Wie der in bern bitsjoend, dan gongen se wol faek nei Jonge Jan fan 't Wytfean.
nl.verhalenbank.27510
Der binne minsken dy matte jy noait by 't fé litte, hwant dat is net fortroud. Dêr kin hwat út fuortkomme. Se meitsje 't fé siik.
nl.verhalenbank.37931
De koarts krigen de arbeiders op 'e klaei: de klaeikoarts.
De koartsen bigongen as de stoppel bleat kom.
nl.verhalenbank.19693
Myn mem har suster yn Stiensgea - Klaske-muoi - wie tige siik.
Hja hie longûntsteking. Mem wie neat net bygelovich.
Der komt in ekster oanfleanen by ús mem. Dy komt tsjin 't sydgleske oan. Doe blykte dat har suster overleden wie. De ekster wie de boade fan 'e dea.
nl.verhalenbank.27494
Marten Skeet wenne yn Aldegea, yn 't lêste hûs.
Syn frou hiet Doekel, dy koe mear as in oar, seinen se. Dy seach allerhande dingen dy't in oar net seach. Hja wie mei de helm geboaren en moest dan de lykstaesjes fan tofoaren sjen.
Op in kear wie der in keardel yn Aldegea tige siik. Dat wie Jan Sjirks. Hy hie longontsteking en it like o sa slim.
Der stie op...
nl.verhalenbank.33626
Der wie èk in frou, dy hie in lintwjirm. Dy woe se fansels graech kwyt, hwant dat ding hâldde har alhiel yn 'e ûnderwâl. Dat doe gong se nei lytse Fedde ta.
Doe't Fedde heard hie hwat der oan mankearde, sei er: "Jo kinne wol wer nei hûs ta gean en dan matte jo mei twa dagen mar ris wer komme. Mar yn dy tiid meije jo alhiel gjin iten ha."
Nei twa dagen kom...
nl.verhalenbank.33370
Yn Twizelerheide wenne in sekere Femme. Dy ried mei de hounekarre. Hy soe op in kear de hounen in stik brea jaen. Dat brea wie skimmelich.
Hy krige in wountsje oan 'e hân en doe woarde dat bloedforgifting. Doe is er dêr oan stoarn.
Nei dy tiid is Femme noch faek sjoen woarn, hyltyd mei twa famkes. Dan kom er achter út 'e tún wei mei de beide famkes by de...
nl.verhalenbank.33315
Piters Hindrikje hat de bern fan Wytse Hountsje en Hinke èk bitsjoend.
nl.verhalenbank.33038
Myn broer hat as lyts jonkje bitsjoend west. Wy hienen in bakker, dat wie Sibbele Smit. Dy biseach him ris goed en dy sei tsjin mem: "Der geane forkearde egen oer dat bern. As ik jo riede mei gean dan nei Frânse Hinke yn 'e Rottefalle." (Frânse Hinke wie in duvelbander). Se nommen in smoarge doek fan myn broer mei. Hinke hat oanwizings joun. Hja joech...
nl.verhalenbank.33780
Oan 'e Suderdwarsfeart wenne in faem, dy hie in bern krige.
It wie de dochter fan Polstra. Dat jonkje rekke siik. Sy woarden al gau gewaer hoe't dat kaem wie. Tsjibbe Griet (frou Swevel) wie in âld tsjoenster. Dy hie 't bern bitsjoend.
Dy kaem dêr wolles by harren yn 'e hûs. Doe ha se duveldrek ûnder 'e drompel dien, doe koe 't âld-wiif dêr net wer komme.
nl.verhalenbank.27515
Doe't wy us in kear yn Earnewâld leinen, rekke ik as lyts jonkje siik. Doe founen se trije krânsen yn 't kessen, dêr't ik op lei. De trêdde krâns wie noch net fol tsjoend, oars hie ik dea west.
