26,868 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: zien Place of Narration: Houtigehage
Dy't yn in swarte spegel seach, koe alles sjen, hwat er mar sjen woe. As der ien fuort wie en dy woenen jy graech sjen, dan krigen jy dyselde to sjen. Der wienen ek wol guon dy seagen it net, 't siet him yn 'e soarte fan minsken. As der hwat wei wie, seinen se: "Even yn 'e swarte spegel sjen."
nl.verhalenbank.24300
Doe't wy noch yn 'e hûs wienen, wienen wy saterdeijouns oan 'e jui. Sneins leinen wy by 't simmer ûnder 'e wichterbeammen. Wy hienen in houn, dy lei my de kop ûnder 'e earm. Gjin keardel dy't dan by my komme koe, hwant de houn biet him dea. Op in dei lei 'k sa wer us ûnder 'e beam. Dêr kom myn broer Bouwe oanstappen. Dy smoarde my hast. Ik sei: "Dû...
nl.verhalenbank.21686
Op 'e Houtigehaechster wyk hie ús buorfrou Jantsje in hiel soad katten byelkoar sjoen, dy hienen dêr forgadering by in wâl.
nl.verhalenbank.25610
Yn 'e oarlochstiid is der in jonge forstoarn fan Atse fan der Heide fan Houtigehage. Skoanmem hie klear de lykwein fan tofoaren oankommen sjoen mei de hynders der foar. Hja wennen doe oan 't Spûkeloantsje ûnder Drachtster Kompenije.
nl.verhalenbank.29414
Myn dochter wenne oan 'e Folgerster loane. Moarns as har man fuort wie en hja foel wer yn 'e sliep, dan sprong der gauris hwat by har op bêd op 't fuottenein. As hja dan seach, wie der neat to sjen.
nl.verhalenbank.25616
Alde Gjerte Jel en Luts koenen tsjoene. Alde Minke Germ soe de moarns to fiskjen en doe moete hy dy beiden. Se sweefden oer de dauwe hinne.
nl.verhalenbank.23877
Myn skoanmem seach faek wylde lantearnen. Dat wienen de lettere fytsljochten.
nl.verhalenbank.29418
Wylde lantearnen woarden hjir froeger oeral sjoen. De lju wienen der deabinaud foar, hwant it wie spûkerije.
nl.verhalenbank.21695
Sy seinen froeger wolris, dat hûs brânt ôf. Guon ha 't brânnen sjoen. Dan brânde it letter èk ôf.
nl.verhalenbank.24566
Boardzer Bruining hie 't altyd oer lykstaesjes, dy't er fantofoaren seach. Hy wist altyd krekt yn hwat hûs as der ien stjerre soe. Mar dêr praet er nou net mear oer.
nl.verhalenbank.25877
Alde Rikele hat wol sein, as syn wiif, âlde Myt nachts fuort wie, dan leinen allinne de yngewanten njonken him op bêd.
nl.verhalenbank.24560
Germ Nijboer soe op in moarn nei de boer ta. Doe't er by de Skoallewyk kom, seach er Gjets Jel en Luts oer de dauwe sweven. "'k Seach de rokken boppe de dauwe útkommen", sei er. "Dêr sweefden se togearre hinne."
nl.verhalenbank.23572
Ik haw us praet mei in man út Wynskoat, dat wie in scheepklinker, dy fortelde my, hy wie op in skip en dêr woarde nachts klonken. It wie sa dúdlik to hearren. Mar doe't se seagen wie der neat to dwaen. De oare deis waerd der echt klonken. 't Wie foartjirmerij.
nl.verhalenbank.23827
't Is wol gauris gebeurd, dat, as der ien mei hynder en wein ried by nacht, it hynder ynienen stean bleau. Dan woe 't mei gjin stok fierder. Dan seach it in lykstaesje.
nl.verhalenbank.25615
Hessel Meijer soe mei stokken nei Skoat ta nei de hynstemerk om dy dêr to forkeapjen. Alde Jan Scholte fan 'e Trije Roede soe ek mei. Dy soed er de moarns ophelje. De stokken hie Hessel yn in bosk op 'e rêch. Jan Scholte wachte op him. It duorre him to lang, dat doe roan er Hessel mar tomjitte. Doe't Jan Scholte sahwat oan it hûs fan Sytse Liger ta wie,...
nl.verhalenbank.21694
Boardzer is mei de helm geboaren. Wurdt de helm nei ûnderen strûpt, dan is it goed, gebeurt it oarsom, dan mat er alles sjen. In hynder wurdt ek sa geboaren. Strûpt men de helm achterstofoar ôf, dan draecht er de kop omheech, docht men it nei ûnderen ta, dan rint er mei de kop foardel.
nl.verhalenbank.23871
Ritske Postma kom us by de Houtigehaechster wyk. Hy wie doe noch net troud. Oan 'e oare kant de wyk dêr wenne âlde Jetse Jel mei har dochter. Jel wie in tsjoenster, woarde der altyd sein. Doe seach Ritske dy beide froulju de wyk delkommen. Sy woenen oer de wyk. Ritske seach dat se in biezemstok tusken de skonken hienen. De mem en de dochter sieten foar...
nl.verhalenbank.21634
In pear wiken letter seach er wer hwat. Doe wie 'k èk by him. 't Wie op Luchtenveld yn 'e buert fan Sipke Lindeboom. 't Wie heldere moanne en der lei snie. Hy seach wèr in spoek. "Sjoch", sei er, en hy seach wol sa binaud. De beantsjes op 'e bou stienen op 'e stûke. Dêr njonken seach er hwat. Hwat it wie bin 'k noait gewaer woarn. Ik ha der hinne west to...
nl.verhalenbank.21631
Hja seinen froeger, dêr fleagen twa wylde lantearnen troch de lannen hinne. Dat wie de lettere tram.
nl.verhalenbank.23581
Myn broer Wessel wurke yn Zoutkamp oan 'e slûs. Hy lei dêr op in joun op bêd. 't Wie op in freed. Saterdeis kom er altyd thús. Doe't [er] dy jouns op bêd lei, woarde er samar opnom en hy fleach troch de loft. Mei pijlsnelheid fleach er nei hûs ta. Doe't er dêr in skoft west hie, fleach er werom nei Zoutkamp ta. 't Gong as in pylk út in bôge. De oare jouns...
nl.verhalenbank.21632