By Ate Meter dêr wie altyd in grouwe, swarte kat om 'e doar hinne. Ate hie 't net op dy kat stean. Hy hie al in pear kear prebearre der in raem op to dwaen, mar hy koe him noait ûnder 'e hân krije.
Op 't lêst hied er goed oppast. Doe't de kat der wer oankom hied er in dikke kneppel yn 'e hân, doe die er de doar fluch iepen en sloech ta. Hy rekke de kat....
nl.verhalenbank.25988
Froeger seagen de manlju wolris yn 'e swarte spegel. In man, dy't oarspronkelik fan 'e Houtigehage kom, hie der èk yn sjoen. Doe seach er de frou, dêr't er letter mei troud is.
As in man in kiste krige to sjen yn 'e spegel, dan soed er net trouwe.
nl.verhalenbank.25963
Alde Rikele Myt - ek faek Mytsje-muoi neamd - wie ek in tsjoenster. Dy wenne op 'e Skieding. Jouns wie se altyd op in paed. Dan foroare se har yn in kat.
Op in kear kaem se sa ris wer by minsken. Mar de man hie har yn 'e rekken en sei: "'k Sil dy wol helpe."
Doe sloech er in spiker yn 'e ein fan in stok.
"As se nou wer komt, dan krijt se der fan", sei er....
nl.verhalenbank.32011
Haeije Postma fan Surhuzum - in âld man - fortelde ris: Yn Surhuzum wenne in âld-frou.
Greate Gelf en syn kammeraten soenen dat âld-minske ris bang meitsje. Sy passearden in paed mei in omstap om 'e hekke. Dêr moest dat âld-minske lâns.
Twa fan dy mannen gongen dêr stean, elk mei in great wyt ding om.
Doe wie dy âld-frou dêr oan kom. Sy bleau stean en sy...
nl.verhalenbank.27334
Myn tante had forkearing met een fint út 'e Kòrnhörn. Doe het se ergens op 'e kermis weest. Doe sag se doar in de swarte spiegel en doe sag se in hiel ander fintje in de spiegel stoan as dêr't se forkearing mee had. Doe sei se: "Dit is allemoal bedrog."
Even loater komt se in Oldekerk bij een dikke boer te woonen. Se kriegt forkeering met syn seun en sy...
nl.verhalenbank.26014
Op 'e merken wienen froeger altyd wiersizzerstinten. Dêr koenen jy yngean, dan kommen je foar de swarte spegel. Je krigen dan it wiif to sjen, dêr't jy mei trouden, of in deakiste. Dat lêste bitsjutte dat jy net trouwe soenen.
nl.verhalenbank.24171
Froeger gong 't jongfolk wol gau us foar de swarte spegel. Dy't gjin wiif krige seach in kiste, dy't trouwe soe seach syn takomstich wiif.
Doe't myn earste man us yn 'e swarte spegel seach, kom der in frommes foar 't ljocht mei lang swart hier. Doe't myn man my letter seach, sei er: Ik woarde kjel. Sa sprekend likestû op dat portret.
nl.verhalenbank.23149
Alde Wytse Minne hat har eigen soan deatsjoend. Sy wenne yn 'e Parken. De minsken ha har jouns wol sitten sjoen as in swart protsje op 'e reed.
nl.verhalenbank.25954
Rikele Myt fan 'e Skieding wie in tsjoenster. Dy koe har yn in swarte kat foroarje. Op in kear wie der in man op jacht. Dy skeat op 'e swarte kat. It each wie der út. Dy kat, dat wie Rikele Myt.
nl.verhalenbank.31926
Doe't wy to Grins wennen kom der us in âld minske fan Rotterdam by ús. Dy wie katholyk. Dy fortelde ús, njonken har hie in jonge frou wenne. En dêr wer njonken wennen twa ûngetroude froulju. Dat wienen tsjoensters. Dy wienen nachts op in paed. Dan wienen se alhiel yn 't swart mei greate kleden om har hinne.
