Froeger hellen se de koarts wol fan 'e klaei. Se koenen der allinne fan ôfkomme, as se wer nei de klaei tagongen, oars hâldden se de koarts foar altyd. Se moesten presys nei 't selde plak wer ta.
nl.verhalenbank.16873
As jy siik binne is de duvel altyd by jo mei syn lusten en lagen (letterlik).
nl.verhalenbank.12354
As in bern lêst hat fan termynsetten dan mat men in levende dou iepensnije en dan fuort om 'e fuotsjes fan it bern hinne dwaen.
nl.verhalenbank.23917
Dy en dy moat net nei 't fé ta, hwant dan komt it net goed, seinen se froeger. Dêr bidoelden se guon mei, dy hienen de kweade hân. Sokken makken it fé siik.
nl.verhalenbank.29343
Hjir wenne in man dy wie al op jierren. Hy woarde siik.
Doe sei er op in stuit: "Och, och, hwat binne hjir in minsken yn 'e hûs." Hy koe se samar opneame. Doe wie der op dat stuit mar ien.
In skoftsje letter stoar dy âld man. Doe kommen der in protte minsken. It wienen deselden dy't hy opneamd hie.
nl.verhalenbank.28500
Piter Rauwerda syn frou Lys, hjir op 'e Bulten, hat in jier of hwat lyn bitsjoend west. Hja hie in krâns yn 't kessen.
nl.verhalenbank.32954
Jan van der Tuin hie in bern, dat tsjirme. Janne Lys hie al gau yn 'e rekken dat dit Tet har wurk wie. Der kom altyd in kat by harren. Doe hat Jan dy kat us in kear in lawibes jown. De oare deis hie Tet in blau plak ûnder 't eech. Tet koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.16957
As men de koarts krige, dan nommen wy in jerntried (stoptried) en leinen dêr trije knopen yn. Dan hienen wy de koarts dêryn biknope. Hoe moaijer tried hoe better. Dy tried leinen wy yn 'e hage. As dan in oar dy tried dêr weikrige, dan hie dy de koarts. Wy mochten noait in tried opkrije of in touke, oars brochten wy de koarts yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.12338
Foar pine yn 'e mûle moest men in koarste roggebrea by jin yn 'e bûse ha.
nl.verhalenbank.15633
Hindrik Pyk hat ek ris in kear by Albert van der Veen west. Doe kom er ek by 't bern dat yn 'e widze lei. De oare deis wie 't bern siik.
Hindrik Pyk wienen wy as bern tige bang foar. Wy doarsten net by him op 't hiem to kommen omdat it in tsjoenster wie.
Syn skoandochter Jitske hie 't himd altyd omkeard oan, oars koe Hindrik har miskien ek wol bitsjoene,...
nl.verhalenbank.33409
Op 'e Bulten hat ris in frommes bitsjoend west, dy bigong fiskjes to spuijen. Doe wie se gau wer klear.
nl.verhalenbank.25902
Op 'e Bulten hat in frou wenne, Piters Lyske, dy rekke bitsjoend. Hja waerd siik en doe founen se in krâns by har yn 't kessen.
It wie in frommeske út Bûtenpost dy't har bitsjoend hie, neffens se seinen. It is noch net iens safolle jierren lyn doe't dat gebeurde.
nl.verhalenbank.31543
Willem Pyk (= Ophuis) hie de kweade hân. Dy makke de dieren siik. Sy woenen Willem Pyk net yn 't achterhûs ha.
As ik moaije piken hie, sei 'k: "Tink der om, Willem Pyk mat der net by."
nl.verhalenbank.28788
As minsken yn 'e Harkema tige min binne, dan komme se by de dûmny om avondmaalswyn foar de sike. Dat gebeurt hjoed-de-dei noch altyd.
nl.verhalenbank.15628
Hindrik Pyk hie de kweade hân. By Hinke-muoi har heit hat er 't fé allegear bitsjoend. 't Woarde siik.
nl.verhalenbank.33407
Rekket men in tsjoenster mei roggekerlen yn 't gewear, dan leit hja de oare deis op bêd en oeral, dêr't hja rekke is mei de rogge, binne reade plakjes.
nl.verhalenbank.20962
Sjouk har suster seach op in kear in nachtmerje oankommen. Hja lei op bêd. It wie in ding, sa great as in ichelbaerch. It wie brún. It sprong har op 'e fuotten, doe op 't lichem. Al hiel gau wie se sûnder siken.
nl.verhalenbank.17537
Pake en dy krige de molke altyd fan âlde Tamme Syts. Syts wie in tsjoenster. It bern, dat fan 'e molke krige to drinken, woarde siik. Doe gongen se nei Wopke fan Kûkherne, de duvelbander. Wopke sei: "It bern mat gjin molke wer ha." Pake en dy dienen dat en 't bern woarde wer better. Mar Wopke sei ek: "As der joun in pod om 'e doar hinne strúnt, matte...
nl.verhalenbank.12328
Alde Knjillis Ael kocht us in bêd by in boer yn 'e Ham, dy hienen in bern hawn, dat wie deatsjoend. Yn dat bêd sieten de krânsen noch. Dy krânsen koe men foar in dûbeltsje by Knjillis Ael sjen.
nl.verhalenbank.19527
Der wie in bern yn 'e Harkema siik. Muoike wie dêr baekster. Elke dei kom der in âld wiif. Doe dienen se duveldrek ûnder 'e drompel. 't Ald-wiif sei: "Ik sjoch it wol, jimme wolle my der net yn ha." Hja koe der net yn komme. It bern is better woarn.
nl.verhalenbank.21247