Fan ien, dy't altyd in min sin hat, sizze wy: dy hat yn 'e swarte spegel sjoen.
nl.verhalenbank.31208
Oan 'e Simmerdyk tusken Burgum en Hurdegaryp hat men it poepekrús. Dêr ha twa hantsjemieren rúzje krigen om 't jild en doe hat de iene de oare deaslein. 't Wienen Dútsers. It krús is swart. Se ha de pôllen gers weispit en sûnt bleau it altyd swart. Dêr groeide neat mear. Nou ha se stiennen op 'e modder lein.
nl.verhalenbank.31290
In tsjoenster kin har yn alle swarte dieren foroarje, mar meastal yn in swarte kat.
nl.verhalenbank.31236
Myn húshâldster (fan Twizelerheide) fortelde: Us heit hie ris op in joun nei syn skoansoan ta west to foet. Yn 'e nacht kaem er werom. Doe kaem him in greate grouwe swarte houn op side. Dy krong tsjin him oan en woe him hyltyd nei de Swadde ta triuwe. Mar hy koe 't net oprêdde, heit wie sterk. In hiel lang ein is dy houn by him bleaun. Op 't lêst, doe't...
nl.verhalenbank.31191
Der roan us op in joun in frou dy kant nei Kûkherne út. Doe wie der in man op har tasetten kom. Dy woe har birove. Hja wie tige kjel woarn, mar hja fortroude op 't Opperwezen. Fuort dêrnei kom der in grouwe, swarte houn by har en dy wykte net by har wei. Doe rekke se frij. De man gong by har wei.
Us mem hat ús dit forteld.
nl.verhalenbank.27644
Myn âldste broer wenne by beppe yn Burgumerheide. Hy helle alle kattekwea út, yn 'e nacht gong it op in hôfkesjongen, ja en der gebeurden ek noch wol slimmere dingen. Op in nacht hie er wer hwat útheefd, doe wie er op wei nei hûs ta. Doe stie der ynienen in hiele greate swarte houn foar him. Hy koe foar- noch achterút en wie deabinaud. Dat hat de duvel...
nl.verhalenbank.31230
Myn skoanmem wenne yn den Haech. Op in joun siet se mei de bern yn 'e keamer. Doe seagen de bern har ynienen bleek wurden. "Hwat is der, mem?" frege ien.
"Ik seach hjir sakrekt in swarte houn," sei se, "dy roun om 'e tafel hinne en is der doe wer útgien troch dy doar. Dy houn bringt it boadskip, dat der gau ien út 'e famylje deagean sil."
In pear dagen...
nl.verhalenbank.31228
As in bern bitsjoend wie, gong it altyd sa om en ta. Der woarden krânsen yn 't kessen foun. De fear wie dêr ynelkoar gong.
Dan gong men nei Wopke duvelbannner ta. Dy joech in drankje. Wie men ûnderweis, dan sprong der 't ien of oare swarte ding - meastal in houn - by jin op.
Men moest de hân stevich op it fleske hâlde, oars gong it kapot. Hwant dêr wie 't...
nl.verhalenbank.23615
Myn frou hat in skoandochter dat is in healbloed. Dy har mem docht oan swarte kunst. As hja in hekel oan ien hat dan nimt se dyselde har foto en stekt dêryn mei in nuddel. Dan wurdt dyselde siik en giet dea.
nl.verhalenbank.31238
Op Skûlenburch ha se ris in nije boerepleats boud. De hurddobbe wie al klear, mar se hienen forgetten dêr in lid op to lizzen. Doe kaem dêr in swarte kat oansetten - hwer't dy wei kaem wist net ien - en dy gong ta de hurddobbe yn en se ha him noait wer sjoen. Men biskôge dat as in kwea teken. Der rêstte gjin segen op dy pleats.
nl.verhalenbank.31402
Wat Tamme Wobbes efter de Eastermarre mûne seach
It spilet yn 'e twadde helte fan 'e foarige ieu, mar wannear kin ik net krekt sizze. Tamme Wobbes wie in âld skipper en hy mocht graach fiskje. Op in jûne yn it begjin fan augustus gong er efter de mûne
sitten te poeren. It hie in waarme dei west, de sinne wie al lang weisakke efter de Burgumer tsjerke, de...
nl.verhalenbank.12978
Sikke Procé roan op in joun nei tolven oer de wei to Feanwâldsterwâl. Doe wie er sahwat oan it hûs fan Jehannes Meerstra ta, doe kaem der in swarte kat by him, dy roan him foar de fuotten. Sikke skopte de kat tsjin 'e poat oan, de poat wie stikken. De oare moarns hie Jehannes Meerstra de pols brutsen. "Dy ha 'k fannacht brutsen", sei er.
