Boardzer Bruining moest lykstaesjes sjen. Mar der wienen ek wol oaren dy't der nachts om út bêd moesten. Dan roannen se soms wit hoe fier.
nl.verhalenbank.36057
Skoanmem wenne yn 'e Súdwesthoeke by Balk. Hja wie yn har jonge jierren faem by de boer.
Op in kear sieten se yn 'e hûs to kofjedrinken.
"Hark," sei se, "dêr giet de tsjerne."
Hja dêrhinne en doe wie der neat.
Hja sieten wer by de kofje, doe wie dat lûd der opnij.
't Wie foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.25222
Myn skoanheit (Wibe Alma) hat in broer forlern fan achttsjin jier (Paulus). Der wie in man yn 'e Harkema, dy hat de hiele bigraffenis fan tofoaren sjoen yn alle bysûnderheden. Hy sei it fan tofoaren.
nl.verhalenbank.27241
Heit en dy seagen froeger ris in hiele rige wylde lantearnen.
It wienen allegear ljochtsjes. Hwat hjir nochris gebeure sil, seinen heit en dy, it wurde hjir skielk allegear huzen. En dat is útkom. It wie de Warmoldsstrjitte, dêr't dy ljochtsjes wienen; der stie doe net in hûs. Nou bin 't allegear huzen.
nl.verhalenbank.27242
Myn styfheit wie Pije Ros (= Freark de Jong). Hy hie in broer, dy farde op sé. Dêr hat er wol us sémearminnen sjoen, froulju mei in fiskesturt en hiel lang hier. Sy sieten soms op 'e wâl, op 'e rotsen. En dan raesden se 't út, dat moest sjongen forbeelde.
nl.verhalenbank.24414
Us mem wie faem by in boer yn Greategast. Hja siet ris ûnder in koe to melken. Doe wie der in hiel lyts mantsje by har kom.
"Hwat dochstû hjir zo vroeg in de morgen?" hie se sein.
Doe wie dat mantsje ek samar wer wei west, krekt as wie 't yn 'e groun sonken.
nl.verhalenbank.24256
Ik wenne op 'e Koatstertille, dat is nou sahwat in jier of tsien lyn, tink. Dêr hearde ik forskeidene jounen achter elkoar, as ik op bêd lei, hammerjen en timmerjen, altyd op itselde plak. Mar dêr gebeurde doe noch neat.
Doe moest dêr in nij brêgehûs komme. Dat kom op itselde plak, dêr't ik it timmerjen heard hie.
't Wienen krekt deselde lûden.
nl.verhalenbank.25220
Sa'n fiif en fyftich jier lyn hat myn pake Ruerd Helbich de tram fan Drachten fan to foaren riden sjoen. Der brânden jouns ljochtsjes, dy rieden krekt as de tram. Ridlik gau dêrnei wie de tram der.
Pake wenne doe yn 'e Parken (Grinzer Pein).
nl.verhalenbank.25221
Us mem wie geboaren yn 1858. Hja kaem ris op in joun bûtendoar, it wie krekt as waerd hja der ta twongen. Doe seach se in hûs yn 'e brân. Ik wie doe noch in jonge. Mar dat hûs brânde net.
Twa jounen letter stie it hûs echt yn 'e brân. Doe gongen wy dêr allegear hinne. 't Gebeurde yn 'e Boelensloane.
nl.verhalenbank.37975
Wy hawwe hjir in buorman hawn, dat wie Jelle Bouma. Doe wennen wy noch op 'e Hoek. Syn heit lei yn it sikenhûs.
Doe sei er: "Hy giet dea, hwant ik ha syn kiste hjir al by ús yn 'e hûs stean sjoen." Hy hat gelyk krige. De âld man is yn 't sikenhûs stoarn.
nl.verhalenbank.38360
In man en in soan dy wennen achter Grinzer Pein.
Op in joun seagen se hwat. Dat wie in spoek, like har ta. De heit krige syn soan by de earm beet en sei: "Rint it of sweeft it?"
