Knjillis Wytses fan Sumar wie in tige forneamde wûnderdokter.
Us mem hie fochte tusken de fingers, dat kom der hyltyd út en dat waerd almar slimmeroan. Op 't lêst krige se 't ek op 't boarst, dat fochte. Doe heit nei Knjillis Wytses ta.
Hy sei tsjin heit: Sy mat de hannen alle wiken yn séwetter waskje, krekt sa lang oant se wer better is. Doe lieten wy...
nl.verhalenbank.32606
Op 'e Sumarreheide wenne in duvelbander. Dat wie Piter Poes.
Dy gong rounom hinne dêr't de saek bitsjoend wie.
As Piter Poes kom, koenen de tsjoensters neat mear útheve.
Hy lei yn de regel in bytsje rogge foar de drompel fan 'e doar del. Der koe net in tsjoenster oer komme, hwant rogge is heilich.
nl.verhalenbank.29455
Der woarde foar Knjillis Wytses in nij húske boud. Net ien wist hwa't him dat skonken hie. Hy sels ek net. Mar der wurdt altyd sein dat it in cadau wie fan Wilhelmina.
Hja koe earst noait in bern krije. Knjillis Wytses hie makke dat hja Juliana krige.
nl.verhalenbank.32608
Rypke Paulusma fan de Tike kom altyd mei de koarts werom fan 'e Grinzer klaei. Dat neamden se de klaeikoarts.
Knjillis Wytses fan Sumar hie dêr in âld resept foar, dat tige holp: Sy moesten har eigen wetter drinke, dan wienen se de koarts kwyt.
nl.verhalenbank.32601
Der kom ris in man by Knillis Wytses, dy siet alhiel ûnder 'e pûkels. Hy hie in bulte lêst fan jokte. Dan toklaude er him en dan gongen dy pûkels iepen. Hy hie der rounom mei mastere, ek to Ljouwert, mar nergens baet foun.
Doe kom er dan by Knjillis Wytses.
"Kin dit wer better?" frege er.
"Wis wol," sei Knjillis Wytses, "kom mar mei yn 'e tún."
"Sjoch,"...
nl.verhalenbank.32607
Op 'e Leijenskant woarde âlde Hindrik Heddema bitsjoend. Ien fan 'e famyljeleden gong nei Kûkherne ta om Wopke op to heljen. Wopke biloofde dat er komme soe.
Hja hienen by Hindrik Heddema in hage foar de glêzen lâns en dêr stie in hekje yn. Oan 'e westkant wie ek in hage. Achter hûs wie ek in hekke.
Wopke sei: "Jimme matte in groppe grave, fóár 't hek en...
nl.verhalenbank.24099
Piter Scheper (1871-1951 A.A.J.) wenne op Luchtenveld (Houtigehage). Hy wie in duvelbander.
nl.verhalenbank.25596
Sa'n 60 jier lyn gongen ús heit en dy ris nei de boer ta.
Doe wie dêr in man op 'e fyts. Dy frege hwer't Jehannes de Boer wenne. Hy hie in jonkje, sei er, en dat wie bitsjoend.
(Jehannes de Boer wenne op it Swartfean; 't wie in duvelbanner.)
nl.verhalenbank.37612
Piter Scheper wie ek o sa sterk. Hy hat in protte holpen.
Hy wie hwat mear as rjocht hinne en wer.
nl.verhalenbank.24457
Een ingezeten van Holwerd wandelde op zekeren morgen tamelijk vroeg buiten het dorp, toen hem een werkman in zondagsgewaad op zijde kwam. Deze vertelde: <>.
Hij geloofde dat ten gevolge het veelvuldig eten van ierapels mei 't bleate gat, aardappelen met te weinig vet en in 't geheel geen vleesch of spek, zich een dam van aardappelbestanddeelen in...
nl.verhalenbank.69990
To Sumar wenne Knjillis Wytses. Dy wist mear fan kwalen ôf as alle dokters meielkoar. Hy hat de koaninginne ek better makke. 't Wie Wilhelmina. Dy wie hielendal giel en dat wie har yn 'e wei. By de dokters foun se gjin baet. Knjilles Wytses makke har wer better.
"Wolle jo wite hwa't it is, dy't jo wer better makke ha?" sei se.
"Né," sei Knjillis Wytses,...
nl.verhalenbank.17325
Ek in hiel soad minsken reizgen nei Jonge Jan, as der sokssahwat wie.
nl.verhalenbank.28820
Wie de tsjerne bitsjoend, dan hellen se der in duvelbander by.
nl.verhalenbank.25684
Wie der in bern bitsjoend, dan gongen se wol faek nei Jonge Jan fan 't Wytfean.
nl.verhalenbank.27510
Piter Scheper fan Houtigehage koe knoffelbannen sette.
nl.verhalenbank.27148
As de tsjerne bitsjoend wie gongen se nei de duvelbander. Sy krigen guod fan him, dat woarde yn 'e tsjerne goaid.
nl.verhalenbank.27540
Je het nooit gêên verhaole gehoord over magnetiseurs en zôô ?
Ja, strijker noemde wij dat hé . Strijkers
Strijkers ?
Ja, magnetiseur die deed toch een mietjie uh aobaokaodaobrao mé je of zo. Of via een foto kõnne ze zegge wat tie had en weet ik 't. Waoterkijker noemde ze 't ok wel 's. Mossie je flessie meeneme hé met urine d'rin, vandaer die naom :...
nl.verhalenbank.44342
As bern wienen wy spookbinaud foar Piter Scheper. Piter Scheper hie in arbeider, dy wenne hjir achterút. 't Wie Hindrik de Wit. Dy hie in bigge. Dy bigge hie setten.
Op in moarn kom Hindrik by Piter Scheper, doe sei Piter:
"Hwat bist let."
"Ja," sei Hindrik, "ik ha sa'n moaije bigge. Dy die 't sa bêst. En nòu wòl 't net mear. Hy hat al trije dagen...
nl.verhalenbank.25095
As in bern bitsjoend wie gongen se nei de duvelbanner. Dat wie greate Wopke fan Kûkherne. Heit hat der mei myn suster hinne west. Dat wie doe noch in famke. Se krige in dikte oan 't wang. Wopke hat har wer better makke.
nl.verhalenbank.33571
Piter Scheper fan Houtigehage koe de koarts fan in pasjint op in beam oerbringe. De beam bigoun dan to triljen.
nl.verhalenbank.37474