Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Heit syn broer Geartom soe by in boer yn Grinslân yn 't wurk. De nachts soed er yn 'e skuorre sliepe. Doe't it tiid wie om him del to jaen soed er de skuorredoarren ticht dwaen. Doe sei de boer tsjin him: "Né, dy doarren matte jo net ticht dwaen, dy binne moarn dòch iepen."
Geart-om sei: "Leauwe jo dêr dan oan?"
Doe't de boer fuort wie die Geart-om de...
nl.verhalenbank.33278
Der wie in frou, dy hie in gouden skonk. Hja sei: "As ik der us ôf kom to reitsjen, dan wol ik dy skonk by my hâlde. Dan meije jimme dy der net ôfhelje."
Dat biloofden se har, mar doe't hja stoar, hâldde de man him net oan syn wurd. Hy nom de skonk der àl ôf en it minske kom sûnder gouden skonk yn it graef.
Doe't se ien dei op 't tsjerkhôf lein hie, kom...
nl.verhalenbank.23719
Ien hjirwei kaem ris in kear út 'e herberch. Underweis nei hûs ta woard er samar fan 'e wei ôf yn 'e sleat smiten.
Hy sei: "Bliksem, doch dat noch ris." Doe gebeurde 't wer. "Noch ris", sei er. En wer woarde er yn 'e feart smiten. Mar doe doarst er it net wer to freegjen, hwant doe wist er dat it de duvel wie.
nl.verhalenbank.28116
Yn 'e Bilt wennen twa hiele bêste froulju. Dat wienen Anna en Jacoba. Dêrom ha se twa doarpen nei dy froulju neamd: Sint Anna Parochie en Sint Jacoba-Parochie. Se neamden dy froulju wol faek: onze lieve Vrouwen. En dêrom ha se it trêdde plak neamd Onze Lieve Vrouwenparochie.
nl.verhalenbank.20628
De bonken yn 'e bientsjekou.
Der wenne ergens in jongfeint, dy wie net gau bang. Hy wedde mei it jongfolk, hy soe op dy en dy joun let nei 't tsjerkhôf en in deabonke út 'e bientsjekou helje. Dat wie dus ôfpraet.
Mar de koster, dy't der fan ôfwiste, forskûle him achter de bonken. Hy hie in wyt lekken om him hinne dien.
De jonge pakte in bonke. Doe sei de...
nl.verhalenbank.20827
Trije bruorren: Bouwe, Gerke en Frederik stiften elk in kleaster: Bouwe-kleaster, Gerkeskleaster en Feankleaster.
nl.verhalenbank.23651
Ik wie in jongfeint, doe kom ik us op in kear mei myn kammeraet Japik op in joun op 'e fyts thús. (yn 'e Boelensloane) "Sjoch," sei 'k, "dêr stiet in plaets yn 'e brân." 't Wie Veenstra's plaets, dy stie yn ljochte lôge.
Doe't wy der by kommen, wie der neat to dwaen.
Trije wiken letter seach ik it wer. Mar doe brânde de plaets op. 't Wie deselde lôge.
nl.verhalenbank.23491
Der stienen trije man by in bakker foar de etalage to sjen. Dêr lei in prachtige taert foar. Hja praetten ûnder elkoar ôf, hwa't de dikste rachel spuije soe, dy soe de taert ha. De beide oaren soenen him dan bitelje.
De earste spuide in dikke rachel.
De twadde spuide in rachel, dy wie nòch dikker.
Mar de trêdde gong hinne, dy slobbere dy beide rachels op...
nl.verhalenbank.33735
Heit hat sjoen dat Ymke de Jong mei boarden op 'e noas fuortroan. Hy droech ek twa, trije stuollen op 'e noas. Dan hied er mar ien stoelpoat op 'e noas.
Sa reizge er de merken ôf.
nl.verhalenbank.27754
Doe't myn wiif noch in bern wie gong Sweitse Kim mei krânsen bilans, dy't er út in fearren bêd helle hie. Dêr slepte syn bern op, dat hie bitsjoend west. It wienen twa krânsen. Hienen der trije west, dan hie it bern it net oerlibbe.
nl.verhalenbank.21133
Ik wie yn Grinslân - ik wie noch jong en gong by de boeren lâns om wurk. Ik kom to Loppersum by in boer.
