Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
81 datasets found
Place of Narration: Haulerwijk
Yn 'e Tsjûkemar by de Lemmer, op 'e Súd-hoeke fan 'e mar is in tsjerke forsonken mei it tsjerkhôf der omhinne. Boppe de tsjerke leit in tonne mei wite en swarte blokken. Dat is in beaken. By helder waer kin men stiennen en alles sitten sjen. Alle founeminten binne dêr noch. Wy ha dêr wol yn fard.
nl.verhalenbank.21052
Achter de Saiter, dêr koe noait in skip lizzen bliuwe. Wy ha wol mei guon praet, dy't dêr nachts weifearn binne. Dan wienen de touwen samar fansels los gong. Soks is dêr faek gebeurd. Se seinen dat dat it wurk fan 'e lange Sleatterman wie. 't Is Hattum Hoekstra fan Earnewâld ek al us in kear oerkaem. Hy is doe midden yn 'e nacht nei Warten fearn.
nl.verhalenbank.21046
As der in bijker stjert, moatte se dat de bijen oansizze. Bearn bijker fan Kromhoek hat bijen op ús heit en dy's fjild hawn. Hy hie wol fyftich kuorren by Wopke Lap op Waskemeer. Op dy plaets wennet nou Vogelzang. Doe't Bearn bijker stoar, hearden se dat de bijen allegear oan to sizzen. Mar sy woenen net leauwe dat soks noadich wie. Doe binne se hinnegien...
nl.verhalenbank.21047
Us heit en dy syn âlden wennen yn 'e Haulerwyk. Nou heart dat by Waskemeer. Doe't ús heit in jonkje wie, hat er bitsjoend west. Beppe hie in buorwiif yn 'e rekken, hwant dy gong der foar, dat se wol omgong hie mei de kweade. In tsjoenster mat ienkear yn 'e sawn jier ien deatsjoene foar satan. Mar beppe woe earst wissichheit ha foardat se it buorwiif...
nl.verhalenbank.21053
Foartsjirmerij neamden wy ek wol voorlatigheid.
nl.verhalenbank.20824
In neef fan my en syn faem en ik mei myn feint ha ris mei ús fjouweren nei de wiersizter ta west. Dy wenne to Ljouwert, achter oan 'e Nijstêd. Wy hienen bisluten it minske to grazen to nimmen. Myn neef gong njonken my sitten en myn feint by de faem fan myn neef. Mar it earste dat it minske sei, wie: "Jimme hearre sa net to sitten. Jo hearre dêr by en jo...
nl.verhalenbank.21045
Myn suster is nou tolve jier wei. Sy wie frijgesel en tsjinne yn Amsterdam. Op in kear hie se nei in freondinne ta op bisite west. 't Wie op 'e joun. Hja roan werom lâns de Hearegracht. 't Wie dêr stil. Doe kaem der ynienen in keardel fan achteren oan en dy kaem har op side. Sy koe syn fuotten net sjen. 't Wie krekt as sweefde er. Hy sei tsjin har:...
nl.verhalenbank.21051
Dy't mei de helm geboaren is, is kûgelfrij. Der wurdt ek wol sein, dy't in helm kocht hat en yn syn bisit hat, dy is kûgelfrij. Yn de regel wurdt de helm forkeard ôflutsen. De helm is in lyts trijehoekich stikje fel. It mat nei boven ta lutsen wurde. Dan krijt it bern gjin lêst en hoeft er letter neat to sjen. Mar gewoanlik lûke se it nei oerdwars ta ôf....
nl.verhalenbank.21050
Wy wienen us mei 't skip to Feanhuzen. Dêr soenen wy turf weihelje. Doe siet dêr in slangenêst ûnder in ring turven. Heit stiek in grouwe slange dea. Dy hie in giel kroantsje op 'e kop. Doe seinen se tsjin my: "Dû mast dêr wei!" Fan alle kanten kamen de slangen opsetten. Ik bin hurd útnaeid, mar heit noch folle hurder. Allegearre naeiden wy út, hwant it...
