339 datasets found
Dutch Keywords: wonderdokter Place of Narration: De Tike
De Lange Sleatterman dat wie in spoek, dat roan by de Saiter lâns: Fan 't Krúswetter ôf oan Earnewâld ta. De skippers wienen fjûrbinaud foar de Langesleatterman. Dy doarsten dêr noait mei har skip to lizzen. Sy woenen wol ha dat se dy Langesleatterman dêr formoarde hienen. It wie in fyndoekspoep, sa'n ien dy't mei 't pak roan. De skippen dy't dêr leinen,...
nl.verhalenbank.29475
Ik haw ek wolris fan guon heard dat se in brân fan tofoaren sjoen hienen, wylst it hûs pas letter opbrânde. Ik ha sels ris in kear sjoen, doe wie 'k noch yn 'e hûs by ús heit en dy doe seach ik oan 'e Skieding in húske yn 'e brân stean. Doe't ik der by kom brânde 't net. Dat húske is letter ôfbrutsen, net opbrând. Dat haw ik dus net goed sjoen. Der stie...
nl.verhalenbank.29461
Dêr't nou it húske stiet fan greate Sije (= Sije Hoekstra) op 'e Skieding hjir, tichte by Paulusma, dêr brânde froeger in ljocht. As wy tichterby kommen gong it ljocht út. As wy dan wer fuort gongen, seagen wy it wer. Dat gong sa oan trije kear ta. Letter kom op dat plak it húske to stean, dat der nou nòch stiet.
nl.verhalenbank.29460
Op 'e Sumarreheide seagen se froeger wylde lantearnen. Beppe hat se faek sjoen. Dat wienen de foarboaden fan 'e tram, dy't dêr letter lâns ried.
nl.verhalenbank.29474
By de Skieding op 'e Tike, op it plak, dêr't Paulusma nou syn garage hat, dêr seagen guon froeger altyd ljochten. Dat wie fansels altyd jouns. Se woenen biweare dat dat de ljochten wienen fan it hûs dat dêr letter delset is, dêr't Jan Tuinstra yn kom is to wenjen.
nl.verhalenbank.29448
By minsken tichte by ús heit en dy siet in krâns yn 't holkessen. Jouns wie der altyd in swarte kat om 'e doar by harren. Sy ha dy krâns út it kessen helle en dy krâns ha se forbrând. Wylst fleagen de katten by de glêzen op. 't Wienen allegear katten. In skoft letter is ien fan 'e âlde minsken dy't tichteby wennen overleden. 't Gebeurde op 'e Tike.
nl.verhalenbank.27868
As der froeger ien bitsjoend wie, gongen se nei de duvelbanner ta. Dat wie yn 'e regel Piter Poes fan Sumarreheide. Dy kom op 'e hounekarre delsetten. Hy lei duveldrek om 't hûs hinne en by de paden en op 'e drompel.
nl.verhalenbank.32652
As der yn in húshâlding sawn jonges binne, is ien dêrfan in wjerwolf.
nl.verhalenbank.32646
Oan 'e Nyegeasterhegewei woarden yndertiid in âld man en in âld frou formoarde. Dêr sieten bloedplakken by de tsjerne oan 'e muorre - dêr woarde de âld frou deamakke - dy koenen se der noait wer ôf krije, omdat it bloed fan in moard wie.
nl.verhalenbank.32609
Heit fortelde, hy wenne froeger as feint by in boer yn Sumar. Hy wie dêr greatfeint. Dêr wenne ek in lytsfeint by dy boer. Dat wie in uterst-raren. Dy wie withoefaek dronken. Hy steurde him oan gjin duvel en sei 't raer op. Op in kear hied er wer yn 't café sitten mei noch in oaren-ien. Hy hie 't wer raer opsein. Togearre gongen se út 'e kroech. By Albert...
