3,152 datasets found
Dutch Keywords: zien Place of Narration: De Westereen
Yn it houtstek fan Dalstra yn 'e Westerein ha guon timmerjen heard, wol forskeidene kearen tusken njoggen en tolwe ûre op 'e joun, as se dêr lâns kamen. Mar as se der hinne gongen wie der neat to sjen en wie alles yn 'e rêst. It wie it timmerjen fan 'e oare deis, dat se hearden.
nl.verhalenbank.19327
Myn dochterke wie deabinaud foar Minne Ael. As Ael der yn kaem, krûpte se ûnder 'e tafel. Mar dan sei Ael: "Dêr sit nòch ien", en dan seach se 't famke oan mei egen, krekt koallen fjûr.
nl.verhalenbank.29741
Hjir wenne in âld minske, dy hie sjoen dat der weinen ride soenen sûnder hynders der foar. Dat wienen de lettere auto's. En hja sei ek: Skielk komt it safier, dan fljogge de minsken yn weinen troch de loft. Dat wienen de lettere fleantugen. Dat hie se allegear fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.38513
Hy hat de duvel ek al ris sjoen, dat hat er faek forteld, ek wol oan oaren. Hy wie doe in jongfeint en hy wie der mei twa fan syn kammeraden op út. Hja hienen kattekwea úthelle; ûndogenske streken. Hwatte krekt, dat wyt ik net, mar 't wie net sa moai. Doe kommen se by de Swâdde. Dy wie dêr och sa smel. Dêr stienen trije húskes oan. Doe seagen se dêr in...
nl.verhalenbank.34548
Jan Brouwer hat my noch us forteld, hy wie us op in nacht mei ús pake mei to murdejeijen west. Jan wie doe noch in jonge en pake al in âld man. Sy gongen de kant nei Hurdegaryp út. By de homeije fan dokter Bontekoe krige de houn foet. Doe sei pake tsjin Jan: "Even oan kant, jonge. Sjochst it net?" "Ik sjoch neat", sei Jan. "Der komt in juffer oan, dy rydt...
nl.verhalenbank.21620
Ik breide en stoppe wol foar Knjillis-om. As er dan hwat sjen moest nachts, dan rekke hy der sa hastich út, dat dan hied er de hakke fan 'e sok op 't krop fan 'e foet sitten. Sa'n drang siet der achter. It moest gebeure.
nl.verhalenbank.19426
By 't spoar hat myn skoansuster alris in ljocht sjoen. Doe sei se: "Dêr komt skielk in hûs." Dêr is èk in hûs kom.
nl.verhalenbank.33806
Myn omke wenne yn Ikkerwâld. Hy kaem ris op in joun thús, doe stie dêr in pleatske yn 'e brân. De minsken kamen der út mei har rommel om to rêdden hwat der noch to rêdden wie. Omke fortelde oan oare minsken hwat er sjoen hie. It hûs stie net yn 'e brân. Mar jierren letter brânde 't wol ôf. En krekt sa't er it sjoen hie, tôgen de minsken mei rommel dy't se...
nl.verhalenbank.31988
Op in nacht wienen twa man út 'e Westerein ûnderweis. De iene wie Albert Westra, de oare wie in sekere Anders. Doe kom der ynienen ien tusken har yn, dy roan mei har. Mar dy koenen se net sjen. Mar dyselde tong ta. Hwat it wie binne se noait gewaer woarn. It wienen rare, rûge mannen. Se seinen: "As wy 't krije kinne, slagge wy 't dea." Mar se krigen 't net.
nl.verhalenbank.36017
Knjillis Veenstra wenne hjir oan 't spoar. Hy is mei de helm geboaren. Hy hat sjoen dat syn eigen dochter fordronk. Mar hy hat ek sjoen dat der in trein forûngelokke tusken de Westerein en Bûtenpost. Mar dat is net gebeurd.
nl.verhalenbank.26199
Ik hie in omke, dy is jong stoarn. Op in nacht wied er mei in maet oan 't murdejeijen. Doe sei dy kammeraet ynienen tsjin him: "Dû mast even oan kant gean, dêr komt in lykstaesje oan." Doe gongen se oan kant stean. Even letter sei de kammeraet: "Nou is 't foarby. Nou kinne wy wol wer op 't paed." "Hast it ek sjoen", frege er myn omke. "Né," sei omke, "ik...
nl.verhalenbank.38406
Alde Willem Koekoek wenne yn 'e Sweagemer Mieden. Dy sei us in kear tsjin ús: "Hjir komme skielk forskate nije huzen. 'k Ha allegear wylde lantearnen sjoen." 't Is neikom. Wy seagen sokke ljochtsjes jouns ek wol foar de huzen. As 't stadich gong mei 't biwegen, dan bitsjutte it neat, seinen se. Mar as 't hurd gong, dan seinen se, 't wienen wylde...
nl.verhalenbank.24576
Liuwe de Haan fan 'e Westerein seach soms ek fan to foaren lykstaesjes by dei. Hy wennet oan 'e Verlengde Stationsstrjitte.
nl.verhalenbank.25132
Ik gong froeger wol út to naeijen, en by dy gelegenheit haw ik hjir - dêr't nou Jan de Boer wennet - us in wylde lantearne sjoen. Soks wiist op op ien of oare dat dêr yn 'e takomst gebeure sil. 't Is wol gau us dat der dan in hûs komt.
nl.verhalenbank.20538
Wie der ien bitsjoend, dan woarde der drank helle fan in duvelbander. Sy gongen froeger nei 't Wytfean nei Jonge Jan en letter nei Kûkherne nei greate Wopke. It drankje moest weistoppe wurde foar de tsjoenster. Hie dy 't sjoen, dan wie 't neat mear wurdich. De duvelbanner warskôge, dat dy't him it earste tsjinkom, dat wie deselde dy't it drankje stikken...
nl.verhalenbank.26203
In tsjoenster foroaret har yn in kat. Der wie by ús ris in fremde kat, fortelde mem. Dy sprong by ús troch 't glês hinne nei bûten ta. Doe hied er him biseard. De oare deis roan der in âld minske mei de holle yn 'e doeken om. 't Wie âlde Minne Aef, in tsjoenster.
nl.verhalenbank.26202
Us mem sei froeger: "Sjoch, dêr binne wer wylde lantearnen." It wienen doe allegear noch modderpaden. Nou binne dy forhurde en dêr ride de auto's en de fytsen oer. De ljochten dêr fan, dat ha de froegere wylde lantearnen west, dy't klear to sjen wienen.
nl.verhalenbank.34558
It wie hjir froeger allegear foartsjirmerij. Oeral hearden se fan to foaren timmerjen op plakken dêr't letter huzen kamen to stean en it gebeurde ek wol dat se seinen: dat of dat hûs mat nochris opbarne. Wy ha 't al barnen sjoen.
nl.verhalenbank.36342
Egbert Baarsma fan 'e Westerein hearde ris op in joun timmerjen. Hy gong der út nei it plak dêr't de lûden wei kamen, mar dêr wie neat to sjen. In pear jier letter waerd op datselde plak it hûs fan Sikke Boukes boud.
nl.verhalenbank.31982
Guon wurde mei de helm geboaren. Wurdt dy helm op 'e forkearde menier forwidere dan mat sa'n ien letter altyd lykstaesjes sjen. Dy matte der dan nachts faek út.
nl.verhalenbank.29713