Rikele Myt wie in tsjoenster. Dy wenne by de Skieding. Dy hat us in kear in jonkje bitsjoend. It bern hat tiden sukkele. Dokter hat it bern op 't lêst wer better makke.
nl.verhalenbank.27160
Se hadden hier froeger faek kransen in 'e kussens. Myn skoansuster Cor was noait goed. Doe hè se 't kussen openmaakt en doar saten kransen in.
nl.verhalenbank.26340
Hjir wenne in man, dat wie Douwe Stavasius. As der ien dea gong, dan moest er dat sjen. As der ien tige siik wie, dan kom er by 't glês. Dan seach er fan dyselde de hiele lykstoet. Sa'n ien stoar dan faek al gau.
Hy moest it sjen. 't Kom altyd nei hwat er seach.
nl.verhalenbank.26992
Alde Jehannes Wyts fan Boelensloane wie ek in tsjoenster.
Har dochter woun in bern oer. Doe kom dat bern by Wyts yn. Mar dat bern woarde siik en 't gong dea. Wyts hie 't bern deatsjoend.
nl.verhalenbank.38005
Men moet niet iedereen bij 't fé loatn, want der zijn minsken die moakn it fé siek. Die zijn er niet bij fertroud.
nl.verhalenbank.27328
Olle Bearn van der Woude het us op in freemde kat skootn. Hy roakte him ook. Moar 't was olle Jelle Tryntsje. Die had de folgende dag rode en blauwe plekken oan 'e hals.
nl.verhalenbank.26009
Yn 'e Pein wenne in man, dy wie mei de helm geboaren.
Dat wie Douwe Stavasius. As der ien slim siik wie gong men wol nei him ta. Dan fregen se him of er ek hwat sjoen hie. Dan kommen se to witen as de dea neiby wie of net. Hwant hy liet altyd wol hwat út. Sei er: "Gean mar rêstich nei hûs", dan bitsjutte dat [dat] der foarlopich gjin gefaer wie en hy neat...
nl.verhalenbank.27993
As ien Ingelse sykte hie, moest er in pûdtsje mei in pod der yn op it boarst ha.
nl.verhalenbank.19510
As minsken de koarts hienen gongen se wol hinne en nommen in hountsje mei op bêd. Dan krige dat hountsje de koarts. It bigoun to triljen en it woarde meger. De minsken wienen dan sels de koarts kwyt.
nl.verhalenbank.19502
Us heit kom thús út Eenrum mei de klaeikoarts. 't Woe net bikomme. Doe gong er nei Anders Spoelstra ta, dat wie in boer yn Surhústerfean. Se hienen him to rieden jown, hy moest molke ha fan in feare koe, dy't op syn minst yn gjin jier in kealtsje hawn hie. Heit wie sa siik as in houn en seach der min út. Hy moest deis in healmingel fan dy molke ha. Nei...
nl.verhalenbank.27147
Ik wie sa'n fjirtsjin jier âld. Myn âlde omke wenne by ús yn. Hy krige longontsteking en dêr is er ek oan stoarn. Ik wie allinne by him. Heit en mem wienen dea.
Omke woe de jouns fan bêd ôf en hy wie in dikke, sterke âld-keardel. Hy wie fiifensawntich jier. Ik koe him net keare en hy moest op bêd bliuwe. Doe gong ik der út om myn buorman Gerrit Smit op to...
nl.verhalenbank.26892
Myn suster hie in bern, dat hat bitsjoend west. It bern wie noait soun en sy raesde altyd. Doe gong de heit nei Frânse Hinke ta, dy wie duvelbanster yn 'e Rotfalle. Frânse Hinke sei, der sieten krânsen yn 'e kessens, dy moesten der út weihelle wurde en fornield wurde. As der trije folle krânsen yn sieten hie 't bern dea west.
Der kôm nou en dan in frou by...
nl.verhalenbank.24129
Hjir kom froeger in sekere Hindrik v.d. Molen, dy hie pikelhearrings to keap. Wy wienen allegear in bytsje bang foar him, hwant se seinen, as hy it fé oanrekke, dan woarde dat siik. Hy bitsjoende de beesten.
nl.verhalenbank.19509
Froeger stond hier op 'e heide een spittehutje. 't Minske had altyd foar mode sundags te naaien. In de week naaide se niet.
't Minske werd siek en moest stervn, moar sij kon niet stervn. "Het se ook wat oan," sei der een, "dat op sondag noaid is?" Dat was het geval. It hemd dat se dreog was op sundag naaid. Se hebben het hoar úttrokkn en toen ging se dood.
nl.verhalenbank.26880
Janke was troud met Gosse Meijer, een broer fan Piter Meijer. Hoar man behandelde hoar skandoalich en liet hoar in de steek. Toen ging Janke noar de sakjeplakkerij in Houtigehage. Doar was Klaas Tuinstra de boas fan.
Moar se werd siek. Se moest rusten op bedde en kreeg de fliegende tering.
Klaes Tuinstra, hoar boas, besocht hoar elke dag.
Janke was wel...
nl.verhalenbank.26881
Alde Rikele Myt wie in tsjoenster, dy wenne hjir yn 'e buert. Alde Sweitse hie in bern yn 'e bernewein. Doe kom der in greate grouwe swarte kat oan. Doe hat Sweitse dy kat mei de biezem oer de rêch houd.
Alde Rikele Myt lei de oare deis mei de rêch kniisd op bêd.
nl.verhalenbank.23146
Yn 'e Wylp wenne in sekere Auke Dykstra, dy wie net by it fé fortroud. Dêr wienen de boeren allegear hwat bang foar.
Der wenne ek in boer, dat wie Jan Farwyk, dy hie in mot mei biggen. Dy biggen wienen trije wiken âld.
Auke Dykstra kom dêr, hy gong by de mot stean en hy gong mar krekt even mei 't stokje oer dy biggen hinne. Sa jage hy se ta 't nêst út.
De...
nl.verhalenbank.26016
Doar woonde froeger een feintje bij de Skieding, die huisde doar met een meisje. 't Was Gurbe Steensma. Hij woont nu in Drachten in Rustoord. 't Meiske ging noar de koartlegger. Die sei, 't meiske sou overlijden as se een en twintig joar old was.
De minsken seiden teugen hoar: Loof doar niet in, moar 't sat heur altijd dwars. Se moest der altijd an...
nl.verhalenbank.26983
By ús pake en dy wie in bern bitsjoend. Sy joegen pake de rie, hy moest in tsjettel mei wetter siede en dêr nuddels yn dwaen.
Doe gongen pake en dy nei Ritske Aeltsje ta. Dy fortochten se der fan dat hja de tsjoenster wie. Dêr sieten de doarren fêst. Hja hie hyltyd mar roppen: "Ik sil 't noait wer dwaen! Ik sil 't noait wer dwaen!"
nl.verhalenbank.25935
Alde Rikele Myt koe tsjoene. Sy kom us in kear by minsken, doe sei se tsjin 'e frou, dy't widdou wie: "Hwat hast in moaije geit." En sy striek mei de hân oer de geit hinne.
Doe woarde dy geit siik. Doe gongen se nei de duvelbander ta. Dat wie Jonge Jan fan 't Wytfean. It wie de soan fan 'e widdou dy't dêr hinne gong. Hy krige in drankje mei.
Jonge Jan...
nl.verhalenbank.26785