbank.22763
Hjir hat froeger yn Broeksterwâlde in frou wenne, dat wie in tsjoenster. Dy hat forskeidene bern bitsjoend. It wie sa slim, as hja de ruften op 'e line seach, dan koe hja 't bern al bitsjoene.
Meastal gongen se nei Wopke fan Kûkherne, as der in bern bitsjoend wie. Wopke joech in drankje mei.
Hy joech de minsken de rie in krytstreek yn 'e foarm fan in krús...
nl.verhalenbank.30372
Ritske (v.d Meer) en Aeltsje hienen in jonkje Germ. Dat jonkje woe net groeije. It siet yn 'e pogge. Hja tochten dêr kinne wolris forkearde hannen oer gean, dat se gongen nei de duvelbander ta. It bern wie sa meager as branhout. As Janne Luts (Mulder) dêr foarbykaem woe se altyd graech ris nei 't jonkje sjen. De duvelbander sei: "Sjoch mar ris yn 't...
nl.verhalenbank.31118
Yn 'e Ham wie in reed, dêr hie sterke Hearke paed lâns. Doe wie der ien, dy woe him dêr net mear lâns ha. Dy makke it ticht mei pealtsjes. Mar Hearke helle se der út en gong der like goed lâns as oars.
Hyltyd wer frede dy man it ôf. Doe krige Hearke op it lêst syn nocht. Hy sei tsjin dy man: "Ast my nou wer in kear keare wolst, dan ried ik dy oan dat net...
nl.verhalenbank.21690
Myn heit syn suster hat de fyk hawn. Doe gongen se op in snein-to-moarn nei Jehannes Hinses op 't Wytfean. Letter wenne Wiger Postma dêr, en nou Geart v.d. Heide. 't Wie ek tagelyk in kroechje.
Heit syn suster wie noch net troud. Hja hie hiel bot pine oan 'e hân.
Jehannes Hinses sei: "Soa, dêr wiest dan, en dû woest hjir net hinne?" Sa wie it, hja hie der...
nl.verhalenbank.24703
Froeger wenne der op 'e Triemen in âld man, dy kaem wolris by ús. Dy hie in broer yn Zoutkamp to wenjen.
Dêr yn Zoutkamp, fortelde hy, dêr stie in hûs, dêr wennen minsken yn, dy hienen it neat to rûm. Hwant it doogde dêr net yn dat hûs. It wie nachts allegear leven yn dat hûs, de leppels en foarken rattelen yn 't leppelbakje om, de kopkes en pantsjes...
nl.verhalenbank.38470
Een schippersknecht te Hoorn was getrouwd. Om den anderen nacht moest hij als beurtschipper 's nachts van huis om te varen. Dan werd hij 's nachts benauwd en zweette en kwijnde als sneeuw voor de zon. Iemand kwam op het idee dat zijn vrouw de schuld wel kon hebben. Hij ried den schippersknecht dus aan, die nacht thuis te blijven, zich te verschuilen en te...
nl.verhalenbank.9049
Alde Tryn wenne yn Garyp. Hja wie bolkoerrinster en koe tsjoene. As se der op út gong to tsjoenen foroare se har yn in hazze. Foar bern wie se levensgefaerlik. Op in kear hie se wer in bern bitsjoend. De âlders gongen op tiid nei Wopke duvelbanner ta. Dy sei: "Jimme matte de matte foar de doar optille en dêr goed hwat krusen opsette, dan komt de...
nl.verhalenbank.32162
Ik hie as jong fjouwer en tritich warten op 'e hannen. Dy woe 'k graech kwyt. Ik krige de ried, ik moest in tried jern nimme en dêr fjouwer en tritich knopen yn meitsje. Dan moest ik dy tried ûnder d_ drompel stopje, dêr't wy 't meast oerhinne gongen.
Dat haw ik dien en in pear wiken letter wienen de warten fuort. 'k Ha der noait wer lêst fan hawn. (As...
nl.verhalenbank.21970