De boer sei: "Ik ha wol wurk foar dy. Ik mat in skiepmelkersjonkje brûke." Sa bilânne ik dêr by dy boer.
Doe kom dêr in frommes by de doar, dy frege of se dêr sliepe mocht. Sy hie lang hier en rokken oan.
De boer liet har der yn en de jouns nei iten...
nl.verhalenbank.27781
Der wie us in doomny, dy moest gauris nei in oar plak ta to preekjen. Dan hâldde er meastal deselde preek. Sa hied er al trije kear preke oer de skoanmem fan Petrus, dy't mei koarts op bêd lei.
Op in kear stie er yn 'e tún. Dêr hearde hy de klok lieden.
"Wie mag daar gestorven zijn?" seit er. "Zeker niet een van mijn gemeente, dan had ik het wel geweten."...
nl.verhalenbank.23444
Der wie in man yn 'e Harkema, dy gong elke moarn bitiid nei Eastemar ta to arbeidzjen. Syn paed gong oer de Dunen, dêr wied er goed trije ûre yn 'e moarn. Der wienen twa, dy wisten dat en dy tochten: Wy sille him ris bang meitsje. Sy dienen in wyt lekken om en sa gong de iene op 'e oare stean.
Doe't de arbeider se seach, sei er: "Ik ha wolris twa op...
nl.verhalenbank.29425
Us mem wenne yn Twizelerheide. Op in middei hearde se in swier gebrom yn 'e loft. It minske woarde sa bang dat hja sprong op 'e kop yn 'e dobbe. 't Wie foartsjirmerije.
Trije dagen letter hienen jo itselde gebrom wèr yn 'e loft. Mar doe wie 't in luchtskip: de Zeppelin. It lûd wie doe noch dúdliker. It gong fan noardoast nei súdwest.
nl.verhalenbank.34460
De trije tosken yn 't reid binne fan in ezelsbeet.
Doe't Noach de ezel út 'e arke weiliet wie 't earste dat er krije koe reid. 't Wie fierder allegear wetter. Sûnt kin men altyd noch de toskleasten yn 't reid sjen.
nl.verhalenbank.32944
As jouns de sinne gleon op 'e glêzen skynt en 't liket fan fierrrens krekt as stiet it hûs yn 'e brân, dan komt der hurde wyn.
As de kobben heech yn 'e loft soeije, sûnder dat se de wjokken biwege, komt der ek hurde wyn.
As de loft alhielendal klear is, sûnder in wolkje, komt der binne trije dagen rein.
nl.verhalenbank.28110
Wy mochten froeger noait in eintsje tou opkrije, dêr't trije knopen yn sieten. Oars krigen wy de koarts, sei mem.
nl.verhalenbank.24058
Knjillis Det, dat wie myn muoike. Dy wie alle jounen oan 't kaerten. Mei de flesse drank op 'e tafel. Sy siet mei de manlju to kaerten, dan woarde it wol ien en twa ûre yn 'e nacht. Dat die se ek, foardat se bifalle moest. Mar dêr is se foar straft woarn. De bern, dy't se krige hienen allegear de spylkaerten op 't boarst. 'k Ha 't sels sjoen. As wienen se...
nl.verhalenbank.23938
Yn 'e tritiger jierren wienen myn wiif en ik oerdei faek om handel út. As de bern dan middeis út skoalle kamen, ieten se by skoanmem. Mar myn jonge mocht binei gjin iten. Hy wie lusteloas. Men koe ek net sizze dat er siik wie. Hy boarte net mei oare bern. Skoanmem sei: "Dû mast us mei him nei Jonge Jan ta gean fan 't Wytfean, hwant de jonge kin wol...
nl.verhalenbank.19332
Trije âlde feinten út Berltsum seinen:
Ons Belkum is een zoeten dal
en die daar komt, die blijft er al.
nl.verhalenbank.20941