Hja wenne oan 'e feart. As de bern op it iis rieden, by 't winter, foelen se altyd op it iis op it plak dêr't hja wenne. Alle minsken wienen bang foar har.
Sy koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.20562
Men mat kaf struije of moal, dêr kin men de nachtmerjes mei keare.
nl.verhalenbank.20576
Harke Woudwyk wenne mei Gels syn suster yn 'e Westerein. Hy koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte en dy soldaetsjes bigongen dan op 'e tafel to dounsjen.
nl.verhalenbank.17494
Us heit fortelde, yn 'e Westerein wenne in man, dy siet faek yn 'e kroech. Dan sûpte er him dronken en hie er raer praet dêrby en gong 't op in flokken en kettermintsjen. Op in joun kom er út 'e kroech, doe woarde er ûnderweis troch de duvel keard. Hy mocht net oer 't paed rinne en moest troch de sleat. Dweiltrochwiet is er thúskaem.
nl.verhalenbank.36328
Op in kear hie heit in wein fol stront laden. De wein stie yn 't djip skerngat en it hynder koe de stront der net weikrije. Doe spande heit it hynder út en krige it tiksel beet en luts de wein der sèls út. Hy wie sterker as in hynder. Myn heit hiet Fokke Veenstra.
nl.verhalenbank.19446
Doe't Knjillis Veenstra noch feint wie, hied er mei trije man der op út west. Hy wie in blaffer. Hy sei, hy woe de duvel wol us sjen.
Doe kommen se de Wedze lâns. Hy roan tusken dy trije kammeraden yn. Mar hy woarde der tuskenwei tild en yn 'e sleat smiten.
Knjillis Veenstra wenne by 't spoar ûnder Kollumersweach.
nl.verhalenbank.19452
Yn 'Ons Huis' yn 'e Westerein wenne Hoedemaker. Dy krigen in poppe. Hja krigen de molke altyd fan Piters Willemke. Mar Willemke, dat wie ek in greate tsjoenster. Dy molke moest de poppe drinke. It bern waerd siik.
Doe sei myn suster Pytsje tsjin Hoedemaker: "Tink der om, jimme bern is bitsjoend. Willemke, dat is in tsjoenster. Jimme poppe giet dea as...
nl.verhalenbank.29744
Der wienen ek twa skoalfamkes, dy rounen altyd by Brante Willemke oer 't hiem. Doe joech Willemke ien fan dy famkes ek ris in grouwe apel. Dat famke biwarre dy apel, se iet him net op. Hja lei him yn 't laed fan in kastje.
Op in dei, doe't it thédrinkerstiid wie, soe se de apel dêr wei krije, mar doe wie 't in grouwe pod.
As 't famke dy apel fuort opiten...
nl.verhalenbank.29750
Hjir yn 'e Westerein wie in man, dy hie ek altyd lêst fan in nachtmerje. Hy wenne yn 'e Tsjerkestrjitte. Op in kear hied er moal struid foar 't bêd, en dêr hat er dy nachtmerje mei fangd. Doe koe se net wer fuortkomme.
Doe wie 't de dochter fan tige wolstelde lju, dy't dêr de oare moarns by de tafel siet. Hja liet him bilove dat er [it] net tsjin oare...
nl.verhalenbank.29778
Traepje net op in slak, oars bigjint it to tongerjen.
Meitsje net in kikkert dea, oars bigjint it to tongerjen.
nl.verhalenbank.36880
Trapet men op in pod, dan komt der tonger.
nl.verhalenbank.29787
Se dienen froeger duveldrek ûnder 'e drompels. Dêr koe de tsjoenster net oerhinne komme.
nl.verhalenbank.29793
Omke hearde ek psalmsjongen yn 'e loft. Dat wie de foarboade fan 'e radio en de t.v.
nl.verhalenbank.36857
Hjir wennen twa mannen, dy koenen allebeide omraek fortelle. De iene sei der altyd achteroan: Dy't it it lêst forteld hat leeft noch.
En de oare sei der achteroan: En ze hebben bij de glazen opgescheten en 't was dag.
nl.verhalenbank.33873
Froeger wienen der gjin wekkers en ek gjin horloazjes. Dan tikke it achter it bêdsket en ek wol ûnder 'e weech. Dat wienen de wylde horloazjes! "Dat binne de wekkers woarn," sei ús mem, "dy't nou op it bêdsbuordtsje stean."
(foartsjirmerij)
nl.verhalenbank.33867
Op in nacht, noch net sa lang lyn waerd ik ynienen wekker troch in lûde plof; krekt as foel der in muorre del.
De oare moarns roun ik om 't hûs hinne om to sjen hwat der gebeurd wie, mar der mankearde neat oan.
Binnen 't jier waerd it âlde húske fan myn buorman ôfbrutsen. Doe hearde ik krekt wer itselde lûd, doe't der in stiennen muorre delkaem.
nl.verhalenbank.36512
Us mem hie in baekster, dy wie mei de helm geboaren.
Mem frege har in kear: "Ha jo wolris hwat sjoen?"
"Och minske," sei se, "ik ha der wit hoe faek op út west yn 'e nacht. Dan kòe 'k net thúsbliuwe.
Doe't myn dochter fordronken is haw ik dat ek allegear foarútsjoen."
nl.verhalenbank.36513
Yn Hurdegaryp, by it slot fan dokter Bontekoe, is in hekke. Dogge se dy ticht, dan giet er fansels wer iepen. It doocht dêr net by dy hekke.
nl.verhalenbank.33682
De frijmetselers dy ha har oan 'e duvel forkocht. Dêr krije se jild foar yn 't plak. As it op is hingje se de lege jildponge oan 'e doar. De oare deis is er wer fol.
nl.verhalenbank.33866
Hjir hat in sekere doomny Knoop stien yn 'e grifformearde tsjerke. Dy man koe net stil stean bliuwe yn 'e preekstoel. It wie krekt in duveltsje yn in doaske. Dan seach men him hast net en dan stuts er wer in ein ta de preekstoel út.
Doe sei er in kear yn 'e preek: "Zo zie je me en zo zie je me niet."
Dat ha de minsken goed ûnthâlden. Dat wurdt noch altyd...
nl.verhalenbank.33872