1,303 datasets found
Dutch Keywords: wonderdokter Place of Narration: De Westereen
Wie de tsjerne bitsjoend, dan koenen se gjin bûter krije. Dat gebeurde froeger faek. Dan gongen se nei Wopke ta om ried.
nl.verhalenbank.33755
Wyberen van der Meulen wie oannimmer. Dy hie in jonkje, dy hie dauwjirm. Dêr wie neat oan to dwaen. De dokter wist der gjin ried op. Doe gongen se nei Joast. Joast sei: "Liz der droege havermout op." Dat ha se dien en 't bern is genezen. Joast hie 't altyd by 't goede ein.
nl.verhalenbank.32044
Hie Willemke in bern bitsjoend dan gongen de lju altyd nei Wopke fan Kûkherne. Dan krigen se in drankje mei en dat dienen se dan yn 'e bûse. "Tink der om," sei Wopke, "as der dy aenst ien foarbykomt en dy fortinkst der fan dat hy (of sij) de tsjoenster is, dan mast dyselde foarbygean oan 'e oare kant as dêrst it drankje hast. Oars hat it syn kracht...
nl.verhalenbank.34552
Myn suster woarde siik. It like net bêst. Doe seinen de lju: Sy sil wol bitsjoend wêze. Doe stjûrden heit en dy my mei har wetter en sa nei Jonge Jan ta fan 't Wytfean. Dat wie in duvelbander. Mar doe't hy it wetter bisjoen hie, sei er: "Hja is net bitsjoend." En hy skodde de holle. Doe wist ik it oare wol. Al gau dêrnei is se stoarn.
nl.verhalenbank.33767
Ik wie op 'e Sawnbulten by Fedde de Vries, de wûnderdokter. 't Praet gong oer tsjoensters. Hy sei: "Se matte my noait fortelle dat der gjin tsjoensters mear binne." Doe helle er trije moaije krânsen tofoarskyn dêr sieten allerhande kleuren naeijern en stopjern en lapkes en alsamear yn bifrissele. 't Wienen krekt spjeldekessens.
nl.verhalenbank.36862
Wy wennen by Surhústerfean op 't Ketting. Ik hie in broer, dy wie sawn jier âld. Heit siet us in kear to roken út in hiel lange pipe. De jonge sei: "Lit my ek us smoke heit." "Goed", sei heit, en doe liet er him in pear lûkjes dwaen. Even letter woarde it bern sa mislik as in kat. Hy gong bûten op 'e groun lizzen en rôlle dêr om by in âld hage. Dêr rekke...
nl.verhalenbank.33742
Wie der ien bitsjoend, dan woarde der drank helle fan in duvelbander. Sy gongen froeger nei 't Wytfean nei Jonge Jan en letter nei Kûkherne nei greate Wopke. It drankje moest weistoppe wurde foar de tsjoenster. Hie dy 't sjoen, dan wie 't neat mear wurdich. De duvelbanner warskôge, dat dy't him it earste tsjinkom, dat wie deselde dy't it drankje stikken...
nl.verhalenbank.26203
Myn beide jonges Jehannes en Sipke hienen doe't it fan dy jonkjes wienen, lêst fan termynsetten. Jehannes hie 't soms trije ûren oanien. De dokter hie 't ûnder bihandeling, mar dy seach der gjin heil yn. Doe bin ik nei Joast Wiersma tagien, dy't yn Jistrum wenne. 't Wie op in snein-to-moarn. Joast sei: "Jimme matte sekken mei sâlt by de jonges ûnder 'e...
nl.verhalenbank.32130
Yn 'e Falom wenne in frommiske, dat hie jierren oanien op bêd lein. Net in dokter koe har helpe. Se koe allinne mar lizze. Doe gongen se mei har nei Joast ta. Doe sei Joast: "Jimme matte in tobbe nimme en dêr fan dit guod yn dwaen. Dan fol wetter pompe." Mei beide earmen yn it wetter moest se derby lizzen gean. "As dat gebeurd is," sei er, "mat se stean...
nl.verhalenbank.32045
Ik haw it oan 't wetterjen hawn. Ik hie sa'n pine, dat ik raesde it út. Al hwat ik fan dokter ynnaem, it joech gjin byt. Doe haw ik nei Jistrum ta west, nei Joast, de wûnderdokter. Dy sei: Sipels siede en fan it focht dêrfan trije kopkefollen deis opdrinke. Ik wie de pine samar kwyt.
nl.verhalenbank.36530
Der hat noait in bettere genezer west as Joast Wiersma fan Jistrum. Dûmny Prins roan sa fier mei him fuort, dat er him professor Wiersma neamde. Op in kear sieten se mei har fjouweren to kaertspyljen by Joast yn 'e hûs. Joast spile sels ek mei. Doe kaem dêr in jonge man yn 'e doar stean, in sekere Veltman. Dy wie ûnder tsjinst. Hy sei: "Wiersma, ik soe jo...
nl.verhalenbank.32043
Us beppe wie Japiks Griet. It wie in greate tsjoenster. Wy wienen deabinaud foar har. Wy hienen allinne om har in touke om 'e hals en dêr hong in pûdtsje mei duveldrek oan. Dan krige de duvel gjin fet op ús, sei mem. Ek faek duveldrek ûnder 'e drompel. Der wienen ek wol bern dy droegen in koarste fan roggebrea by har. Dat holp ek, mar sa bot net. As in...
nl.verhalenbank.34564
Piter Scheper (1871-1951 A.A.J.) wenne op Luchtenveld (Houtigehage). Hy wie in duvelbander.
nl.verhalenbank.25596
Sa'n 60 jier lyn gongen ús heit en dy ris nei de boer ta. Doe wie dêr in man op 'e fyts. Dy frege hwer't Jehannes de Boer wenne. Hy hie in jonkje, sei er, en dat wie bitsjoend. (Jehannes de Boer wenne op it Swartfean; 't wie in duvelbanner.)
nl.verhalenbank.37612
Piter Scheper wie ek o sa sterk. Hy hat in protte holpen. Hy wie hwat mear as rjocht hinne en wer.
nl.verhalenbank.24457
Een ingezeten van Holwerd wandelde op zekeren morgen tamelijk vroeg buiten het dorp, toen hem een werkman in zondagsgewaad op zijde kwam. Deze vertelde: <>. Hij geloofde dat ten gevolge het veelvuldig eten van ierapels mei 't bleate gat, aardappelen met te weinig vet en in 't geheel geen vleesch of spek, zich een dam van aardappelbestanddeelen in...
nl.verhalenbank.69990
To Sumar wenne Knjillis Wytses. Dy wist mear fan kwalen ôf as alle dokters meielkoar. Hy hat de koaninginne ek better makke. 't Wie Wilhelmina. Dy wie hielendal giel en dat wie har yn 'e wei. By de dokters foun se gjin baet. Knjilles Wytses makke har wer better. "Wolle jo wite hwa't it is, dy't jo wer better makke ha?" sei se. "Né," sei Knjillis Wytses,...
nl.verhalenbank.17325
Ek in hiel soad minsken reizgen nei Jonge Jan, as der sokssahwat wie.
nl.verhalenbank.28820
Wie de tsjerne bitsjoend, dan hellen se der in duvelbander by.
nl.verhalenbank.25684
Wie der in bern bitsjoend, dan gongen se wol faek nei Jonge Jan fan 't Wytfean.
nl.verhalenbank.27510