nl.verhalenbank.21044
Soms hearde men yn 'e nacht timmerjen by de timmerman. Dan kaem der gau wer in sterfgefal. Hwant der waerd oan in deadskiste timmere.
nl.verhalenbank.20819
Op 'e merken hienen se wol gauris in swarte spegel. Dêr krige men jin hiele libbensskiednis yn to sjen. As der in deakiste foar kaem, hie men der gau west.
nl.verhalenbank.20799
Ek in kear kaem er ris by de smid. Yn 'e hûs wienen se oan 't kofjedrinken. Doe krige hy gau it ambyld fan sa'n fjouwerhûndert poun en sette dat achter yn 'e tún del. Doe't de smid letter yn 'e smitterij kaem, wied er deaforlegen sûnder ambyld. Doe moast Ynse helle wurde om it wer to plak to krijen.
nl.verhalenbank.20821
W. Merk fan 'e Haulerwyk fortelde: Der wie ris in man, dy soe in slange deameitsje. Mar hy sloech mis. Hwant it wie in koaningsslange en dy is ûnkwetsber. De slange hie in kroane op 'e kop. Hy gong op 'e sturt stean en bigoun to fluitsjen. Doe kommen der fan alle kanten hoepelslangen oansetten. Dy hienen de sturt yn 'e bek. Sa hoepelen en saeiden se troch...
nl.verhalenbank.21055
Sterke Ynse kaem ris mei in jong bist delsetten, dat hied er kocht op 'e Drachtster Merke. Doe moest er dêrmei oer de draei. Dat woe net rjocht. Doe naem er it bist oer de nekke en sa is er der mei oer de draei komd.
nl.verhalenbank.20820
Alde Kjille fan 'e Gerdyk wie ek in wiersizter. Mar dy koe 't lang sa goed net as Hinke Kaert.
nl.verhalenbank.20798
Yn 'e Fochtel gebeurde it dat de doomny ûnforwacht by twa minsken op bisite kom. Hja hienen krekt it miel bihimmele. Doe't it wiif him oankommen seach, sei se tsjin har man: "Hjir hast gau de bibel." Hwant de doomny moest tinke, dat hja frome lju wienen. Mar de man koe net lêze en hie de bibel mei de letters omkeard op 'e knibbels lizzen. 't Minske sei,...
nl.verhalenbank.20997
Der kaem ris in âld man by ús heit, dy gong yn 'e hoeke sitten en skriemde. "Hwat nou," sei ús heit, "is der hwat Jurjen?" It wie oars sa'n flink âld man. "Ja", sei er "ik ha sjoen dat de moune mar mei ien roede draeide." Ien à twa jier letter sloech de tonger yn 'e moune hjir yn Haulerwyk. Doe hat er mar mei ien wjuk draeid.
nl.verhalenbank.20822
Alles hwat de oerheden ophingje, meije de ûnderdanen net delhelje. Sa'n trijehûndert jier lyn wennen der yn 'e Kompenije twa bruorren: Gurbe en Jan. Hja leefden fan ynbrekken en stellen en moardzjen. Mar op in kear, doe't se in âlde boer biroofd hienen, woarde Jan pakt. Hy woarde foroardield ta de strop. Hy soe to Ljouwert ophong wurde op it Saeilân....
nl.verhalenbank.21043
Yn Haulerwyk hie ien in hoefizer boppe de doar sitten. De bidoeling dêrfan wie, dat it hûs dan bihoede woarde tsjin it ynslaen fan 'e tonger.
nl.verhalenbank.21056
As de tsjerne bitsjoend wie, moasten se nei Hinse Jehannes ta, dy wenne op it Swartfean. Dat wie in lompe keardel. Ik hie us in dikke kou, sa'n fyftich jier lyn. Dy wie siik en it bist waerd minder. Doe gong ik nei Hinse ta. Ik hie hwat hier fan 'e kou by my. "Hwat hiestou?" sei Hinse tsjin my. Hy hie sa'n foars lûd. "Ik hie in sike kou." "Hast hier by...
nl.verhalenbank.20823
35