Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Der kom us in man fan in houtforkeaping werom. Doe't er by de Liuwepoel kom, hearde er 'Help!' roppen. 't Lûd kom út 'e poel wei. Hy der hinne, mar der wie neat to sjen.
Der sit hwat yn 'e Liuwepoel, dat soms alles yn biroering set. Dan is de hiele poel oerstjûr. Men tinkt, dat der in munster yn húsmannet.
Sy ha der wol us in dik beest sjoen oan 'e kant...
nl.verhalenbank.21295
Op in kear kom ik by de faem wei sahwat om trije ûre hinne yn 'e moarn. Myn faem wenne ûnder Twizelerheide. Doe't ik yn Twizelerheide sels wie, tocht ik: "Hwat is dàt."
It wie net tsjuster. Ik seach in lykwein en in hynder mei in kleed en mannen. Ik gong alhiel oan 'e kant fan 'e wei lâns. Ik wie der sahwat in hûslingte fanôf. De mannen droegen de kiste...
nl.verhalenbank.19535
As it bern siik wie, woarde it kessen ûndersocht. Founen se dêr krânsen yn, dan wie 't bern bitsjoend. Dan gongen se nei de duvelbander ta. Dat wie Oene fan Sweagerbosk.
Dy joech altyd in drank mei. Dan sei er: "Tink der om dat net ien it drankje sjocht."
De krânsen woarden opbrând yn 'e stookpot. Dan moest alles ticht wêze.
It bern woarde wer better as...
nl.verhalenbank.27381
Bitsjoende bern ha faek krânsen yn 'e kessens. Dat is 't wurk fan 'e tsjoenster. As der trije krânsen folmakke binne hat sa'n tsjoenster it bern deatsjoend.
Dy krânsen matte út it kessen weinom en forbrând wurde.
nl.verhalenbank.33241
Ien dy't in wikseldaelder ha woe, moest in swarte kat oantuge. Mei dy swarte kat moest er trije kear om 'e tsjerke hinne rinne. Elke kear moest er troch de tsjerkedoar roppe: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?"
De trêdde kear woarde dan de doar op in kier dien en de wikseldaelder woarde him foar de kat jown.
nl.verhalenbank.21309
Hjir yn Tsjummearum hat in man wenne, dy wie mei de helm geboaren.
Sahwat yn 1902 is hjir in fanke stoarn, dat hiet fan Anne. Hja moast omke tsjin my sizze.
Dy man dy't mei de helm geboaren wie gong op in dei by harren foar de ruten lâns. Doe stie er even stil en gyng doe wer fuort. Soks die er oars noait.
De twadde deis die er itselde wer.
De trêdde deis...
nl.verhalenbank.20611
Hindrik Meijer fortelde: Ik kom by Meine At wei yn 'e Grinzerpein. 'k Wie rinnende. Underweis hearde 'k allegear stappen njonken my. As ik stean bleau, hearde ik noch ien, twa, trije stappen. Dan roan ik wer fierder. Wer hearde ik de stappen njonken my. Bleau ik stean, dan wer ien, twa, trije stappen. Mar ik seach neat.
Ik kom op 't lêst op 'e wei, dy't...
nl.verhalenbank.26062
As trije katten by elkoar sitte to razen, dan binne dat tsjoensters, dy't in forgadering hâlde, sizze [se].
Hjir ha tsjoensters west, dy't op 'e biezem troch de loft fleagen woarde der sein.
nl.verhalenbank.34466
Tsjoensters hienen de gewoante krânsen yn 'e holkessens to tsjoenen. Meastal fan bern. As der trije folle krânsen yn sieten dan wie 't bern dea.
De tsjoensters koenen op in biezemstôk troch de loft fleane.
nl.verhalenbank.34499
Der wie in man, dy siet yn it lân to melken. Doe kom der in frou oan. 't Wie waerm waer en dy frou hie och sa'n toarst. Hja tocht: "Hie 'k mar hwat to drinken."
Doe't se dy man dêr sitten seach to melken, frege se: "Ha jo ek hwat molke foar my?"
"Né," sei de man, "ik kin de molke oars wol brûke, dêr krije jo gjin fan."
Doe hearde dy man sizzen: "Geef die...
nl.verhalenbank.25556
Heit lei al trije dagen siik op bêd. Hy wie altyd mar oan 't noasblieden.
