5,269 datasets found
Dutch Keywords: wonderdokter Narrator Gender: female Place of Narration: Twijzelerheide
It gebeurde faek dat de lju nei Wopke fan Kûkherne ta gongen om in drankje as der ien bitsjoend wie. Dan warskôge Wopke: pas op it drankje ûnderweis, hwant guon loere der op. Faek barstte it drankje.
nl.verhalenbank.33432
As der in bern bitsjoend wie, gongen se nei âlde Ulke fan 't Wyldpaed. Dy joech in drankje mei yn in flesse. As de flesse ûnderweis stikken gong, dan wie dat it biwiis, dat it bern bitsjoend wie.
nl.verhalenbank.23771
As it bern siik wie, woarde it kessen ûndersocht. Founen se dêr krânsen yn, dan wie 't bern bitsjoend. Dan gongen se nei de duvelbander ta. Dat wie Oene fan Sweagerbosk. Dy joech altyd in drank mei. Dan sei er: "Tink der om dat net ien it drankje sjocht." De krânsen woarden opbrând yn 'e stookpot. Dan moest alles ticht wêze. It bern woarde wer better as...
nl.verhalenbank.27381
Piter Scheper (1871-1951 A.A.J.) wenne op Luchtenveld (Houtigehage). Hy wie in duvelbander.
nl.verhalenbank.25596
Je het nooit gêên verhaole gehoord over magnetiseurs en zôô ? Ja, strijker noemde wij dat hé . Strijkers Strijkers ? Ja, magnetiseur die deed toch een mietjie uh aobaokaodaobrao mé je of zo. Of via een foto kõnne ze zegge wat tie had en weet ik 't. Waoterkijker noemde ze 't ok wel 's. Mossie je flessie meeneme hé met urine d'rin, vandaer die naom :...
nl.verhalenbank.44342
Us heit reizge froeger altyd mei de wetters fan sike minsken nei Knjillis Wytses ta. Knjillis Wytses wie wûnderdokter yn Sumar. Hy koe mear as in oar. Op in kear gong heit nei him ta mei it wetter fan twa mannen. Dy hienen beide bloed spuid. Doe't er it wetter bisjoen hie, sei er: "De iene kin 'k mei Gods help geneze, mar de oare binne gjin krûden foar...
nl.verhalenbank.22740
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje, in swarte kat meastal. As hja der nachts op út is to tsjoenen lizze de terms op bêd. Hja bitsjoent yn 'e regel bern. Dan makket se greate krânsen yn 'e kessens. As in bern bitsjoend wie gongen se nei Kûkherne. Dêr wenne Wopke Minke, dat wie in duvelbanster. Dy joech dan in drankje mei. En dan sei se: "Nou sil der...
nl.verhalenbank.37658
Wie de tsjerne bitsjoend, dan koenen se gjin bûter krije. Dat gebeurde froeger faek. Dan gongen se nei Wopke ta om ried.
nl.verhalenbank.33755
Piter Poes wie de duvelbander fan Sumarreheide. Hy wie by Simen Linses yn 'e kost. As wy him as bern oankommen seagen setten wy mei de klomp gau in krús. Hwant dêr moest Piter oer stroffelje, seinen se. Ik ha 't dêrom noait sjoen.
nl.verhalenbank.33037
Hie Willemke in bern bitsjoend dan gongen de lju altyd nei Wopke fan Kûkherne. Dan krigen se in drankje mei en dat dienen se dan yn 'e bûse. "Tink der om," sei Wopke, "as der dy aenst ien foarbykomt en dy fortinkst der fan dat hy (of sij) de tsjoenster is, dan mast dyselde foarbygean oan 'e oare kant as dêrst it drankje hast. Oars hat it syn kracht...
nl.verhalenbank.34552
Myn suster woarde siik. It like net bêst. Doe seinen de lju: Sy sil wol bitsjoend wêze. Doe stjûrden heit en dy my mei har wetter en sa nei Jonge Jan ta fan 't Wytfean. Dat wie in duvelbander. Mar doe't hy it wetter bisjoen hie, sei er: "Hja is net bitsjoend." En hy skodde de holle. Doe wist ik it oare wol. Al gau dêrnei is se stoarn.
nl.verhalenbank.33767
Ik wie op 'e Sawnbulten by Fedde de Vries, de wûnderdokter. 't Praet gong oer tsjoensters. Hy sei: "Se matte my noait fortelle dat der gjin tsjoensters mear binne." Doe helle er trije moaije krânsen tofoarskyn dêr sieten allerhande kleuren naeijern en stopjern en lapkes en alsamear yn bifrissele. 't Wienen krekt spjeldekessens.
nl.verhalenbank.36862
Sa'n 60 jier lyn gongen ús heit en dy ris nei de boer ta. Doe wie dêr in man op 'e fyts. Dy frege hwer't Jehannes de Boer wenne. Hy hie in jonkje, sei er, en dat wie bitsjoend. (Jehannes de Boer wenne op it Swartfean; 't wie in duvelbanner.)
nl.verhalenbank.37612
Piter Scheper wie ek o sa sterk. Hy hat in protte holpen. Hy wie hwat mear as rjocht hinne en wer.
nl.verhalenbank.24457
Een ingezeten van Holwerd wandelde op zekeren morgen tamelijk vroeg buiten het dorp, toen hem een werkman in zondagsgewaad op zijde kwam. Deze vertelde: <>. Hij geloofde dat ten gevolge het veelvuldig eten van ierapels mei 't bleate gat, aardappelen met te weinig vet en in 't geheel geen vleesch of spek, zich een dam van aardappelbestanddeelen in...
nl.verhalenbank.69990
It wie yn 't bigjin fan ús trouwen. Myn man wie yn Dútslân oan 't wurk. Ik wist noch net hwannear't er thúskomme soe. 'k Siet op in joun by de tafel. Dêr stie myn man foar 't glês, in bytsje roungear. Hy hie roetswart hier en in swarte snor. Sa stie er foar 't glês to sjen. Ik draeide my even om. Doe't ik wer seach, wied er fuort. "Nou komt Kei gau thús,"...
nl.verhalenbank.22017
Hiltsje hie soks al oan har, doe wie 't noch mar in fanke. Doe seach se al dingen dy't letter gebeure soenen.
nl.verhalenbank.22016
Ien dy't op it stjerbêd hwat oan him hie, dat op snein naeid wie, dy koe net ta stjerren komme
nl.verhalenbank.22160
Dêr't de swel syn nêst bout, dêr komt gelok. Dêr't de earrebarre tahâldt, ek.
nl.verhalenbank.22148
Op in kear doe hienen wy ús hûs forkocht. Mar wy hienen noch net in oar hûs, dat wy wisten net, hwer't wy de maeijes komme soenen. Hiltsje kaem by my. Wy wennen doe noch oan 't Wyldpaed. Hja woe wite of wy al wer in hûs hienen. "Hast al plak?" frege se my. Ik sei: "Né. Kei is der om fuort. 'k Wyt net hoe't it komt." Kei bleau wei. Hiltsje gong op 't lêst...
nl.verhalenbank.22014