As de tsjerne bitsjoend wie woe 't net bûterje.
Mem hie der altyd in hekel oan as der ien by de tsjerne kom, hwant it koe us kwea folk wêze.
nl.verhalenbank.21668
Yn Reahel haw ik in âlde buorman hawn, dy hie yn syn jonge jierren boerefeint west yn Droegeham. Hy slepte yn in bêdsté yn 'e stâl. It doogde dêr net, it spûke der. Hy hie mei eigen eagen sjoen dat der op 'e koestâl in ammerke stie to dânsjen.
nl.verhalenbank.33536
Yn 'e droom hear ik faek in stem. Dy dielt my dan it ien of oare mei. Dêrtroch wyt ik fan alles, hwat der gebeure sil.
Ik haw trije beppesizzers, dy moesten alle trije in pop ha. Dy stem sei tsjin my: Twa derfan dat wurde jonges. Se komme allebeide Anders to hiten. (Ik wist net dat de heiten fan 'e manlju beide Anders hieten)
Tsjin 'e trêdde beppesizzer...
nl.verhalenbank.21442
Myn âlde lju ha faek forteld dat se timmerjen heard hienen yn 'e nacht; dan kom dêr letter op sa'n plak in hûs to stean, mar ik wit net mei hokker huzen as dat it gefal west hat.
nl.verhalenbank.36738
Omke Femme (Wybenga) hie forkearing mei in faem út Feanwâlden. Dat wie in tsjoenster. Op in kear doe wie se by omke en dy yn 'e Westerein west. Doe soe omke har wer nei hûs ta bringe. Mar ûnderweis fleach se samar ynienen by him wei, krekt as in fûgel. Hja wie yn gjin fjilden of wegen mear to bikennen.
Ek ris in kear doe kaem omke Femme by har to...
nl.verhalenbank.36739
As men nachts in swarte kat moetet, dan is dat in min teken. Wêz dan op jou hoede!
nl.verhalenbank.21682
Ik haw in kammeraedtske hawn, dat wie Sjoeke. Dy wenne yn 'e Westerein. Har âlde mem kom by har yn to wenjen. Dy hie aerdich hwat sinten, mar dy rekken op. Doe wie Sjoeke hounsk tsjin 't âld-minske.
Op in kear gong se mei de feint to reedriden. Hja lei har mem achter de bêdsdoarkes del.
Doe't se werom kommen fan it riden wie har mem dea.
Letter wie 't dêr...
nl.verhalenbank.21669
As der in ramp komt fan it iene of oare flychtúch of sa, dan wyt ik dat ek altyd fan tofoaren. Dan hear ik dat oan 'e radio. Dan siz ik: "Der komt wer in ûngelok." It komt altyd nei.
nl.verhalenbank.21441
Doe't ik yn Westergeast wenne, hearde ik dêr altyd dúdlik de klok lieden. Dan wist ik altyd krekt as der wer ien stjerre soe. Dat hearde ik oan it lieden.
nl.verhalenbank.21440
Yn 'e Westerein dêr stie in hûs, dêr mochten wy net komme.
Dêr spûke 't yn. Mar ik ha 't spûk noait sjoen.
nl.verhalenbank.29568
By uzes thús hienen wy altyd duveldrek ûnder 'e drompel. Ien dy't dêr net oerhinne komme koe, wie in tsjoenster.
Fan in tsjoenster moest men neat oannimme. Iet men hwat fan in tsjoenster op, dan wie de kâns great, dat men bitsjoend wie.
nl.verhalenbank.29554
By de Skilige Piip sit in kiste mei jild yn 'e groun. Dy kiste is fan in âlde mynhear dy't op 'e Skierstins to Feanwâlden wenne hat. Salang dy kiste mei jild dêr yn 'e groun sit hat dy âlde hear gjin rêst. Hy spûket altyd om by nacht, dan rydt er op in ezel.
nl.verhalenbank.36886
As ik yn Westergeast by myn dochter útfanhûzje, en de klok fan 'e toer let, dan gebeurt it faek dat ik siz: Hark, nou wurdt der fan 'e wike ien op 't hôf brocht. It mist my noait. Ik hear it oan 'e klank fan 'e klok. Hjir yn 'e Koaten hear ik it trouwens krekt like goed. It sit him net yn 'e klok, hwant in oar heart it net. It sit him yn my sels. Ik haw...
nl.verhalenbank.27974
Ik hearde ek altyd dúdlik as se mei planken omsmieten. Dan wie der neat to sjen. Dan sei 'k tsjin 'e bern: "Hjir komt wer in nij hûs, hear." 't Komt altyd nei.
nl.verhalenbank.27975
As se my fortelle, dat se trouwe sille, wyt ik altyd wol krekt, as it matten is of net. En ik wyt ek hoe fier as it is.
nl.verhalenbank.21445
Us Gjetsje is stoarn oan 'e Spaense gryp yn novimber 1918. Us mem hat alles in wike of seis fan tofoaren sjoen.
Mem sei doe: "Hwat mat dy lykwein hjir op 't hiem?"
Der wie doe hielendal net in lykwein.
Hja hearde de wein draeijen en piipjen. De kiste stompte tsjin 'e doar oan en kraste tsjin 't kezyn.
Letter is 't krekt sa gebeurd. De kiste stompte tsjin...
nl.verhalenbank.29555
Piters Willemke koe tsjoene. Hja fleach op 'e biezemstok troch de loft.
Alde Oene Kempenaar wie ek in tsjoenster. As hy der op út soe, rolle hy himsels earst yn elkoar, dan wie 't in koepânse.
En hy rolle syn wiif yn in kattefel.
nl.verhalenbank.29569
Fan 'e moarn hat myn skoandochter hjir west om my to helpen. Dy komt hjir elke moarn om it wurk hwat to dwaen. Ik sei fan 'e moarn tsjin har: "Dû meist wol oanmeitsje. Hwant dû krijst fan 'e middei bisite. Ik leau fan jimme mem."
Nou is har mem der al.
nl.verhalenbank.21679
As in houn spûkgûlde, wie der meast in wike of trije letter in sterfgefal.
nl.verhalenbank.29557
Foardat lytse bern geboaren wurde, hear ik se al praten. Ik bin mei 't seisde sintúch geboaren.
nl.verhalenbank.21447