nl.verhalenbank.27204
Hjir achter my wennen twa reiddekkers. De iene wie David. Sy hienen in gazen hok mei hinnen. 't Is nou twa jier lyn, doe sei David tsjin my: "Hwat haw ik hjir hjoed hwat bileefd. Hoefolle eksters as hjir hjoed net om 't hûs flein ha, wyt ik net. En hwat in stik leven dat se makken! Ik haw ek noch ien yn 'e hannen hawn, dy fleach hjir tsjin 't gaes oan."...
nl.verhalenbank.24094
Syn dochter Rixt tsjinne as faem by in boer, dy hie in protte bargen. De boer hie in baerch forkocht, dat wie in hiele grouwen-ien. Doe't de bargekooplju him helje soenen, koenen se him net út it hok krije. Hy wie to swier. Hy woech in pear hûndert poun. Rixt sei: "Ik sil him wol even krije." Hja krige de baerch by de boarstels beet en sa tilde se him oer...
nl.verhalenbank.27199
Der wie ris in ploechje folk op 'e Lange Wyk. Dy kommen út 'e kroech wei. 't Wie in raer folkje. Sy praetten ûnder inoar ôf, de earste de bêste dy't se tsjin kommen, dy soenen se formoardzje. De selde dy't dat dwaen soe moest dêr om lotsje. 't Wie al hwat donker en de earste dy't der oan kom wie Sterke Hearke. Dyselde pakte Hearke. Mar Hearke krige...
nl.verhalenbank.27198
As in houn spûkgûlt, dan giet der ien dea. Dat komt altyd út. Mar it is ûngelyk hoe't it gebeurt. Sy matte net fêst sitte. Dan binne se binaud. Dan gûle se altyd. Myn frou wie frijhwat siik. Wy leinen op in nacht togearre op bêd. Doe bigong der in houn to spûkgûlen. Ik tocht: As se dat nou mar net heart. As se nou mar slept. "Slepste?" sei se. Ik sei:...
nl.verhalenbank.24095
Der woarde ús al jong werskôge: "Rin noait midden op 'e wei by joun of by nacht." Hwant dan kin men tsjin in lykstaesje oanrinne. Op 'e Sumarrewei is ris ien oan kant reage woarn.
nl.verhalenbank.27205
To Hurdegaryp stiet in villa, dêr steane twa greate homeijepeallen by. As se de hekke op slot dienen gong er altyd wer iepen. Op 't lêst binne se gewaer woarn hoe't dat kom is. Der wie in smid yn Hurdegaryp, dy hie der in kaei by makke. In soart fan loper wie it. Dy makke it alle nachten wer los.
nl.verhalenbank.27207
As de eksters bigjinne to skatterjen flak by hûs en sy fljogge alle kanten út, dan giet der yn dat hûs ien dea.
nl.verhalenbank.24097
As men in flesse drank ha woe, moest men skoppenboer by de doar ôfjaen. Even letter kom der in flesse drank oansweven. Ien moest him oannimme. Mar net deselde dy't de spylkaert ôfjown hie. Oars gong dy dea.
nl.verhalenbank.24108
Ymke de Jong wie us by Mooiweer, de kastlein fan Sumar. Dêr lei er in ryksdaelder op 'e tafel. Oer de flier makke er in krytstreek. Dêr stienen in man of fjouwer achter. Dat wienen Sumarders. Doe sei Ymke: "Dy't oer dy krytstreek hinne dânsje kin en de ryksdaelder pakke kin, dy mei him hâlde. En dan liz ik der wèr ien del." Mar der wie net ien, dy't oer...
nl.verhalenbank.24109
Tusken it hûs fan Tsjalling Bijma en dat fan myn neef op 'e Tike lei in stik jierappel-lân. Midden op dat stik lân stie in dikke houn to spûkgûlen. Hy seach yn 't noardwesten op. Dêr wennen Sibe Wiersma en syn frou Marij. 't Wie by dei dat dy houn spûkgûlde. Doe't ik it hearde tocht ik: "Hjir giet ien dea." Ik makke 't net bikend. Fuort letter stoar Sibe...
nl.verhalenbank.24096