Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
In neef fan my en syn faem en ik mei myn feint ha ris mei ús fjouweren nei de wiersizter ta west. Dy wenne to Ljouwert, achter oan 'e Nijstêd.
Wy hienen bisluten it minske to grazen to nimmen. Myn neef gong njonken my sitten en myn feint by de faem fan myn neef.
Mar it earste dat it minske sei, wie: "Jimme hearre sa net to sitten. Jo hearre dêr by en jo...
nl.verhalenbank.21045
Sterke Ynse fan Bakkefean kaem us by de smid. Hy moast in furke meitsje litte, mar de smid hie 't op dat stuit op syn manier to drok. Hy hie der net rjocht sin oan, fornaem Ynse wol.
Ynse moast mar even geduld dwaen, sei er.
Mar Ynse tocht: "'k Sil dy wol ha."
Doe 't tiid wie fan kofjedrinken gong Ynse stikum nei 't ambyld ta en sette dat bûten op 'e...
nl.verhalenbank.21012
Op 'e Haule wenne in boer, dy hie in arbeider. As dy arbeider moarns kaem, siet der in swart hountsje op it houtsje, dêr't er oer hinne moast. Dat hountsje liet de tosken sjen, as dy arbeider der oan kaem, dat hy wie der eins mar hwat bang foar. Dan moast de boer earst komme, hwant it hountsje gong net in striebreed út 'e wei. As de boer kaem, gong 't...
nl.verhalenbank.20708
Alde Berend Posthumus hie in wikseldaelder. Hy hie allegear nij spul yn 'e hûs en 't kòe allegear. Hy moest oppasse dat er dy daelder noait hielendal útjoech. As skilde it mar ien sint dan wie 't wol goed.
Hy hie dy daelder krigen fan 'e duvel, waerd der sein.
Hy hie op in nacht mei in kat yn 'e sek op stap west nei de Haule. Dêr wied er op 't tsjerkhôf...
nl.verhalenbank.20651
Minsken dy't bitsjoend wienen, hienen gauris krânsen yn 't holkessen. Dat wie it wurk fan 'e tsjoenster. Sadré der trije krânsen fol wienen, dan wie deselde dy't bitsjoend wie, dea.
De krânsen moasten der úthelle en forbarnd wurde.
As men froeger mar in bultsje yn 'e fear fielde, dan woarde it kessen al lostoarnd, fral as der in tsjoenster yn 'e buert...
nl.verhalenbank.20790
Us jongste fanke wie alve jier âld. It wie sa'n skoalfanke. Wy leinen mei 't skip by Drachten, yn 'e Lange Wyk. Sy wie mei Jan, in jonkje fan skoalle ta gien en togearre wienen se oan 't hoepeljeijen.
Doe krigen dy beide bern dropkes fan in frou, fan Ale Bigge.
Doe't se thúskaem hie se smoarge hannen. Ik sei: "Hwat hast hawn?"
"Dropkes fan Ale Bigge", sei...
nl.verhalenbank.20800
Us heit tsjinne by de boer. Dat wie Hindrik Berga to Koudenburg by de Haule. De boer hie twa hynders, in swart en in brún. It swarte hynder waerd siik.
Foar dat sike hynder moast heit nei it Swartfean ta. Dêr wenne Hinse Jehannes de Boer. Dat wie in duvelbander, mar ek in hiel bikwame féarts. Heit hie hwat hier út 'e manen fan 't sike hynder meinaem, mar...
nl.verhalenbank.21262
Marijke Hofstra fan Wijnjeterp tsjinne by de boer. Hja hie de hiele dei tsjerne, mar koe noait gjin bûter krije. Doe gongen se nei âlde Sipke Halbertsma ta om rie. Dy sei: "Jimme moatte de trêdde bast fan 'e flearbeam yn in pûdtsje dwaen en dat oan 'e polsstok bine." Doe kom der bûter.
De boer wenne yn Haulerwyk, 't wie ús buorman.
nl.verhalenbank.20792