Ien fan dy froulju stie us op in nacht foar 't...
nl.verhalenbank.25967
Ek in kear, doe wienen alle hinnen bitsjoend, de swarte en de wite beide. De hinnen hienen de koppen op 'e rêch. Sy sieten der achterstofoar oan. Doe ha wy de koopman komme litten. Wy seinen: "Hwat gauwer fuort, hwat better."
De koopman sei: "'t Sit ûnder 'e swarten."
"Ja," sei 'k, "mar jo kinne se allegear wol krije, de witen ek. Hwant dy binne krekt sa...
nl.verhalenbank.21106
Alde Hindrik Pikelhearring koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Ja, hwat koed er net! Hy wenne yn de Pein. Hy roan mei sinaesappels by de streek lâns en sa kom er ek us in kear by ús. Mar wy hienen 't tige krap en sinaesappels mochten ús net barre.
Mem sei tsjin him: "Kom der mar yn, dan krije jo in bakje kofje. Mar ik kin neat fan jo keapje."...
nl.verhalenbank.21110
Hendrik van der Molen het hier woond dat in eindje uut. Maar een stap of wat van ons af, hier flakbij. Hij was faak bij ons. Hij was een duvelbander, seiden se.
Hij het al jaren wei west.
Ons moeke was weduwvrouw.
Op in kear kwam Hendrik bij ons, doe froeg hij om de puidel van de tabak. Myn broer had der een.
"Mooi jongen", zeedie. 't Was een fremdig man....
nl.verhalenbank.23967
Ik haw to Grins op 'e merk stien mei in kofjetinte.
Njonken my stie in âld wyfke, dy fortelde op in kear, sy hie dy nachts droomd, it wie swart fan flychtugen west yn 'e loft. Dat wie krekt de wyks foardat de Dútsers yn oantocht wienen yn 1940.
nl.verhalenbank.25975
Piter Schulp, postkantoarhâlder yn Surhústerfean hat itselde dêr bileefd.
Ek Miente van der Sluis, dy't letter plysje yn Grins wie.
Ek Meint Pamma, dy't op 'e Skieding wennet, by de Parkster Skoalle.
nl.verhalenbank.17331
Heit hie nei de faem ta west yn Surhústerfean. Doe't er by 't Blauhûs wie, sahwat by de plaets fan Poppinga, oan 'e wei nei Boelensloane, kaem der him in swart ding tomjitte, dat him foarbysweefde. It bleau by him yn 'e buert. It wie in great swart ding. Hwàt it wie koed er net sjen. Heit hat it faek forteld.
nl.verhalenbank.17330
Myn man hat it us meimakke, doe hie er nei Koartwâld nei de faem ta west. Doe hied er in dik swart ding foar him. Hy woe der op út dat it in pleachbeest wie.
nl.verhalenbank.27569
Dat is gebeurd in Hagestein, ik wil maar zegge, d'r liep iemand op de dijk en die had z'n eige zo bang gemaakt, want d'r liep een zwart katjie met 'm mee.
nl.verhalenbank.126001
Der wenne in faem yn 'e Sweagerbosk, dy wie hwat wyld. Jouns wie se altyd bûten warber. Der roan altyd in greate, grouwe swarte houn by har lâns, dat wie in pleachbist. As se sei: "pleachbist", dan krong er tsjin har oan. As se sei "bêst bist", dan rekke er fan har ôf en rekke se him wer kwyt.
nl.verhalenbank.17097
RK: Bijgelovige dingen. Komen die nog wel voor onder de Russen in Nederland? Dus bijgeloof?
V: Misschien jij? Weet jij Olga?
V: Ja, ik denk dat eh, als een zwarte kat...maar dat is over, ook in Nederland, het is niet typische Russisch., ja.
RK: Bestaat dat in Rusland ook, of is dat overgenomen van de Nederlanders?
V: Nee, het bestaat in Rusland ook,...
nl.verhalenbank.43538