Mem hat de krânsen dea sean yn in koperen goatling. Dan gong de tsjoenster ek dea of sy krige in freeslike pine.
nl.verhalenbank.29302
Ik hie bruorren dy kommen fan 'e klaei thús mei de trêddedeis koarts. Dat wie in hevige koarts dêr't se bot ûnder to lijen hienen. Sy masteren mei dokter, mar dy koe de koarts der net wei krije. Doe gongen se nei Knjillis Wytses, de wûnderdokter fan Sumar. Dy sei: "Jimme matte brandewyn ynnimme mei 't read fan 't aei." Dat ha se dien en sy wienen de...
nl.verhalenbank.27506
Us heit wie noch net troud, doe reizge er mei hwat handel by de huzen lâns en kom sa fan it iene loazjemint yn it oare, dêr't er nachts slepte. Yn ien fan dy loazjeminten die der skurft op. Doe krigen se it by him thús allegearre. En 't woe net wer bikomme. Mar doe joech ien him de rie, hy moest yn 'e moarn fan nije maeije (= 1 maeije), foardat de sinne...
nl.verhalenbank.18130
Der wienen twa bruorren, dy hienen in heit. Ik koe bêst mei dy bruorren. De heit wie by de iene soan yn. Dy soan wie troud, Doe sukkele dat wiif iderkear.
Syn oare broer wenne fuortby en hat my dat forteld.
Hy sei: "It gong sa: Dat frommes - myn snoars - wie bitsjoend. Sy ha har holkessen neisjoen. Dêr kom in hiele greate krâns út. Dêr sieten allerhande...
nl.verhalenbank.25565
Der wie in minske yn 'e Boelensloane bot siik. Frânse Hinke kom der by. Sy sei: "Jimme matte it kessen losmeitsje. Dêr sit in krâns yn. As jimme dy opbrânne, knapt it minske op." Dy krâns, dat wie it wurk fan in tsjoenster. Hja ha de krâns opbrând en 't minske woarde wer better.
nl.verhalenbank.23504
As der ien bitsjoend wie gongen se meastal nei Jonge Jan (Benedictus) om guod. Dat wie de duvelbander fan 't Wytfean.
Hy sei dan: Jimme matte al oppasse, hwant der kin ûnderweis wol us in kat of in houn of in hazze by jimme opspringe, dy't it fleske stikken meitsje wol. (Dat wie dan de tsjoenster)
nl.verhalenbank.26118
As der to Boelensloane in bern bitsjoend wie gongen se nei Frânse Hinke ta yn 'e Rottefalle. Dat wie in duvelbanster. Sy nommen in stikje klean fan it bern mei, meastal it mûtske.
Hinke joech de lju in drankje mei, ek wol us in pod.
De pod moesten se de berntsjes yn 'e klean binaeije.
gaf ze die mee? Had ze padden in voorraad?
nl.verhalenbank.23501
Yn Twizelerheide wennen twa minsken, dy har famke wie siik. Doe sei op in kear de heit tsjin 't wiif: "Wy hâlde ús famke net, sjoch, dêr giet de bigraffenis." Doe wie dêr op 't paedtsje in jerke mei 7 einen. In wike letter wie de bigraffenis fan 't famke. De lykwein gong foarop en sawn minsken der achteroan.
nl.verhalenbank.16851
Tsjoensters meitsje de bern siik. By Sweitse Stopjern (= Oldenburger) wie in bern, dat wie ek altyd heal en gammel. It bern tsjirme.
Sy wienen dêr us op in kear oan 't hûshimmeljen. Doe founen se krânsen yn 'e kessens. Dy brânden se op en sy leinen duveldrek op 'e drompel fan 'e doar. It bern wie samar genezen
nl.verhalenbank.26117
Greate Wopke fan Kûkherne wie in duvelbander. Mar 't wie ek in wûnderdokter. Ik wie in jonge fan alve jier, 'k wie altyd siik. Twa dokters gongen der oer my, dokter Visser fan Drachten en nòch ien. Mar 't joech neat. Doe gong heit mei myn wetter nei Wopke ta.
"Kom, bist dêr al?" sei Wopke. "Lit my 't wetter mar gauris sjen. Dy jonge hat izersterke...
nl.verhalenbank.24823