18,348 datasets found
Dutch Keywords: zien Narrator Gender: male Place of Narration: Boelenslaan
Hjir yn 'e Boelensloane wennet Boardzer Bruining. Dy moest altyd lykstaesjes sjen.
nl.verhalenbank.27601
Tusken Blauhûs en de Boelensloane spoeket in swarte houn. Ik haw him wolris sjoen.
nl.verhalenbank.17632
Imke koe op twa plakken tagelyk wêze. Hy wie soms op itselde momint by de foardoar en by de achterdoar. Op in kear, doe't er de kaserne yn Ljouwert forlitten hie, waerd er op itselde tiidstip yn 4 poarten fan 'e stêd sjoen.
nl.verhalenbank.32229
Yn 'e Harkema roannen op in nacht twa mannen neist elkoar lâns. Doe sei de iene tsjin 'e oare: "Kom hjir hwat hinne, de wei mat frij bliuwe." "Hwerom?" frege de oare, mar hy gong oan kant. De oare woe neat sizze en bleau stean. Even letter fortelde er it. "Der wie in lykstaesje op 'e wei. Dêrom moesten wy oan kant." Mar syn maet hie neat sjoen.
nl.verhalenbank.21541
Ik roan us mei in stik of hwat oaren op in joune de Loane del. Doe seagen wy it hûs fan Piter en Sijke yn 'e brân. Wy der hinne om to sjen. Doe't wy der kommen leinen de minsken op bêd to sliepen en der wie alhielendal gjin brân. Mar in wike of hwat letter brânde it op.
nl.verhalenbank.25255
Melle van Dekken seach oan 'e Trije Roede by in hjouwerfjild in wyt spoek. Dat gong stadich omheech en sweefde oer de hjouwer hinne en sa rekke it út it gesicht wei.
nl.verhalenbank.25656
Wy sieten us in kear op 'e Langewyk mei in keppeltsje Harkema's yn 'e kroech. It wienen rûge mannen. Sy seinen tsjin my: "Dû giest mei." Sy nommen my mei de kant nei de Harkema út en ik forsette my net. Wibe Alma wie der ek by. Dy woarde samar opnom en yn 'e wyk smiten. Wibe krûpte der wer út en sei: "Hwa duvel hat my dat lapt?" Wer in lyts eintsje...
nl.verhalenbank.25509
Tiense Boomsma hat hjir wenne. Dy wie mei de helm geboaren. Hy seach lykstaesjes fan tofoaren.
nl.verhalenbank.21419
Ik ha faek heard dat de minsken seinen: dat en dat hûs mat nochris ôfbrânne. Dy en dy ha 't brânnen sjoen. Sa hearden se ek faek timmerjen op plakken dêr't neat wie, mar dêr't letter in hûs kom to stean. Dat wie hjir yn 'e Boelensloane algemien.
nl.verhalenbank.36183
Yn Sevenhuzen (Zevenhuizen) wie 't froeger allegearre heide. Se seagen dêr jouns in ljochtsje brânnen op 'e heide, hoewol der net in inkel hûs stie. Letter is dêr in hûs delset.
nl.verhalenbank.19598
Wylde lantearnen woarden hjir froeger folle sjoen. Dat binne letter de fytsen woarn. 't Wie foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.19599
Yn Grins hienen jy in swarte spegel. As jo dêr yn seagen en jo wienen noch net troud, dan seagen jo dêryn dejinge, mei hwa't jo trouwe soenen. As jo net trouwe soenen, dan krigen jo in deakiste to sjen.
nl.verhalenbank.27277
Ik haw ris op in nacht by de hulzene hage (by it Blauhûs) hwat donkers sjoen, dat biweegde, mar hwat it wie, dat wit ik net. Ik ha doe noch in stik út 'e hage weibrutsen, hwant ik woe wite hwat it wie, mar doe wie 't al fuort.
nl.verhalenbank.37837
Wy hawwe yn 'e Strobosker Mieden wenne. Dêr wie in buorfrou, dy soe us in kear in ammerfol wetter út 'e sleat helje, doe seach se har eigen geest yn 'e sleat. Hja hat noait wer wetter út 'e sleat helje doarst.
nl.verhalenbank.23934
Janke moest der nachts altyd út as der in lykstaesje to sjen wie. Dan wie 't net to kearen. Sy woarde twongen.
nl.verhalenbank.28082
Wy seagen hjir froeger faek wylde lantearnen. Dat bitsjutte hwat, mar hwat it krekt bitsjutte wisten wy net.
nl.verhalenbank.37776
Heit wie ek in raren ien. Op in kear doe siet er yn 'e parrebeam. Doe seach er syn mem oankommen, hoewol dy al jierren dea wie. Hy sei: "Hwat dogge jimme hjir. Jimme matte dêr wer hinne gean, dêr't jimme weikom binne." Doe wie syn mem wer fuort gong.
nl.verhalenbank.21537
Boardzer Bruining seach, foardat de oarloch útbriek, hiele troepen minsken, dy't nei Drachten tasetten. Boardzer roan mei in opstoppe keal mei twa koppen by de doarren lâns. Ek mei fremde aeijen. Ek mei in skip yn 'e flesse. Hy gong ek to nijjierroppen. Dan sei er hiele stikken op. Kom er by kristlike minsken, dan sei er in kristlik fers op, by oare...
nl.verhalenbank.24698
Ik wie froeger hwat in raer man. Ik mocht graech in buorrel. Op in kear lei 'k yn 'e bosk. 'k Hie tofolle hawn en ik slepte. Ik woarde wekker fan timmerjen, krekt op it plak, dêr't ik lei. 't Klonk wit hoe lang troch. Mar der wie neat to sjen. Op datselde plak dêr't ik lei ha se letter "de Huchte" set.
nl.verhalenbank.17651
Boardzer Bruining seach altyd lykstaesjes oankommen. Us âlden warskôgen ús altyd: by nacht altyd oan kant bliuwe, noait midden op it paed rinne. Dat wie fanwege de lykstaesjes.
nl.verhalenbank.37849