2,595 datasets found
Dutch Keywords: zien Place of Narration: Kollumerzwaag
Hjir wenne in âlde widner. Al gauachtich nei't syn frou stoarn wie sei er: "Myn frou hat hjir hjoed ek wer west." Hja kaem nou en dan by him.
nl.verhalenbank.37346
Myn skoanheit wenne by 't Wyldpaed oan 't Heideloantsje. Op in joune wie 'k der by him. Doe moesten wy oan kant, der kaem in lykstaesje oan. Skoanheit seach him wol, ik net.
nl.verhalenbank.37333
Skoanmem hat ris in sémearmin sjoen. Dat wie by Dokkumernijesilen. Se hie prachtich-moai song.
nl.verhalenbank.25844
By de Skilige Piip spûke it. Dêr seagen guon wolris hwat.
nl.verhalenbank.29536
Ik en myn broer wienen us mei in pream yn 't ûnlân achter de Broek sahwat tusken Readtsjerk en Feanwâlden om hea. Doe seagen wy in wylde lantearne. Dy sweefde al mar hinne en wer. Nou wied er hjir en dan wer dêr. Ik sei tsjin myn broer: "Ik woe dat dat ding hjir by ús kaem. Dan koenen wy trocharbeidzje." Hwant it wie in sterk ljocht, dêr't wy wol by sjen...
nl.verhalenbank.24706
Ik hie in kammeraet, dat wie Jan Zuidema, in earlike jonge, dy't net liichde. Dy roan op in kear de Boskreed lâns. Mar eardat er 't wiste hie er oan 'e oare kant de sleat stien. En hy hat noait in minske sjoen doe't dat gebeurde. Jan wie troud mei in nicht fan my.
nl.verhalenbank.29520
Froeger wie dizze wei hjir net, dêr't wy nou oan wenje. Doe moest men it spoar del. Op in kear soenen heit en dy to sûkerij-dollen. Doe wie er by de oerwei, dêr't nou de flikkerljochten binne. Dêr hie hwat west, mar heit hie net sjen kind, hwat. Mar 't wie troch de grindstiennen hinne gien en de grindstiennen hienen der nei stoud.
nl.verhalenbank.29528
Myn pake hiet fan Sjoerd Klazes Nicolai. Hy wenne to Eastemar. Op in kear hat er us in reus sjoen, dy stie strampele oer de sleat hinne..
nl.verhalenbank.23663
Oan diz' kant Grins is in greate helling. Dêr sloegen se nachts altyd om sûnder dat der ien sjoen waerd.
nl.verhalenbank.25825
Sokke dingen haw ik altyd. Ik wurd noait kjel fan hwat freesliks dat se my fortelle, omdat ik it altyd al fantofoaren wyt. Ik bin net mei de helm geboaren, mar sokken binne der wol. As se de helm foaroer weihelje dan mat sa'n bern letter alles sjen, helje se him achteroer ôf, dan net.
nl.verhalenbank.30111
Der wie in faem by de boer, die hie in min sin. Doe sei se iderkear: "Ik woe wol, dat ik in de maan siet." Doe is se opnomd worden en naar de maan bracht. En nou seggen se wel, dat dat wyfke dat je daar in de maan siet, dat sij dat was.
nl.verhalenbank.25086
Yn 'e Westerein op 'e Dykswâl is de duvel oer de feart sprong, fan 't oasten nei 't westen. Dat is oan 'e ein fan 'e Koopmanswei. De print fan 'e poat is noch to sjen.
nl.verhalenbank.38612
Op in kear sei 'k tsjin myn man: "Us buorman leeft net lang mear." Ik hie sjoen dat er dea wie. Doe wie er net iens siik. In pear wiken letter wie er wei.
nl.verhalenbank.30109
To Kollumersweach oan 'e Boskreed yn 'e lânnen stie in âld hûs, dêr ha ús heit en dy yn wenne. Fan tofoaren ha minsken dêr neist in ljocht barnen sjoen. Nei dy tiid ha heit en dy dêr in nij hûs sette litten.
nl.verhalenbank.29503
Myn omke hie in foardochter. Dat wie Romkje. Dy moest nachts alles sjen. Dy wie mei de helm geboaren. Nachts gong se der op út. Sy wist altyd hwa't der stjerre soenen.
nl.verhalenbank.25836
Ek in kear doe roannen der trije neakene berntsjes samar njonken him lâns. Dat duorre gâns in ein. Doe woarden se ek samar wer wei.
nl.verhalenbank.23664
Der hat hjir yn 'e buert in man wenne, dy hie, doe't er noch feint wie, forkearing mei in faem. Dy faem, dat wie in tsjoenster. It gebeurde wol, as er by har siet, dat har stoel ynienen leech wie. Dan wie hja der op út to tsjoenen. Dan bleau se in ûre of ek wol langer wei. In skoft letter siet se der wer. De feint hat it op 't lêst útmakke, hy woe net mei...
nl.verhalenbank.29819
Op 'e wei fan Feanwâlden nei Dokkum seagen wy froeger in rige ljochtsjes. Letter wienen dat de ljochten fan 'e fytsen en de auto's. Dy hienen wy al jierren fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.24705
In nachtmerje is meastal in frommeske. Der wienen us in pear mannen oan 't meanen oan diz kant de Dokkumer Ie. Hja hienen dêr dy nachts yn in tinte lein en doe wie der in frommeske oansjongen kom. Dat wie in nachtmerje. De beide mannen seagen har in eintsje fan har ôf. Hja hie in houten molkaed ûnder 'e earm. Doe wie se al sjongende op 'e Dokkumer Ie...
nl.verhalenbank.25183
Hjir njonken ús op 'e Saedkamp, dêr seagen se froeger in hiele protte ljochten en sy hearden dêr gedurich klopjen. Dêr soe in protte boud wurde, waerd der ornearre. En dat is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.24064