339 datasets found
Dutch Keywords: wonderdokter Place of Narration: De Tike
De frjemde mier yn 'e blaugêrzen 'Alde Piter Durks hat it my ferteld. Doe wie ik mei him oan 't binen en dan hie er ek fan dy rare spoekferhalen. Hy hie it oer in keardel, dy hie oan 't meanen west yn'e blaugêrzen, op 'e Stûkon (tusken Garyp en Warten). Hy hie it oan Piter sels ferteld. Ik kin tsjin'e duvel wol meane, hie dy keardel op in kear sein. Doe...
nl.verhalenbank.13680
Op 'e Harste stie in kroech, dêr hat Thys Jansma yn wenne. Dêr sieten us twa bruorren, dy kommen fan Burgum. Dy beiden hienen it liif fol drank. Ien fan har kocht in healpoun tabak fan 'e kastlein en doe gongen se út 'e herberch. Sy moesten de Harsteloane lâns, dêr stienen doe oan beide kanten greate ikene beammen. De beide Burgumers seinen it mâl op en...
nl.verhalenbank.23347
Sterke Hearke wenne achter Burgum. Hy wie us in kear op it lân oan it ploegjen mei in ien-hyns-ploech. Hy wie op 'e foarikker. Doe kom der in frommes oan. Sy sei: "Kinne jo my ek sizze, hwer't dy en dy minsken wenje?" "Jawol," sei er, "dan hoechst net sa fier mear." Doe krige er de ploech mei de houten sturt beet tilde him op en sei: "Sjoch, sa ast nou by...
nl.verhalenbank.23353
Sterke Hearke wenne yn 'e Ham. Hy wie ris in kear op it lân oan 't ploeijen. Doe kom der ien by him. Dy frege him: "Hwer wennet Sterke Hearke?" Doe krige Hearke de ploech en dy tilde er op mei ien hân. En hy wiisde der mei en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.29468
Us heit wie yn syn jonge jierren boerefeint by âlde Bonne Algra yn Sumar. It gebeurde wol us dat er fan 'e faem kom op mandei-to-moarn. Hy wie dan noch lang net thús, dan hearde er ûnderweis al dat se by Bonne Algra oan it terskjen wienen. Ien slach fan it terskjen hearde hy boppe alles út. Dat wie de slach fan Jean-om. De oare slach wie lichter. Deselde...
nl.verhalenbank.23151
Sterke Hearke hat ek pûr allinne in boerewein op 'e nael fan 'e skuorre krige. Hy hie de hiele wein op 'e rêch.
nl.verhalenbank.29454
Hearke mat ek ris in kear in weinfol dong út it skerngat weilutsen ha. De hynders koenen gjin skrip krije.
nl.verhalenbank.29469
Yn Fryslân binne de kanalen troch reuzen groeven.
nl.verhalenbank.23352
Heit en dy seinen altyd tsjin ús: "Jimme matte noait midden op 'e wei rinne. Hwant dan kin der jimme in lykstaesje tomjitte komme en dan wurde jimme oan kant smiten."
nl.verhalenbank.23346
Dy't mei de helm geboaren is, mat bigrafenissen sjen. Op 'e Boppetike wenne sa'n man, dy moest der nachts altyd ôf.
nl.verhalenbank.32642
Jehannes van der Zee fan Sumarreheide is ek ris sa bot smiten woarn. Hy wie arbeider by Krol yn Sumar. 't Wie op in moarntiid ier dat it gebeurde. It wie in man dy't it opperwezen forflokte en rounom de gek sahwat mei hie. It is net like folle hoe't in minske him hjir hâldt en gedraecht. Jehannes woarde smiten en net sunich. It kom sa bot oan, dat hy hie...
nl.verhalenbank.32656
Heit fortelde, yn Earnewâld mat ek in ûnbidich sterken keardel wenne ha. Froeger wie it skythúske in trijehoekje. Dat hienen se oer 't wetter hinne boud, dan hoefden se 't noait to leegjen. Der kom ris in tsjalkskipper oanfarren en dy krige dat skythúske op 'e klifelstok (sit foar op 't skip; dêr komme twa fokken op) en dy pikte dat der ôf. De seilen...
nl.verhalenbank.29470
Yn Sumar wenne in boer, dy hie syn folk (syn heit en mem) min bihandele. Dy boer kom to forstjerren. Mar de erfgenamten fordielden it erfskip net lyk as hy bigeard hie. Hy hie der by sein as se dat net dienen lyk as hy it ha woe, dat er dan wèr kom. En hy kòm wer. Hy koe de rêst net fine. Alle moarnen stie er op 'e achterhússtrjitte as se bigounen to...
nl.verhalenbank.29464
By de Headammen seagen de lju altyd in fôlle mei in brijpot om 'e hals, mar ek wolris by Earnewâld.
nl.verhalenbank.29458
Der binne yn 'e Sumarreheide wolris berntsjes stil wei makke. Dat wienen dan berntsjes dy't net bigeard woarden. Mar dy berntsjes krigen gjin rêst. Alhiel neaken, sa dânsen se om 'e stile hinne yn 'e skuorre.
nl.verhalenbank.29465
Yn Sumar wennen trije bruorren dy woarden de potskippers neamd. Dy wienen ek ôfgryslike sterk. It wienen Sjoerd, Melle en Folkert van der Meer. It gebeurde ris yn 'e Pein dat der in kou foar de tram rekke en doe rekke de lokomotyf út 'e rails. Doe ha se dy trije bruorren ophelle. Dy ha mei bihelp fan in dommekracht de lokomotyf wer toplak set.
nl.verhalenbank.29471
Mei Skoppenboer kinne guon in flesse drank komme litte. Mar dêr haw ik my noait mei bimuoid.
nl.verhalenbank.32657
Alde Jan Doedel (= Mulder) syn frou wenne yn Nyegea. Dy moest der nachts ek altyd ôf om lykstaesjes to sjen. Dy wist altyd fan tofoaren as der ien stjerre soe. As se de helm fuort opbrânne hoeve se it net to sjen.
nl.verhalenbank.32643
Op in joune let kommen ris twa feinten by de lapskroar wei. Dy wenne oan 'e Tsjerkeloane ûnder de Pein. De iene dat wie in raren, dy hie hiel bot sweard fan foar de duvel net bang en sa. Underweis wie dyselde samar ynienen by de oare feint weipakt woarn en in ein fierder wied er wer delfallen. Doe wied er sa bang woarn, dat hy doarst net mear to praten....
nl.verhalenbank.32655
Ik hie in hiel bêst skiep, dat wie swier mei lammen. Dêr wie 'k tige wiis mei. It wie yn 'e winter. It skiep wie al swier en joech gâns molke. Ik sei tsjin 't wiif: "Ik wol 't skiep misse." "Dat silst my dochs wol lige", sei se. Ik sei: "It giet ta de doar út. Ik ha 't fannacht hingjen sjoen. Trije lammen kommen der út." Ik hie droomd, it skiep gong dea...
nl.verhalenbank.32641