2,358 datasets found
Dutch Keywords: zien Place of Narration: Kootstertille
Der wenne ien yn Surhuzum, dat wie in raren. Dy flokte alles byelkoar, it koe him neat skele hwat er die. Op in kear doe kom er út 'e herberch by Hulshof wei, en doe woarde er smiten. Boven oer de beammen hinne. Hy hat noait sjoen hwat dat dien hat. Mar it hat him de kraech koste. Hy is der oan stoarn.
nl.verhalenbank.20682
Yn 'e Falom hat us in brân wêst. Ik haw it hûs fan to foaren al forbrânnen sjoen.
nl.verhalenbank.21588
Krekt nei de lêste oarloch wienen ik en myn jonge by de Swâdde yn Twizelerheide. 't Wie sahwat by de froegere flapbrêge. Ik wie oan 'e iene kant fan 'e feart en ik soe myn jonge oerhelje. 't Is sa'n 30 jier lyn. Myn jonge is nou 40. "Ik sjoch hjir hwat, heit", sei Jan. Jan koe net in stap mear gean. "'t Is in ezel of in lyts bont hynderke. En dêr sit in...
nl.verhalenbank.36744
Yn 'e Harkema stie in hûske, dêr wenne froeger Jan Hamstra yn. Dy syn wiif dat moest yn 'e kream fan har earste bern. Sy seach in lykstaesje. Der lei in wite doek achter oer de kiste hinne. Alle minsken dy't achter de kiste oan roannen, koe se wol. 't Wienen lju út har buorren. (buorreplicht!) Hja is yn 'e kream stoarn. Sy hie har eigen lykstaesje sjoen....
nl.verhalenbank.22318
Yn Surhuzum wie froeger in soad foartsjirmerij. Iksels ha 't ek us meimakke. Ik wie doe sa'n twintich jier. It wie sahwat sawn ûre op 'e joun doe hearde ik hiel dúdlik timmerjen, in lyts eintsje fan ús ôf. Ik gong der hinne om to sjen. Mar der wie neat. Letter kom op dat plak in hûs to stean.
nl.verhalenbank.20684
Alde Rapke wenne to Koartwâld. Hy wie timmerman. Dy wie mei de helm geboaren. Nachts moest hy der faek ôf. Dan seach er lykstaesjes. Ik ha wol gauris heard dat lju dy't midden op 'e wei roannen samar oan kant set woarden, sûnder dat se hwat seagen. Dan passearde der in lykstaesje.
nl.verhalenbank.20685
Op it Skeanpaed yn 'e Harkema seagen wy froeger wol wylde lantearnen yn 'e nacht. Dat bitsjutten fytsen en auto's.
nl.verhalenbank.22327
Hjir tichteby komt in wei skeanoer. Ik ha de ljochtsjes al twa kear sjoen.
nl.verhalenbank.21676
Bontsje Keke moest der nachts altyd út. Dan wie 't krekt as sieten se him achter. Dan moest er in lykstaesje sjen.
nl.verhalenbank.29558
Myn suster yn Twizelerheide kom op in jountiid thús doe stie der in lykwein by har buorlju by de homeije. Even letter ried er fuort. Hja tocht: dat wol 'k ûnthalde. Ik wol wite foar hwa't dat is. In wike letter is har buorman forstoarn. Doe stie de lykwein op itselde plak.
nl.verhalenbank.21672
Der wie in boerefeint, dy lei yn 'e nacht op bêd. 't Wie yn 'e simmer. Hy sliepte yn in bêdsté yn 't leech bûthús. Doe seach er dat se in kiste yn 't bûthús delsetten. Hy gong der ôf om to sjen hwa 't dêr yn lei. Doe seach er him sels yn 'e kiste lizzen. Hy woarde tige kjel. Hy gong by de boer wei. Hy tocht sa it needlot to ûntrinnen. Nei jierren kom er...
