Us heit en dy kommen op in nacht sahwat om ien ûre thús. Se hienen it fjild yn west. Der wie ek in jongfeint fan in jier of njoggentjin by har.
Se wienen sa'n fyftich meter fan in kaféke ôf. Dêr wienen de ljochten op, it gong der drok op in dounsjen en spyljen. Teade spylman syn lûd klonk boppe alles út. "Ronde!" rôp er.
Heit en dy seinen: "Dat treffe...
nl.verhalenbank.17480
Ritske Bottinga wie frijmitseler. Dy moest alle jierren hwat nijs bouwe. Hy moest altyd mar timmerje oan 't hûs. Die er it net, dan moest hy der sels oan.
nl.verhalenbank.25432
Op snein mat men noait hwat naeije, hwant krijt men op jins stjerbêd hwat oan, dat op snein naeid is, dan kin men net ta stjerren komme.
nl.verhalenbank.38488
Ik ha mei in man wurke op 'e flaeksfabryk yn Bedum. Dy man kaem fan Twizelerheide. Hy fortelde my, hy fytste us op in saterdeijoune nei hûs ta. Hy fytste midden op 'e wei en wie sahwat yn Twizelerheide by de âlde staetsskoalle, doe woarde er samar mei fyts en al optild, sa sweefde er troch de loft en waerd pardoes op 'e kop yn 'e sleat smiten. Der wie net...
nl.verhalenbank.19334
Oan 'e Boppewei spûke in âld man. Dêr mat in protte jild yn 'e groun sitte. Mar sy kinne 't noait krije. As jy de kiste reitsje mei de lodde sakket er fierder yn 'e groun wei.
nl.verhalenbank.36664
Guon wurde mei de helm geboaren, dy sjogge letter altyd lykstaesjes. Hja geane nachts faek út bêd wei om der nei to sjen. Tink der om, seinen se froeger tsjin ús, net midden op 'e wei rinne. Oars kinne jim yn 'e sleat smiten wurde.
nl.verhalenbank.36670
Alde Thomas Clare wie kaertlizter.
Ik ha 't ris meimakke, doe sieten der twa jonge froulju. Ik siet der flak by, mar sy koenen my net sjen.
Mar ik koe alles hearre.
"Dû hast in swarten," sei Klare, "dy loert op dy."
"Nòch ien, dy wol der tusken."
"D_ is wòl fortroud, d_ nèt."
"Jimme krije èk hwat nijs, beide in nije fyts."
Hja krigen beide in poppe.
nl.verhalenbank.25142
Yn dyselde tiid lei myn frou dêr ris ier yn 'e moarn op bêd. Hja moest der altyd om 4 ûre ôf om de arbeider yn to litten. Doe wie 't ris op in moarn 3 ûre. Hja hearde dúdlik de fuotstappen fan 'e arbeider en fuort dêrnei de klink fan 'e doar. Hja der ôf om de arbeider yn to litten.
Mar doe't se by de doar kaem wie der neat. Hja gong wer lizzen. Krekt om 4...
nl.verhalenbank.36843
In man as Wopke hat in protte minsken ta in segen west. As dy der net west hie, hie de duvel hjir noch folle mear slachtoffers makke.
nl.verhalenbank.29963
Dy't in apel fan in tsjoenster oannimt kriget in pod yn 'e mage.
nl.verhalenbank.21481
Yn Feanwâlden is us in hûs opbrând. Guon ha dat hûs fan tofoaren yn 'e brân sjoen.
nl.verhalenbank.24472
By 't Foarwurk yn 'e Westerein stie froeger in herberch. Dat wie de Hossebos. Dêr gong 't altyd op in kaertspyljen. Sy stjûrden dêr skoppenboer fuort om in flesse jenever. Dy flesse jenever kom èk. It wie de duvel, dy't him brochte.
nl.verhalenbank.21536
Oan 'e Boppe-wei, op it plak, dêr't letter altyd de woanweinen stienen, sit in kiste mei jild yn 'e groun. Men hat prebearre dy kiste op to dollen, mar hwat djipper men mei de lodde kaem, hwat djipper dy kiste sakke.
nl.verhalenbank.29803
Op 'e âlde hoek, seinen se froeger, wie in pleachbeest. Dat kom by de bakker fan 't hiem ôf en roan sa nei de buorfrou ta.
nl.verhalenbank.36274
Der wie in man, dy hie krekt út 'e broek west. Hy seach om nei hwat der lei. Dat wurdt folle dien.
Doe frege in man him: "Hwerom sjogge jo dêrnei?"
Hy sei: "Ik woe ris sjen as der foar dy wol genôch wie. Oars soe 'k der noch in stik by skite."
nl.verhalenbank.37156
De dokters wolle graech sa'n helm ha. Se wurde dêrom faek achterútmoffele, hwant se binne in protte jild wurdich.
Sa'n helm wurdt djûr forkocht.
Dy't sa'n helm yn bisit hat, is kûgelfrij.
nl.verhalenbank.38503
Ik wie noch feint en hie forkearing mei it wiif, dêr't ik nou mei troud bin. Dy wenne oan dizze kant it spoar, yn 'e buert fan 'e Ria's.
't Wie op 'e joun en tsjuster. Ik roun by de fyts lâns.
Doe kom der in swarte houn by my, dy't ik noch noait sjoen hie. En ik hie ek noch noait sa'n greaten ien sjoen. Hy wie net lytser as in keal. Hy roan oan 'e oare...
nl.verhalenbank.38517
Alde Karste Lamke hie lapene popkes. Dêr stuts se mei spjelden yn. 't Wie in greate tsjoenster.
nl.verhalenbank.21085
Anke Anne roan op 'e Lange Loane. Doe hat er dêr allegear minsken sjoen dy't al lang forstoarn wienen. Anne hat it dêr bot mei to krijen hawn. Hy is der hielendal fan foroare, sa'n yndruk hat dat op him makke.
nl.verhalenbank.21084
Op it spoar yn 'e Westerein spoeke altyd in famke om.
nl.verhalenbank.19533