Froeger gong it jongfolk faek nei in tinte, dêr't in swarte spegel yn siet. Dan koenen se de takomst to sjen krije.
nl.verhalenbank.36178
Op in kear kom heit yn 'e hûs. Hy wie sa bleek as in doek en alhiel fan 'e wize. Hy sei: "Nou krije wy in rare tiid. Der stiet in ierappel oan 'e loft mei in foarke der yn!" Hy seach deabinaud. Fuort dêrnei krigen wy de oarloch fan '40 op '45.
nl.verhalenbank.28374
Us heit fortelde ek, dat hy hie forkearing hawn mei in faem yn Twizelerheide. Hy roan dan oer de Iest to Jistrum en dan gong er it Wyldpaed del. Op 'e weromreis, op 'e Iest, by de yngong fan 'e Spûkeloane (in stikje fan 'e âlde forbiningswei Ljouwert-Grins) hong altyd in wyt frommes oer de hekke hinne, fortelde er. Hy hie wolris mei in stien nei har...
nl.verhalenbank.28372
Myn swager hat in jonge, dy is mei de helm geboaren. Hy sjocht de dingen dy't gebeure sille nou en dan fan tofoaren. Op in kear doe wienen myn swager en 'e frou fuort. Doe't se thús kommen, sei er: "Hjir hat hoed ek in frou by de doar west. Dy seach der sa en sa út. Trije kear hie se der west. Mar sy wie der yn werklikheit net west. De oare deis kom se.
nl.verhalenbank.28368
Alde frou Reitsma fortelde ek noch, op in kear wie se op 'e fyts nei har dochter ta, dy't yn Rinsumageast wennet.
Doe't se dêr oankaem hie se sein: "Nou ha 'k ûnderweis in lykstaesje sjoen. Ik woarde fan 'e wei ôfdrukt."
Hja fortelde oan har skoandochter Roas: in eintsje fan har ôf wenne in jonge, dy wie hiel bot siik. De minsken seinen, hy koe net wer...
nl.verhalenbank.28387
Ien kear ha 'k yn 'e nacht in lykstaesje sjoen. Ik wie doe noch in jonge. Ik ha der lange tiid raer fan west. Mar it is by myn witen noait neikom.
nl.verhalenbank.12275
Tsjerke Lize wie heldersjende. Hja wenne oan 'e Mûzegroppewei en moest der hiel faek ôf nachts om hwat to sjen. Sy seach dan meast lykstaesjes.
nl.verhalenbank.12270
Ik ha noait foar in swarte spegel sjoen. Mar myn maten ha wol sein: Ast hwat sjen wolste fan dyn takomst, dan matst ris yn 'e swarte spegel sjen.
nl.verhalenbank.12282
Yn 't Skoalleboskje spoeke it. Dêr wie jouns hwat. Ien hie dêr in ingel sjoen, dy floddere oer de wei, seinen se.
nl.verhalenbank.21878
Oan 'e Achterwei to Eastemar is in boskje, dat is yndertiid kocht woarn troch Japik Murd (= Hoekstra).
Piter Kamminga fan Jistrum kom de Achterwei del. Doe seach er de skime fan in man út dat boskje wei kommen. Hy gong oer de daem.
Letter hat Piter dat wol faker sjoen. 't Wie neffens him in spoek.
nl.verhalenbank.34637
Tsjerke Lize (Tsjerk Boonstra syn wiif) wenne oan 'e Mûzegroppewei. Hja biwearde, dat se de fôlle mei de brijpot faker as iens sjoen hie.
nl.verhalenbank.12504
Nei Eastemar út seagen se dêr froeger gauris ljochtsjes. Dat wienen wylde lantearnen, sa neamden se dy ljochtsjes. It ha de foarboaden west fan 'e fytslampen.
nl.verhalenbank.33849
Hjir wienen yn Eastemar ris twa man op in joune let noch op in paed. De iene sei tsjin 'e oare: "Dû mast fan 'e wei gean, der komt in lykstaesje oan."
Dyselde wie mei de helm geboaren.
Willem Mulder syn beppe, âlde Frytsen, wie ek mei de helm geboaren, dy moest alles sjen.
nl.verhalenbank.34638
Der wie in persoan, dy seach de kant út nei de Mar. Doe seach er hwat oankommen oer it lân. In feart wie der net. It like wol in skip, mar it hie gjin seilen. Letter die bliken, dat ding dat hie de Eastemarre boat west, dy't dêr letter farde op it plak dêr't se letter it kanael groeven ha.
nl.verhalenbank.21832
Yn 'e Harkema siet Alle Tet by de lju op 'e skoarstiens, mei in wite kat by har. It wie in greate tsjoenster.
nl.verhalenbank.20486
Dizze herberch stie oan 'e koemerk. In pear jier foardat er opbrânde, seach Atse Veltman de koemerk fol reek. De wyn wie sa dat de reek dy kant oergong, en doch stie der neat yn 'e brân. Letter stie yndied de koemerk fol reek. Doe brânde de herberch op.
nl.verhalenbank.21870
To Eastemar op it Doarpslân stie froeger in boskje.
Piter Kamminga roan faek fan Eastemar nei Jistrum. Dat gebeurde meast by jountiid en dan gong er altyd de Achterwei lâns. Dy hat faek sjoen, fortelde er, dat der in gedaente út dat boskje wei kom, dy't dwars oer de wei hinne gong en weiwoarde yn it lân oan 'e oare kant
nl.verhalenbank.21865
Myn omke wenne op 'e Dunen yn Harkema, yn 'e buert fan Abe Nauta. Doe't se de betonwei troch Harkema leinen sei er: dat dogge se foar de soldaten. Hwant hy hie dúdlik sjoen, dat der Dútske soldaten oer de wei marchearden en dat der ek soldaten oer de Dunen kamen. Dat wie yn 1935. 5 jier letter hie men de sitewaesje sa't hy dy sjoen hie. Hy seach wol faker...
nl.verhalenbank.12267
Ik wie goed twintich jier. It gebeurde op it Swartkrús yn 1883. Ik hie om boadskippen west.
Ik stapte oer de hekke en sette earst it doekje mei boadskippen del.
Doe seach ik in deakiste mei in wyt ding foar de hekke stean. It wie tusken Swartkrús en Jistrum.
Even letter bigong it wite ding to sweven, doe letter de kiste ek. (it wie in wyt ding as in...
nl.verhalenbank.21915
Atse Veltman fan Eastemar kom us op in nacht thús, doe seach er de koemerk fol reek. In skoftsje letter brânde 'Het witte paard' op. De wyn wie doe krekt sa, dat de reek oer de skoarstien gong.
nl.verhalenbank.21874