616 datasets found
Dutch Keywords: wonderdokter Place of Narration: Houtigehage
Piter Scheper (1871-1951 A.A.J.) wenne op Luchtenveld (Houtigehage). Hy wie in duvelbander.
nl.verhalenbank.25596
Ik wie in jonge, doe hie ik us in kear bot pine yn 'e mûle. Ik nei Piter Scheper. Mar doe't ik by him wie wie de pine yn 'e mûle oer. Doe sei er: "Hoe is 't nou?" "Myn pine yn 'e mûle is oer", sei 'k. Hy sei: "Sjoch, dy beam dy hat it nou, dy skoddet."
nl.verhalenbank.23822
Sy seinen, as der ien by Piter Scheper kom, dy't pine yn 'e mûle hie, dan die Piter him in doek foar de egen. En helle er in dea bernehantsje to foarskyn en dêr rekke er de kies mei oan. Dan wie de pine yn 'e mûle oer.
nl.verhalenbank.24809
Piter Scheper fan Houtigehage koe de koarts fan in pasjint op in beam oerbringe. De beam bigoun dan to triljen.
nl.verhalenbank.37474
Bareld Pultrum fan 'e Houtigehage gong us op in kear nei Jonge Jan ta fan it Wytfean. Dat wie in kwaksalver en hy fédoktere in soad. Bareld woe him ris op 'e proef stelle. Hy woe wite hoe kundich Jonge Jan wie. Hy hie it hier fan twa soune hyns meinom en dat joech er jonge Jan oer. De hynders wienen net goed, sei er. Doe joech jonge Jan him twa doaskes...
nl.verhalenbank.28412
Ik wie in jonge, doe hat Gjets Jel my ris in pepermuntsje jown. Doe't ik thúskom, sei mem: "Hast it opiten?" "Ja", sei 'k. "Dan bist bitsjoend", sei mem. "Dan sil 'k mei dy nei Frânse Hinke." Doe rekke ik mei mem nei dat minske ta, dat yn 'e Rottefalle wenne. "Ja," sei se tsjin my, "dû bist bitsjoend. In âld minske docht it. Dy foroaret har yn in swarte...
nl.verhalenbank.23573
Us buorfrou, dat wie Ritske Aeltsje. Sy wenne op 'e Houtigehage. Dêr hie in berntsje bitsjoend west by harren. Doe gongen se nei 't boerke yn Eastemar. It boerke joech in drankje mei foar 't bern. Hy sei, de earste dy't foar de glêzen komme soe, wie de tsjoenster. Mar sy mocht it drankje net sjen. Doe't er thús kom hienen se de glêzen bihong en doe it...
nl.verhalenbank.25600
Jan van der Woude, syn broer, wenne yn Grinzer Pein. Dy hie in dochter Bintsje en dy wie siik. Sy seinen: "'t Berntsje is bitsjoend." Doe gong Jan nei Frânse Hinke ta, dat wie in duvelbanster yn 'e Rotfalle. Dy joech him in fleske guod mei. Sy sei, hy moest meitsje dat er dêrmei thús kom en foaral net òmsjen, hwant dan kom der ien, dy soe it fleske...
nl.verhalenbank.23726
Doe't ik noch yn 'e hûs wie hat der ris ien fan uzes siik west. Dat wie noch in lyts jonkje. Mem gong der mei nei Frânse Hinke ta, dy wenne yn 'e Rottefalle. Dat wie in duvelbanster. Hja joech mem in drankje mei. Hja sei: "Nou matte jo ûnderweis goed oppasse, hwant de tsjoenster komt jo tomjitte; dy wol tsjin 'e drank oanrame." Underweis hie der in kat...
nl.verhalenbank.37688
Sa'n 60 jier lyn gongen ús heit en dy ris nei de boer ta. Doe wie dêr in man op 'e fyts. Dy frege hwer't Jehannes de Boer wenne. Hy hie in jonkje, sei er, en dat wie bitsjoend. (Jehannes de Boer wenne op it Swartfean; 't wie in duvelbanner.)
nl.verhalenbank.37612
Piter Scheper wie ek o sa sterk. Hy hat in protte holpen. Hy wie hwat mear as rjocht hinne en wer.
nl.verhalenbank.24457
Een ingezeten van Holwerd wandelde op zekeren morgen tamelijk vroeg buiten het dorp, toen hem een werkman in zondagsgewaad op zijde kwam. Deze vertelde: <>. Hij geloofde dat ten gevolge het veelvuldig eten van ierapels mei 't bleate gat, aardappelen met te weinig vet en in 't geheel geen vleesch of spek, zich een dam van aardappelbestanddeelen in...
nl.verhalenbank.69990
To Sumar wenne Knjillis Wytses. Dy wist mear fan kwalen ôf as alle dokters meielkoar. Hy hat de koaninginne ek better makke. 't Wie Wilhelmina. Dy wie hielendal giel en dat wie har yn 'e wei. By de dokters foun se gjin baet. Knjilles Wytses makke har wer better. "Wolle jo wite hwa't it is, dy't jo wer better makke ha?" sei se. "Né," sei Knjillis Wytses,...
nl.verhalenbank.17325
Ek in hiel soad minsken reizgen nei Jonge Jan, as der sokssahwat wie.
nl.verhalenbank.28820
Wie de tsjerne bitsjoend, dan hellen se der in duvelbander by.
nl.verhalenbank.25684
Wie der in bern bitsjoend, dan gongen se wol faek nei Jonge Jan fan 't Wytfean.
nl.verhalenbank.27510
Piter Scheper fan Houtigehage koe knoffelbannen sette.
nl.verhalenbank.27148
As de tsjerne bitsjoend wie gongen se nei de duvelbander. Sy krigen guod fan him, dat woarde yn 'e tsjerne goaid.
nl.verhalenbank.27540
Je het nooit gêên verhaole gehoord over magnetiseurs en zôô ? Ja, strijker noemde wij dat hé . Strijkers Strijkers ? Ja, magnetiseur die deed toch een mietjie uh aobaokaodaobrao mé je of zo. Of via een foto kõnne ze zegge wat tie had en weet ik 't. Waoterkijker noemde ze 't ok wel 's. Mossie je flessie meeneme hé met urine d'rin, vandaer die naom :...
nl.verhalenbank.44342
As bern wienen wy spookbinaud foar Piter Scheper. Piter Scheper hie in arbeider, dy wenne hjir achterút. 't Wie Hindrik de Wit. Dy hie in bigge. Dy bigge hie setten. Op in moarn kom Hindrik by Piter Scheper, doe sei Piter: "Hwat bist let." "Ja," sei Hindrik, "ik ha sa'n moaije bigge. Dy die 't sa bêst. En nòu wòl 't net mear. Hy hat al trije dagen...
nl.verhalenbank.25095