339 datasets found
Dutch Keywords: wonderdokter Place of Narration: De Tike
Myn omkesizzer Sipke de Vries fan Sumarreheide dy seach soms as er yn 'e Sumarre buorren west hie to praten op 'e weromreis op 'e âld tramwei in hiele greate houn. Wol sa great as in fôlle. Dy roan in ein njonken syn fyts lâns en dan kom er foar de fyts sa dat er ôfstappe moest. Dan wied er sa bang, dat er dweiltrochwiet fan swit thúskom. Dy houn dat wie...
nl.verhalenbank.23348
Guon hearden ris dat der in stem wie op 'e Leijen, dy't sei: "De tijd is vervuld en de man is er niet." Doe is dêr fuort dêrnei in ûndermeester forsûpt mei in sylskou. Dy sylskou is dêr doe omslein.
nl.verhalenbank.29467
Oan 'e oare kant de Hegewei - tusken de Hegewei en de Eibertgeasten wie froeger in boskje. Yn dat boskje, seinen se, spûke altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.29473
Hearke syn dochter Rixt mat ek o sa sterk west ha. Dêr binne èk wol forhalen fan.
nl.verhalenbank.29472
Ik ha wolris heard fan guon, dy't de deaklean net meikrigen hienen, dat sokken har letter ek wer oppenearren. Dêr woarde dan ek in doomny by helle en dy makke dan dat de saek torjochte kom. Dy spruts de deade oan.
nl.verhalenbank.29466
Ek us in kear op in nacht doe seach er op in sniedún foar syn hûs in greate houn sitten. Hy hat de duvel ek wol by him foar 't glês stean sjoen.
nl.verhalenbank.23349
Hwannear't der yn in húshâlding sawn famkes binne, is der in nachtmerje ûnder. As jy op 'e rêch lizze krije jo lêst fan sa'n nachtmerje. As jo der gjin lêst fan ha wolle matte jo de iene skoech mei de hakke en de oare skoech mei de tean tsjin 't bêdsket oan sette. Jo kinne ek in wiete dweil foar 't bêd lizze. Heit hat wolris forteld, dat guon ris in...
nl.verhalenbank.32640
Tsjoensters fleagen op 'e biezemstôk rounom hinne, sels nei 't bûtenlân.
nl.verhalenbank.32654
Trapet men op in pod, dan komt der tonger. As 't reine wol, komme de podden yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.32650
Ienkear haw ik in pleachbeest sjoen. Ik hie op in snein-to-joun nei Antsje ta west, wy hienen doe noch forkearing. Hja wenne dêr't nou Paulusma wennet. By Thys Jansma sloech ik in sydpaedtsje yn. Doe roan der in great swart beest foar my lâns mei gleone egen. 't Like wol in houn, mar 't wie sa great as in keal. 't Sei: piip-piip-piip. 't Gong lyk foar my...
nl.verhalenbank.32644
Bearn Boonstra fan Sumarreheide seach fan tofoaren lykstaesjes. Dat kom altyd nei; nachts moest hy der foar út bêd wei. Mar hy koe noait sizze hwa't der stoarn wie.
nl.verhalenbank.29462
By 't Krúswetter lei in fisker mei 't tichtset. Hy wenne mei syn dochter yn in aekje dat der lei. Hy sette wol gauris guon oer. Op in joun doe wie de fisker der op út. De dochter wie allinne thús. Doe waerd der roppen. Der woe ien oerset wurde. De fiskersdochter roeit der hinne, mar as se by de wâl komt, stiet dêr de Lange Sleatterman. It fanke woarde sa...
nl.verhalenbank.29476
In tsjoenster kin har yn in hazze en in kat foroarje. Yn Earnewâld is 't ris gebeurd dat ien in fremde kat in lawibes forkochte. De oare deis roan de buorfrou mei in doek om 'e holle. Dy sei, hja wie fallen. Mar elkenien wist wol dat it in tsjoenster wie. 't Wie dy kat.
nl.verhalenbank.29477
In houn spûkgûlt soms as der ien stjerre sil. Dan stiet er mei de kop nei 't plak ta, dêr't de lykstaesje lâns giet.
nl.verhalenbank.29463
Ien fan 'e Sumarreheide, dat wie leau 'k in sekere Jehannes van der Zee wie by Sjoerd Piters yn Sumar oan 't wurk. Dêr wied er boerearbeider. 't Wie in greate spotter. Hy flokte en ketterminte altyd dat it raer wie. Hy sei: "Ik bin foar de duvel net bang, as kom er my tomjitte." Op in moarn-bitiid soed er wer nei de boer ta. Hy wie op 'e Hearrewei, op it...
nl.verhalenbank.32645
Hiltsje Dykstra, myn âldste suster, wennet op 'e Boelensloane. Dy droomde, ien fan har skoansoannen stoar. Hja koe net útmeitsje hokker skoansoan it wie. Dat wie krekt fan tofoaren dat Jan Brouwer út de Pein dea gong. Dat wie ien fan har skoansoannen.
nl.verhalenbank.32651
Se seinen altyd dat der op 'e Tike in fôlle mei in brijpot ûnder 'e hals omroan. Op it lêste eintsje fan 'e Tike oan 'e wei fan 'e Pein nei Nyegea ta, spûke it ek altyd.
nl.verhalenbank.32647
Mem warskôge ús froeger altyd: nim noait hwat fan in tsjoenster oan. Hwant as se jimme in apel jowt en jim ite him op, dan krije jim in pod yn 't liif of in kikkert of in mûs.
nl.verhalenbank.32653
De minsken leinen hjir duveldrek ûnder 'e drompel, om gjin lêst to hawwen fan tsjoensters.
nl.verhalenbank.27869
Doe't wy bern wienen wennen heit en dy yn 'e Wierren by de polderdyk. (nou Tike). Doe wienen der gâns lju, dy seagen in ljocht fleanen oer Sumarreheide. Se woenen biweare dat dat it ljocht west hat fan 'e tram, dy't dêr letter kom is.
nl.verhalenbank.29449