26,868 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: zien Place of Narration: De Westereen
Dy't yn 'e swarte spegel seach waerd dêr syn oansteande frou yn gewaer. Troude er net, dan krige er in deadskiste to sjen.
nl.verhalenbank.36882
Yn 'e Kule is him ek al us in lykstaesje tomjitte kom.
nl.verhalenbank.21081
Op in eintsje loane hjir yn 'e Westerein roan altyd in pleachbeest, nei't se seinen. Allinne by nacht. Guon ha him dêr wol sjoen.
nl.verhalenbank.38401
As heit hwat oan mem fortelde, dan paste mem der op of it ek neikomme soe. Hwant hja twifele soms oan syn wurden. Mar it kom altyd út. Hwat hy fan tofoaren sjoen hie, dat gebeurde letter.
nl.verhalenbank.34547
Us mem wie ris mei har kammeraetskes nei Feanwâldster merke. Op 'e weromreis wie 't tsjuster. Ûnderweis roan der mem in ding foarby, dat hie in bern op 'e earm. It hie net op in minske like, sei mem. It hie twa donkere strepen oer de lea hawn, fan boppe nei ûnderen ta. It hie ek hwat roppen en it sweefde min of mear.
nl.verhalenbank.34550
Myn man Ringer kom wol mei syn handel yn klaeijng ensa by in âld minske, dat yn 'e Harkema wenne. Dat minske wie mei de helm geboaren. Soms stie se by de doar en dan seach se lykstaesjes. Ringer krige sa'n ôfskrik fan har forhalen, dat hy woarde suver bang foar har en hy kom der dêrom op 't lêst mar net mear.
nl.verhalenbank.20915
It spul dêr't nou Hindrik en Ael wenje, ha guon minsken fan tofoaren yn 'e brân sjoen. Letter brânde it op.
nl.verhalenbank.17499
Yn Feanwâlden is us in hûs opbrând. Guon ha dat hûs fan tofoaren yn 'e brân sjoen.
nl.verhalenbank.24472
Hjir hat in sekere doomny Knoop stien yn 'e grifformearde tsjerke. Dy man koe net stil stean bliuwe yn 'e preekstoel. It wie krekt in duveltsje yn in doaske. Dan seach men him hast net en dan stuts er wer in ein ta de preekstoel út. Doe sei er in kear yn 'e preek: "Zo zie je me en zo zie je me niet." Dat ha de minsken goed ûnthâlden. Dat wurdt noch altyd...
nl.verhalenbank.33872
Op 'e Fogelsang yn 'e Westerein waerd op in plak algeduerigen timmerjen heard, mar der wie neat to sjen. Letter setten se dêr in boerespultsje del.
nl.verhalenbank.19534
As der ien dea wie dienen se in swarte doek oer de spegel. Oars seagen se de kiste letter wèr yn 'e spegel.
nl.verhalenbank.33863
Dy't by de spoarbrêge tusken Kûkherne en de Westerein jouns siet to fiskjen, dy hearde nachts om tolwe ûre hwat oer de brêge kommen. Dat wie poemp-poemp-poemp-poemp. Jy koenen in skaed sjen, mear net. 't Gebeurde alle jounen om deselde tiid.
nl.verhalenbank.24571
Op in sneintojoun kom ik mei myn kammeraetske hjir oer in brechje, dêr't se fan seinen dat dêr altyd wearwolven tahâldden. Dy jouns ha wy tige dúdlik kôgjen heard, mar wy ha neat sjoen.
nl.verhalenbank.30077
Der kaem ris ien út 'e kroech, dy hie 't raer opsein. Hy wie op 'e Lange Loane hjir, doe waerd er ynienen beetpakt, sûnder dat er hwat seach. Dyselde tilde him op en smiet him yn 'e sleat. Dat wie it wurk fan 'e kweade.
nl.verhalenbank.29718
Yn Twizelerheide, oan 't Wyldpaed, stie in hûs yn 'e brân. Us folk seach it barnen. Der allegear hinne, mar it stie net yn 'e brân. Ik wie doe in famke, 'k ha der ek noch hinne west to sjen. It is net opbarnd, mar de hiting is dat dat noch gebeure sil. Dat leauden ús heit en dy ek grif en ik sels èk.
nl.verhalenbank.33807
By ús woarde it hûs fortimmere. Wy hienen in greate húshâlding, der wienen 9 bern en mem forwachte it tsiende. Doe kom der in frou by ús op bisite. 't Wie âlde Auke Tryn. Dy biseach alles fan de fortimmerderije. Doe't se thúskom, sei se tsjin har man: "Och och, 't wie dêr allegear folk yn 'e hûs/yn 't achterhûs en om 'e doar. Sil ik dy ris hwat sizze? Het...
nl.verhalenbank.34562
Hjir yn 'e Westerein, oan 'e oare kant it spoar, dêr stie in hûs, dêr wie 't net plús. Dêr spûke it yn by nacht. Dan hearden se rare gelûden. En sy seagen ek wolris hwat.
nl.verhalenbank.29720
Dy't yn 'e swarte spegel seach koe hwat fan 'e takomst gewaer wurde.
nl.verhalenbank.29723
Heit wie stuolwynder; op in moarn om fjouwer ûre teach hy der op út. Hy roan de Sweagerloane del nei Sweagerbosk. Dêr roan altyd hwat, seinen se. By in daem hat heit it sjoen. It like op in swart skiep. 't Roan hyltyd hinne en wer.
nl.verhalenbank.26192
Wylde lantearnen ljochten froeger op 'e wei. Dat wienen de tekens fan de lettere fytsljochten en de autolampen.
nl.verhalenbank.33818