By de Houtsjepaden wie in pleachbeest. Alde Foppe Lys, de mem fan Anders de Haan, sei, dat se it sjoen hie.
nl.verhalenbank.21788
Alde Hindrik Ages Kooistra wie frijgesel. Hy wenne yn Garyp. Hy seach fan to foaren lykstaesjes. Hy wie mei de helm geboaren, seinen se.
nl.verhalenbank.23026
Ien dy't mei de helm geboaren is, is kûgelfrij. Hy mat der nachts wol us út om lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.23045
Yn Sigerswâld (ûnder Garyp) wie in dobbe yn 'e kampen foar Siger Hoekstra.
Pim fan Syberens Baeije seach altyd in âld-minske út dy dobbe kommen. Dy woarde ek sa wer wei.
nl.verhalenbank.22789
Doe't ik in famke wie fan sa'n jier as seis - doe wennen wy noch oan 'e polderdyk - doe seach ik op in jountyd klear de lokomotyf fan 'e tram de hoeke om gean. It wie in great, swart ding. In skoftsje dêrnei doe is de tram dêr kom.
nl.verhalenbank.21340
Skoanheit is in kear oer de hage set op 'e Harsteloane. Hy hat noait ien sjoen dy't him dat lapte.
nl.verhalenbank.32493
Ik bin geboaren yn 1893 op 'e Sumarreheide. 't Hûs stiet der noch. Dêr hearden heit en dy geregeld timmerjen flakby, wylst dêr doch net in timmerman oan 't wurk wie. Ek oare lju, dy't tichteby wennen, hearden it.
Letter ha se op dat plak, dêr't de lûden weikamen in nij hûs del set. Dêr kom Foppe de Graaf yn to wenjen.
Dat hûs is nou ôfkeurd.
nl.verhalenbank.23039
Inkelden yn Sumarreheide ha de ljochtsjes fan 'e tram al fier fan tofoaren sjoen, foardat de tram der wie.
nl.verhalenbank.21339
Men seach faek wylde lantearnen oer Sumarreheide.
Letter kaem de tram; doe wisten se hwat it bitsjut hie.
nl.verhalenbank.31503
Myn broer Wytse - dy't forstoarn is - en ik reizgen togearre nei Drylst nei in pear susters, skippersdochters, dêr't wy doe forkearing mei hienen. De moarns werom reizgen wy oer Dearsum. 't Wie dêr tusken twaën en trijen yn 'e nacht. Ik sei tsjin Wytse: "Ik sjoch twa froulju op 'e dyk."
"Ik èk, krektlyk", sei er.
Ik sei: "Ien mei in reade en ien mei in...
nl.verhalenbank.31527
Us Auke moest moarns altyd nei de boer ta. Dy wenne yn 'e Westerein fan Garyp. As er dan de tsjerke foarby moest, seach er dêr altyd twa minsken sitten op 'e tsjerketrappen. Dy bleauwen dêr sitten, hwant as er omseach sieten se dêr nòch. Dat wienen spoeken.
nl.verhalenbank.23042
Op 'e Houtsjepaden yn 'e Sumarreheide wienen froeger us in pear murdejagers. 't Wie yn 'e nacht. Doe't se by in wâl wienen, tochten se: "Hea, dêr is noch in ljocht." Sy woenen der hinne, mar sy koenen noait by dat ljocht komme. Sy prebearren 't fan alle kanten, mar sy bleauwen wol fjouwer kampen fan dat ljocht ôf.
Ien fan dy murdejagers, dat wie Binne...
nl.verhalenbank.23040
It is al hiel lang lyn, doe wenne ik op 'e kooi ûnder Garyp. 't Wie yn 'e nacht. Ik lei op bêd en hie lyk as altyd de kleden iepen. Doe seach ik samar ynienen hiel dúdlik in wei, dêr't auto's lâns tuften. Der wie doe hielendal noch net in wei.
Mar dy wei is der kom: de Bolderenwei, en dêr tuffe nou alle dagen de auto's lâns. Dit ha 'k sels sjoen en dat...
nl.verhalenbank.21333
Dêr't letter de tramwei kaem seagen guon op 'e Gariperheide wylde lantearnen. "Hjir komt hwat", seinen se. Doe kaem de tram dêr.
nl.verhalenbank.32113
Yn 'e Wierren tusken Aldegea en Nyegea en Garyp wie 'k faek oan 't fiskjen. Moarns en jouns ljochte it dêr altyd en oeral. Op 'e selde plakken kommen in jier of trije letter huzen to stean. Yn 'e Earnewarren krektengelyk.
nl.verhalenbank.24625
Heit fortelde, hy wie ris yn 'e Earnewarren yn 'e Mieden oan 't wurk. Doe seach er ynienen de sinne skinen op 'e blauwe pannen fan in plaets, wylst dy dêr net stie. Doe seach er de pleats yn syn hiele hear en fear. Letter kaem op dat plak de plaets fan Gjert van der Iest to stean.
nl.verhalenbank.32491
Greate Taeke (= T. Wagenaar, byneamd Syngsang) wenne yn 'e Westerein fan Garyp. Dy wie mei de helm geboaren. Nachts moest hy der wolris ôf, om nei in lykstaesje to sjen, dy't dêr lâns kom. Hy wist dan wer hwa't der stjerre soe.
nl.verhalenbank.23116
Der wie in boerearbeider yn Sumarreheide, dy soe nei de boer ta op in moarn. Hy moest oer de Houtsjepaden. Doe't er oan 't earste houtsje ta wie, doe wie dêr hwat op dat houtsje. Noait liker as wie 't in sliepmûtse. Dy arbeider woarde sa binaud, dat hy is weromstoud nei hûs ta. Syn broer hat doe nei 't houtsje ta west to sjen, mar doe wie 't der net mear....
nl.verhalenbank.20322
Yn Garyp, yn 't spultsje fan Hidde (v.d. Bij) en Hindrikje siet Age us op in joun. Dy die oars neat as sweare en swetse. Age wenne op Sumarreheide. Hy leaude oan neat, sei er, mar às der dan hwat to sjen wie, dan woe hy wol us trije neakene froulju sjen.
Doe gong er by Hidde en Hindrikje wei. Hy sette de stap der ûnder nei Sumarreheide ta. Mar ûnderweis,...
nl.verhalenbank.20321
It wie yn 1910. Ik wie doe noch tige jong, mar ik wie al troud. Ik wenne doe op 'e Sumarreheide.
Doe seach ik op in kear tige dúdlik ús mem der oankommen mei myn jongste suster by de hân. Ik soe se tomjitterinne, mar doe wienen se der net. De oare deis wienen se der àl en sy kommen der krekt sa oan lyk as ik se sjoen hie.
nl.verhalenbank.20308