nl.verhalenbank.27973
Op in kear doe hie ik nei tsjerke ta west, yn 'e Koaten. Ik wie op 'e fyts. Der fytste ek ien njonken my. Doe sei dyselde tsjin my: "Hwat fytse jo hurd." "Ja", sei 'k. Even letter fytste ik wer gewoan. Ik sei: "Hjir komt fan 'e wike in lykstaesje lâns. Hjir stjert ien. Ik seach de lykstaesje oankommen. Ik woe earder de hoeke om wêze." 't Kom krekt sa út.
nl.verhalenbank.21443
Myn soan hie to melken west. Op 'e Koatster wei sahwat by de skoalle sprong it hynder samar ynienen oer de wei en rekke yn 'e hage. Myn soan hie ek noch krekt in keppel bern by him op 'e wei. Hy fortelde it my, doe't er thúskom. "Dus," sei 'k, "it hynder moest rûmte meitsje? Mast der om tinke," sei 'k, "dat dêr binnenkoart in lyk lâns komt." En 't wie ek...
nl.verhalenbank.21444
Yn Minnertsgea hat in man wenne, dy gong der nachts op út om lykstaesjes to sjen. It kom altyd nei.
nl.verhalenbank.22263
Dyselde frou kom ris op in nacht thús mei har man. Doe roannen se by in café lâns. Dêr siet in swarte kat yn 'e doar. De doar stie yn 't kier. Doe sei dy frou tsjin har man: "Der net nei skoppe, hear, hwant dat is de duvel dy't dêr sit!"
nl.verhalenbank.32661
Myn frou har pake ried ris op 'e bargewein nei Ljouwert ta yn 'e iere moarn. 't Wie op in freed en 't wie noch tsjuster. Doe frege der ûnderweis ien oft er mei ride mocht en dy kom njonken him to sitten op 'e wein. Doe't se in eintsje riden hienen sei dyselde: "Wy matte even oan kant gean, hwant der komt in lykstaesje oan." Pake wie oan kant gien, mar hy...
nl.verhalenbank.32664
Ik wie op in kear by myn suster yn Twizelerheide. Wy sieten yn 't keammerke togearre by elkoar, doe hearde ik dat it der yn 'e oare keamer hiel bot oan wei gong. Myn suster fornaem it net. Ik sei: "Hwat in lawaei." Wy der hinne. Mar der wie neat to sjen. Dat wy gongen wer nei 't keammerke ta to thédrinken. De oare deis rekke de dochter fan myn suster...
nl.verhalenbank.21587
Op in joun kom ik by de buorfrou wei en doe seach ik in greate auto by myn soan yn 'e daem stean. Myn soan wennet hjir njonken my. Der kom in greate man út dy auto, mei in hoed op. Mar doe't ik der flak by wie wie der alhielendal gjin auto en ek net in mynhear. Mar ik hie goed yn my opnom hwer't ik dy auto stean sjoen hie, dat ik sette der in streek by....
nl.verhalenbank.21450
Jankemuoi wie in hiel âld minske, dy wenne hjir tichteby. Hja wie alhiel dôf en hie in soan by har yn 'e hûs wenjen fan sa'n fyftich jier. Dat wie Jan, 't wie in neef fan my. Op in kear hie Jan nei de Tille ta west to boadskipjen. Mei de boat. 't Wie op 'e joun. As er fuort wie die âlde Jankemuoi de doarren al bitiid fêst. Dy jouns hie se dat ek dien. Hja...
nl.verhalenbank.29696
In neef fan myn heit koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Hy liet se der ek wer yn gean. Ik ha 't sels sjoen. Hy kom út Amerika. Hy koe ek bûksprekke. Hy wie us by ús, doe wienen wy yn 'e keamer en hy stie yn 'e skuorre. Sa praette er mei ús sûnder dat men hearre koe dat er net yn 'e keamer wie. Hy hie faek forlet fan jild. Hy kom dan by ús âlde...
nl.verhalenbank.21576