Jehannes hie him...
nl.verhalenbank.31014
Us mem roun yn 'e sinteklazetiid mei de taeikoer. Hja kaem ris op in joun by in hûs, dêr't se taei forkocht. Doe gong se dêr wer wei, doe seach se in beest. Hja wist net hwat it wie, mar 't wie in hiel great ding.
Doe't it beest tichteby wie, like it in hiele greate houn. Hy wie roetswart en hie gleone egen yn 'e kop. Mem wie deabinaud. "Ik hoopje noait,...
nl.verhalenbank.38156
Tamme Wobbes wenne to Eastemar, yn 'e buorren. Nachts gong er faek to pûren. Op in nacht wie dat wer it gefal. 't Wie oer tolven. Hy gong achter de feart nei de Lits ta. Doe bigoun dêr in houn to spûkgûlen. Der waerd er kjel fan. Hy stiet noch even to pûren en fangt noch in pear ielen.
Dan heart er ynienen in fremd lûd. Ut 'e Mar wei sjocht er in soarte...
nl.verhalenbank.31399
Us heit hat it faek hawn oer foartjirmerije. Dan seinen de lju: dêr en dêr komt skielk in hûs to stean. Se ha it timmerjen al heard. Ek seinen se wol: dat hûs mat nochris in kear opbrânne. 't Brânnen is al sjoen woarn. Dat mei it bouwen en timmerjen kaem altyd nei, mar ik kin sa net sizze hokker huzen dat wienen. Yn Garyp gongen dy forhalen.
Heit fortelde...
nl.verhalenbank.31284
Beppe wenne to Feanwâldsterwâl. Dêr wie in bern siik. Dêr kaem altyd in swarte kat om 'e doar rinnen, dat wie de tsjoenster dy't it bern bitsjoend hie. De buorfrou sei: Tink der om, dat en dat âld minske, dy docht it. Dy makket jimme bern siik. Jimme matte in krús fan rogge meitsje ûnder 't kleedtsje by de drompel, dan kin se der net yn komme.
It bern hie...
nl.verhalenbank.31286
Op it Heechsân yn Eastemar stie de pleats fan Tsjerk-om en Piter-om. In wike foardat dy pleats opbrând is seach ien fan 't Heechsân him yn 'e nacht yn 'e brân stean. Dat wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.31309
Us Jan-om wie oan 'e drank. Hy wie noch feint en tige los.
't Koe him net folle skele hwat er sei.
Mar op in kear, op in joune let, doe moest er ien fan 'e Heidkampen oer. Doe hat er hwat sjoen. Hy seach in knyntsje, dat by him kom. As hy fierder gong, gong dat knyntsje ek fierder. It wykte net by him wei. Hy skopte der nei, mar hy koe't net kwyt wurde....
nl.verhalenbank.27557
Ik haw ris fortellen heard dat ien earne út in herberch wei (wie 't Swarteweisein) in speake út in tsjil stikken makke fan ien dy't dêr foarbykaem. Dyselde hie him de gek oanstutsen en dat wie syn wraek. Doe koe dyselde net fierder ride mei de wein. (Hy die dat sûnder by de wein to kommen.)
nl.verhalenbank.31321
Op in kear hie Jurjen van der Leest nei de faem ta west. 't Wie let yn 'e nacht doe't er weromkom. Doe't er oan 'e Joane-poel ta wie jammeren dêr bern om. Jurjen woarde bang en is weromgong en dy nachts hat er by syn faem slept. Hy doarst net nei hûs ta.
nl.verhalenbank.17127