By de boskjes by de pleats fan Jelke Algra spûke it. Ien krige dêr ris in rare stomp tsjin 't skouder oan, doe't er dêr lâns fytste. En doch wie der neat to sjen.
nl.verhalenbank.31807
Wy seinen froeger as bern:
één ekster gezien: niet best.
twee eksters gezien: vreugde.
drie eksters gezien: bericht van veraf.
nl.verhalenbank.18106
Doe't ik in famke wie fan sa'n jier as seis - doe wennen wy noch oan 'e polderdyk - doe seach ik op in jountyd klear de lokomotyf fan 'e tram de hoeke om gean. It wie in great, swart ding. In skoftsje dêrnei doe is de tram dêr kom.
nl.verhalenbank.21340
Alde tante Dike, dat wie de frou fan Jan Mulder, dy seach op in nacht yn Nyegea in bigraffenis foarbygean. In wike letter wie dy bigraffenis dêr.
nl.verhalenbank.33034
Wy seagen hjir froeger de wylde lantearnen yn 'e fierte.
Der wienen minsken, dy doarsten dêr net lâns, hwant dy wylde lantearnen kamen dan op har ta, biwearden se.
nl.verhalenbank.29695
Sokke dingen haw ik altyd. Ik wurd noait kjel fan hwat freesliks dat se my fortelle, omdat ik it altyd al fantofoaren wyt.
Ik bin net mei de helm geboaren, mar sokken binne der wol. As se de helm foaroer weihelje dan mat sa'n bern letter alles sjen, helje se him achteroer ôf, dan net.
nl.verhalenbank.30111
Der wie in faem by de boer, die hie in min sin.
Doe sei se iderkear: "Ik woe wol, dat ik in de maan siet." Doe is se opnomd worden en naar de maan bracht. En nou seggen se wel, dat dat wyfke dat je daar in de maan siet, dat sij dat was.
nl.verhalenbank.25086
Dwaallichten:
Deze werden soms, volgens oude vertelsels, gezien in donkere nachten boven de Peel en boven de beemden. Ze leidden late voetgangers van het goede pad af in het moeras. Er wordt ook verteld van een moeder, die ’s nachts, als ze voor het raam haar kind zat te zogen, over het veld in de richting van het bos dwaallichtjes zag.
nl.verhalenbank.57958
Alde Fije turfskipper wenne op Uleflecht ûnder Sumar. Dy seach faek wylde lantearnen. Dat wienen de lettere fytsljochten, sei er.
nl.verhalenbank.23613
Op in kear sei 'k tsjin myn man: "Us buorman leeft net lang mear." Ik hie sjoen dat er dea wie. Doe wie er net iens siik. In pear wiken letter wie er wei.
nl.verhalenbank.30109
Op it Bomkleaster yn 't tsjerkhôf binne izeren potten yn 'e groun. Dy sitte fol jild. Us mem hat dêr ris in pot fan sjoen.
nl.verhalenbank.12343
Wylde lantearnen ljochten froeger op 'e wei. Dat wienen de tekens fan de lettere fytsljochten en de autolampen.
nl.verhalenbank.33818
Yn 'e swarte spegel kinne se sjen mei hwa't se trouwe sille. Trouwe se net dan krije se in deakiste yn 'e spegel to sjen.
nl.verhalenbank.36155
Der hat hjir in boerefrou wenne, dy slofte nachts de gong del, dan moest se der wer út om hwat to sjen.
nl.verhalenbank.25895
Op 't Noardertsjerkhôf to Drachten seagen se altyd ljochtsjes. Dat ha de filesopeden west, dy't letter kommen.
nl.verhalenbank.20866
It gebeurde ris in kear dat in jongfaem de Lange Reed delgong om molke to heljen. Hja hat it my sels forteld. "O heden," sei se, "doe trof ik dêr in wein mei in kiste der op. In eintsje fierder waeide it kleed yn 'e hichte. En wer in eintsje fierder stie deselde wein stil."
Dêr stoar in wike letter in âld frou. It is doe presys sa gebeurd lyk as dy faem...
nl.verhalenbank.34557
Op 'e Lytse Wei by de Harkema ried froeger in wite dame op in hynder, doe wie de Lytse Wei noch in sânpaed.
Durk Pitstra hat har us njonken him hawn op in joun, doe siet er op syn eigen hynder om dat yn 't lân to bringen. Hwat hurder hy ried, hwat hurder dat frommes tasette. Hy koe har net kwyt wurde en dreau op 't lêst yn 't swit.
nl.verhalenbank.22709
Wy ha hjir njoggen en fjirtich jier yn dit hûs wenne.
Auke Bottema wie de boer, dy't hjir njonken ús wenne. Dy sei us in kear tsjin ús: "Der stiet in great ljocht by jimme op 'e hoeke."
Hy hat gelyk krigen. Dêr stiet nou in lantearne by de hekke, dy't de hiele nacht trochbrânt.
nl.verhalenbank.23403
Mi: Maar, ziet u ze nou zelf ook?
Me: Ik zie ze niet, ik voel ze wel. Als kind zag ik ze dus.
Mi: Kunt u nu vertellen hoe ze er toen uitzagen, toen u ze zag?
Me: Dat kan ik niet meer vertellen.
Mi: Dat hoor ik wel vaker dat het heel moeilijk is ze te omschrijven.
Me: Ja, want ze hebben geen menselijke gestalte, maar het is wel een beetje daaraan verwant....
nl.verhalenbank.14522
Wy seagen froeger in rige ljochtsjes yn 't Súd fan 'e Pein.
Letter kom dêr de tram.
nl.verhalenbank.27301