2,460 datasets found
Dutch Keywords: zien Place of Narration: Surhuisterveen
As de minsken froeger de koarts krigen gongen se nei Piter Scheper ta. Dy wenne op 'e Houtigehage. Dy ûntnom de lju de koarts en brocht de koarts op in beam oer. Dan trille de beam dat it hwat die. Sa'n beam hie dan de koarts en gong dea. Mar de pasjint wie de koarts kwyt.
nl.verhalenbank.36070
Jelle Tryntsje hat myn muoike deatsjoend (in suster fan myn heit). Sy kom sa nou en dan by har en dan sei se: "Hoe is 't nou mei Sjoeke?" Dan nom se Sjoeke hwat mei en sa. Doe't Sjoeke dea wie sieten der trije krânsen yn 't kessen.
nl.verhalenbank.25226
Doe't de betonwei lein woarde by de Langewyk kommen dêr hiele grouwe beammen út 'e groun wei. It gebeurde dat fjouwer man dwaende wienen mei sa'n beam to forwiderjen, mar sy koenen 't net oprêdde. Doe fregen se in arbeider: "Joege, kinne jo dit ek dwaen?" "Sil ik it ris prebearje?" sei Joege. Doe hat er de beam hielendal allinne ûnder 'e earm nom en hy is...
nl.verhalenbank.25232
Jan Kooistra fan 't Fean (hy komt fan 'e Harkema) past wol op dat er altyd by nacht oan 'e kant fan 'e wei rint, hwant oars kinne de lykstaesjes net passeare. Hy mat us oer in lyk hinne fallen wêze.
nl.verhalenbank.22212
It gebeurde wol dat der lju út 'e kroech kommen, dy 't it raer en ûnfoech opsein hienen. Sokken joegen nergens om. Dan pakte de duvel har en dan woarden se in ein fuortsmiten.
nl.verhalenbank.25233
Wy hienen by ús thús duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.25227
As jy op in pod traepje komt der tonger.
nl.verhalenbank.36071
Ik hie in omke, dat wie Geze Taeke. Dy wie tige sterk. 't Wie noch in neef fan Sterke Hearke. Der wie ris in boer, dy frege him oft er helpe woe om in grouwe ikene beam op 'e wein to laden. Dan soed er in bakje kofje ha. Myn omke pakte de dikke ein fan 'e beam beet en de oaren de lichte ein. Sa krige er de beam toplak. Mar doe't dy dêr lei gong de boer yn...
nl.verhalenbank.36065
Op 'e Boelensloane by in hulzenehage, tichte by 't Blauhûs spoeke in keardel mei in potsje om 'e hals. Yn dat potsje hied er forgif, dêr forjoech er de minsken mei.
nl.verhalenbank.36059
Jan Hepkes fan Surhústerfean meande de kop fan it harspit ôf.
nl.verhalenbank.22170
Fan 'e Surhústerfeanster toer oan it Jachtfjild ta spoeke froeger in neaken frommes. Dat wie yn 'e nacht tusken tolwen en ienen. Wy doarsten dêr nachts net lâns.
nl.verhalenbank.22164
Faker as ienkear is 't gebeurd, dat der ien by ús op 't glês tikke. As wy seagen, wie der neat. In skoftsje letter hearden wy presys itselde tikjen en dan wie der ien.
nl.verhalenbank.26855
As it tongere en it woarde swier waer, dan moesten de jonges allegearre smoke mei hea yn 'e pipe. Mei tonger woarde de kachel oanset. It koperwurk woarde bidutsen en de spegel woarde omkeard of der woarde in doek oer hinne dien.
nl.verhalenbank.26841
Myn mem hie froeger altyd duveldrek yn 'e klean binaeid.
nl.verhalenbank.27578
De bern droegen duveldrek yn in pûdtsje op 't boarst. Dat kochten se meast yn 'e apteek. Wie der in bern bitsjoend, dan gongen se nei de duvelbander om in drankje. Us heit syn omke hat der ek alris hinne west. "Tink der om," sei de duvelbander tsjin him, "der kinne dy ûnderweis wolris beesten by 't boarst opspringe." Dat gebeurde ek. Der sprongen katten...
nl.verhalenbank.27236
Yn 'e Harkema wenne in âld minske, Fogeltsje-moai. Hja hie petroalje en baelders to keap. It wie in tsjoenster, seinen se. De bern wienen bang foar har, dy doarsten net nei har ta. Der woarde sein dat se wol bern deatsjoend hie.
nl.verhalenbank.27234
Klaes Kooistra yn 'e Harkema stapte mei in ploechje oar jongfolk út 'e Harkema de wei del. Doe sei er ynienen: "Even oan kant, der komt hwat oan." Doe kom der in lykstaesje foarby. Klaes wie de iennige dy't it seach.
nl.verhalenbank.26857
In tsjoenster hie altyd ien of twa swarte katten yn 'e hûs. Hja koe harsels yn in kat foroarje. 't Gebeurde wolris dat sa'n kat troch de iene of oare oan 'e foarpoat biseard woarde. Dan hie de tsjoenster de oare moarns in seare hearm of de hân yn 'e doek of in oar mankemint. De katten hâldden meimankoar in forgadering. Dat wienen dan tsjoensters. As der...
nl.verhalenbank.26843
Der wie in boer dy woe graech in nije pleats ha, omdat de âlde tige min wie. Mar hy koe 't net bitelje. Doe kom de duvel by him. Dy sei: "Ik sil jo in nije pleats sette litte. Dy sil klear wêze foardat de hoanne moarnier kraeit." Dan wie de boer oan 'e duvel forkocht. Wie de pleats dan noch nèt klear, dan wie er frij. De oare moarns bitiid doe klapte de...
nl.verhalenbank.25392
Der wie us in reizger to Jistrum, dy moest us in skoft wachtsje op 'e wein dêr't er mei ride soe. Om de tiid om to krijen gong er nei 't tsjerkhôf ta. Doe't er dêr hwat omkuijere, woarde er in deadsholle gewaer, dy siet noch heal yn 'e groun wei. Hy nom him der út en doe seach er dat der in rustige spiker troch de skedel hinne boarre siet. De reizger lei...
nl.verhalenbank.20995