17,596 datasets found
Narrator Gender: male Place of Narration: De Tike
Ik ha wolris heard, dat hjir op 'e Tike nachts in greate swarte houn tahâldde, dy't by de minsken kom, mar dêr wyt ik it rjochte net fan.
nl.verhalenbank.32600
Der binne ek wol gatten yn huzen of yn hagen dy't se noait ticht hâlde kinne.
nl.verhalenbank.24089
As men hwat fan in tsjoenster opiet, dan koarre men slangen en skobben út.
nl.verhalenbank.24102
Tsjoensters kinne har yn allerhanne dieren foroarje. Guon komme troch 't kaeisgat.
nl.verhalenbank.24103
Yn Hurdegaryp stiet in greate homaeije. 't Is in izeren hek. Dat hek stiet altyd op. Myn wiif komt fan Hurdegaryp. Sy gong to naeijen, doe wie 'k noch net mei har troud. Doe praette ik us mei har oer dy homeije. Dokter Bontekoe wenne dêr yn dat slot. Sy sei, dy homeije, dy gong altyd fansels iepen. Dy koenen se net ticht hâlde. Guon hienen de wacht der...
nl.verhalenbank.24088
Rypke Paulusma fan de Tike kom altyd mei de koarts werom fan 'e Grinzer klaei. Dat neamden se de klaeikoarts. Knjillis Wytses fan Sumar hie dêr in âld resept foar, dat tige holp: Sy moesten har eigen wetter drinke, dan wienen se de koarts kwyt.
nl.verhalenbank.32601
Se seinen froeger altyd: nim noait in apel of in par fan in tsjoenster oan, hwant dy foroaret nei in setsje yn in pod of in kikkert. Om in tsjoenster to kearen brûkten se duveldrek. Alle tsjoensters kinne fleane.
nl.verhalenbank.32603
Krige men in apel of in woartel fan in tsjoenster en men lei dy ûnder in kop, dan wie 't de oare moarns in pod of in kikkert.
nl.verhalenbank.24101
Der wienen minsken dy wienen net by 't fé fortroud. Dan woarde it fé siik.
nl.verhalenbank.24100
Gjert Dalstra (= Lytse Kei) fan 'e Tike wie in frijmitseler. Hy hie him oan 'e duvel forkocht foar in wikseldaelder. Dy wikseldaelder hied er yn in koer en dy koer hong oan 't ûleboerd. Dat ûleboerd wie net ôfmakke woarn. Op in pear plankjes nei. Lytse Kei hie noait forlet fan jild. Alle Maitiden gong er nei Zoutkamp, nei in boer op 'e klaei op 'e bou.
nl.verhalenbank.32602
Frijmitselders hâlde nou en dan in forgadering yn in gebou. Sa't se der yn geane matte se der ek wer út, dus achterstofoar.
nl.verhalenbank.32612
Knjillis Wytses fan Sumar wie in tige forneamde wûnderdokter. Us mem hie fochte tusken de fingers, dat kom der hyltyd út en dat waerd almar slimmeroan. Op 't lêst krige se 't ek op 't boarst, dat fochte. Doe heit nei Knjillis Wytses ta. Hy sei tsjin heit: Sy mat de hannen alle wiken yn séwetter waskje, krekt sa lang oant se wer better is. Doe lieten wy...
nl.verhalenbank.32606
Omke Jelle gong us mei de jonges nei de Earnewarren, dêr't er yn 't wurk wie. "Matte jim us sjen," sei er, "hwat stiet dêr? Dêr stiet in plaets. Hoe kin dy dêr nou kom wêze?" Mar der stie net in plaets. Net earder as in jier letter, mar hy hie him dêr fan tofoaren al stean sjoen.
nl.verhalenbank.27196
Om nachtmerjes to kearen sette men de skuon of de klompen omkeard del. Dat die myn broer altyd.
nl.verhalenbank.24104
Ymke hie ek us in bierglês, dat sette er op 'e tafel del. Dat wie ek by Mooiweer. Doe krige er in pakje kaerten en dy die er yn 't bierglês. Doe neamde er in kaert by de namme. Litte wy mar sizze Hartenaes. Doe sprong hartenaes ta 't bierglês út. Doe neamde er in oaren ien. Dy sprong der ek ta'n út. Earst de kaerten mei de nûmers, doe dy mei printsjes. Op...
nl.verhalenbank.24110
Doe't wy jong wienen ha wy wol us foar de swarte spegel stien.
nl.verhalenbank.24111
Wy hawwe buorlju hawn, dy hienen wolris lêst fan tsjoenderij. Dy hienen altyd in pûdtsje mei rogge op 't boarst.
nl.verhalenbank.24105
Heit hearde it timmerjen op in plak yn 'e Sumarreheide. Letter ha se op datselde plak in hûs boud.
nl.verhalenbank.27197
Der kom ris in man by Knillis Wytses, dy siet alhiel ûnder 'e pûkels. Hy hie in bulte lêst fan jokte. Dan toklaude er him en dan gongen dy pûkels iepen. Hy hie der rounom mei mastere, ek to Ljouwert, mar nergens baet foun. Doe kom er dan by Knjillis Wytses. "Kin dit wer better?" frege er. "Wis wol," sei Knjillis Wytses, "kom mar mei yn 'e tún." "Sjoch,"...
nl.verhalenbank.32607
Op 'e Deltike hat in âld minske wenne, dat wie de widdou Tiekstra. Dy roan sa bot foaroer, dat sy kom hast mei de holle op 'e groun. Dy hienen in dochter, dy tsjinne yn Grou by de boer. Dat fanke krige dêr forkearing. Mar dat stie de âlden net oan, dy woenen 't net lije dat se mei dy feint trouwe soe. Doe forwachte hja in bern. Doe doarst se net thús to...
nl.verhalenbank.32639