"It sweeft, heit", sei de soan.
"Set dan sok", sei de heit. En dêr roannen se hinne, sa hurd se mar koenen.
nl.verhalenbank.38386
Wy kommen to wenjen yn 'e Harkema njonken de Kristlike skoalle. Dêr hienen wy in hûske kocht, in lyts burgerhûske. Ik wie dêr ferver.
Op in nacht sprongen ik en myn frou beide kjel oerein yn 't bêd. Der woarde timmere en wol sa dúdlik as gebeurde it flak by. Ik der ôf om to sjen. Mar der wie neat to sjen. Ik roan de hiele buorren lâns, hwant ik woe 't...
nl.verhalenbank.22050
Letter doe wennen wy fierderop yn 'e Harkema, omtrint by de brêge. De frou wie siik, dy hie de gryp. Sy lei yn 't bêdsté. Ik siet yn 'e keamer to krantlêzen.
De frou seach út it bêdsté wei nei bûten ta en sei tsjin my: "Oebele, dêr stiet reade Willem syn hûs yn 'e brân!"
Ik sjen, de kant nei de Pauloane út, hwant dêr wenne reade Willem, mar dêr stie net...
nl.verhalenbank.22051
Dy't op snein geboaren wie, wie mei de helm geboaren. Sa'n ien koe mear as in oar. Sokken seagen lykstaesjes fan tofoaren.
Boardzer Bruining fan Houtigehage wie sa'n man.
As minsken nachts in lykstaesje metten, woarden se oan kant set. As har dat oerkom wie, doarsten se dêr letter net wer lâns.
nl.verhalenbank.37983
Piter de Graaf gong der nachts faek ôf. Dan gong er foar 't glês stean en die de kleden oan kant.
nl.verhalenbank.24254
Douwe Stavasius wenne op 'e (Grinzer) Peinder heide. Dy gong der nachts wol op út. Dan stie er oan 'e kant fan 'e wei en seach in lykstaesje foarbygean. Hy sei fantofoaren: "Dy is nou oan 'e beurt." 't Kom altyd út. Hy wie mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.27573
In swarte kat seagen se froeger faek foar in tsjoenster oan. Der wie in âld minske yn Boelensloane, dy gong foar in tsjoenster troch. Dy koe har ek yn in kat foroarje, seinen se. Hja hie wichterbeammen, dêr wienen de wichters fan bitsjoend.
Us mem hat ris by dat minske kofjedronken. Doe't se thús kom hat se har it hart út it liif koarre. Dy kofje hie...
nl.verhalenbank.37981
In man wie mei syn jonge op in joun ûnderweis. 't Wie in bytsje mistich. Doe seagen se hwat wyts hinne en wer gean. 't Wie in skiep, dat siet oan 't tou en dat draeide om in pealtsje hinne.
De man wie spûkachtich en fortroude it net. Hy sei tsjin syn soan: "Giet it of sweeft it?"
"It sweeft, heit", sei er.
"Set dan sok", sei de heit, en dêr draefden se...
nl.verhalenbank.37980
Hjir flak by op it Ketting is in lyts loantsje. Dêr kommen de âldere minsken noait del. Sy wienen dêr bang foar, hwant it doogde dêr net. In sekere feint, dy't by syn mem yn wenne, kom ris út 'e kroech. Smook hiet er. "As der dan in duvel is," hied er sein, "dan mei 'k him sjen en dan mei er my de kop omdraeije." 't Wie in opskepper en in nuveren. Hy wie...
nl.verhalenbank.26845
In soan fan myn twadde man giet nei de Tille ta nei 't wurk. Op in moarn seach er dêr in frommes stean mei in molkbus by de wei.
"Moarn Tiet", seit er.
"Moarn Jan", seit se.
"Yn 'e tiid dat ik nei har seach," fortelde er, "stie der in kat op 'e dyk."
Doe wie Jan kjel woarn. Nou, dan wite jo it wol.
nl.verhalenbank.22213