Doe kom der in man by ús, dy sei: "Jo matte in bloedstamper yn 'e hân ha."
Mar dy hie heit net. De man sei: "Ik wol", en doe kom er oansetten mei in mes mei in wyt heft.
Dat krige heit iepen yn 'e hân.
Doe't myn broer thúskom en dat seach, sei er tsjin my: "Bliksem Arjen, wy matte...
nl.verhalenbank.23443
Op 'e Leijenskant woarde âlde Hindrik Heddema bitsjoend. Ien fan 'e famyljeleden gong nei Kûkherne ta om Wopke op to heljen. Wopke biloofde dat er komme soe.
Hja hienen by Hindrik Heddema in hage foar de glêzen lâns en dêr stie in hekje yn. Oan 'e westkant wie ek in hage. Achter hûs wie ek in hekke.
Wopke sei: "Jimme matte in groppe grave, fóár 't hek en...
nl.verhalenbank.24099
Hoe't men in wikseldaelder krijt:
As men in wikseldaelder ha wol, mat men durf ha. En men mat nergens oan leauwe.
Men mat in swarte kat oantuge. Dy kat mat men op 'e rêch yn in sekje drage. It mat roettsjuster wêze, gjin ljochtmoanne. Dan mat men 't hiele tsjerkhôf trije kear yn 't roun rinne. Elke kear as men it yn 't roun roan hat, mat men op syn minst...
nl.verhalenbank.19380
Froeger gong it paed wol gauris oer in tsjerkhôf hinne.
Der wienen us twa dy woenen ien bang meitsje.
Se wisten dat dyselde dêr lâns komme soe. Sy gongen boppe op elkoar stean, elk mei in lekken om, by de muorre op.
Doe sei deselde, dy't dêr lâns kom: Ik ha wol us twa boppe op elkoar stean sjoen, mar noait dêr noch in trêdden boppe op. Doe woarde de...
nl.verhalenbank.29294
Wolters Tryn wenne op 'e Houtigehage. Sy kom op in joun út 'e hûs wei, doe kom der in lyts wyfke njonken har.
"Goeije navend", sei Tryn.
Dat wyfke sei neat werom.
"Ik sei navend", sei Tryn.
Hja sei noch neat en bleau mar njonken Tryn.
Doe sei Tryn foar de trêdde kear 'navend'. Wer sei se neat en samar ynienen wie se fuort krekt as wie se yn 'e groun...
nl.verhalenbank.23785
Wy ha ris mei ús trijen op 'e fyts nei Hinke Kaert west. Dy wenne op Nijebrêge. Ik en myn broer en Jan.
Myn broer wie de âldste, dy kom it earst oan 'e beurt.
"Hwat binne jo ûngelokkich", sei se tsjin him.
"Ja?" sei myn broer.
"Ja," sei se, "jou frou falt der soms samar hinne."
Dat kloppe.
Doe kom ik oan 'e beurt. Ik sei út 'e gek: "'t Sil my binije hwat...
nl.verhalenbank.23381
Guon hienen froeger krânsen yn 'e kessens. Dat wie 't wurk fan 'e tsjoensters. Oan 'e krânsen koe men sjen of de tsjoenster in man wie of in frou. Wie 't in frou, dan wienen de krânsen fan naeijern en stopjern. Wie 't in manspersoan dan wienen de krânsen fan byntjern. (Om de healpounen tabak siet froeger altyd byntjern hinne. Dêr koenen se 't oan sjen.)...
nl.verhalenbank.29479
Frijmitselers ha noait forlet fan jild. Sy wurde trije kear holpen. Woenen se foar de fjirde kear holpen wurde, dan woarden se stil wei. Alle frijmitselers ha in wikseldaelder. Sy binne kûgelfrij.
nl.verhalenbank.23815
Sterke Hearke wie arbeider by Bindert Japiks Kloosterman op it Bouwekleaster. (Doe't Bindert Japiks stoar, haw ik noch leedbôlle fan 'e bigraffenis hawn)
Se wienen by Bindert Japiks oan 't dongladen. De skerne woarde leechmakke. Twa hynders wienen foar de wein spand, mar doe't se de dong der op laden hienen, siet de wein fêst. De beide hynders koenen him...
nl.verhalenbank.19550
Een tsjoenster moet om 'e drie joar een kapot moakn.
nl.verhalenbank.27327