Frânse Hinke wie de duvelbanster fan Rottefalle. As der in bern bitsjoend wie, fortelde sy altyd hwa't de tsjoenster wie.
nl.verhalenbank.26092
Piter Scheper fan 'e Houtigehage koe de minsken de koarts ôfnimme. Hy brocht it oer op in beam, seinen se. Dy beam bigong to triljen. Hy nom ek wol oare kwalen ôf.
nl.verhalenbank.26911
Hjir wennen froeger minsken. De man woarde siik. Hy gong sels nei greate Wopke fan Kûkherne ta. Hy roan der hinne.
Wopke sei: "Ik wyt wol hwa't jo binne en jo komme út Boarnburgum." En dòch hie Wopke de man noait earder sjoen.
Doe sei Wopke hwat him mankearde. Hy sei: "Jo hoeve net wer to kommen, jo binne genesen."
nl.verhalenbank.26078
Myn mem is deatsjoend troch in man. Wy sieten dêr yn Twizelerheide ûnder 'e tsjoensters. Doe't ús mem siik wie hienen wy earst net yn 'e rekken dat se bitsjoend wie. Sadwaende krige se dêr gjin guod foar. Hienen wy mar duveldrek brûkt, dan binne de tsjoensters de kracht kwyt. Ik haw noch foar har nei Wopke Minke, nei Kûkherne ta west, mar doe wie se al...
nl.verhalenbank.33844
Alde jonge Jan wie wûnderdokter, fédokter en duvelbander. Hy wenne yn 'e Harkema tsjin ús oer. Dêr kaem ris in man út 'e Westerein by him, dy hie in siik fanke meinaem yn in koer foar op 'e fyts. Dat fanke hie allegearre bulten yn 'e nekke en op 'e rêch. Dêr hie se gâns lêst fan. Dêr wie gjin dokter dy't dat geneze koe.
Jonge Jan sr. bihandele dat fanke...
nl.verhalenbank.32233
Heit hat wol nei greate Wopke ta west. Net fanwege tsjoenderij. Heit hie 't oan 'e mage. Hy hie der al mei omdoktere, mar de dokters koenen der neat mei wurde. Doe't heit by Wopke kom, sei dy: Jo matte in mingel molke opsette en der 2 fellen skriuwpapier yn oplosse en dat opdrinke. Dan binne jo samar wer better. Dat hat heit dien en in pear dagen letter...
nl.verhalenbank.36653
Ien kear yn 'e wike ried der in hynstetram fan Feanwâlden nei Sumar apart mei pasjinten foar Knjillis Wytses.
nl.verhalenbank.32208
Us heit en mem wienen noch mar krekt troud. Doe rekke ús mem slim yn 'e loop en sy wie der ek noch bot koartsich by.
Der wenne op 'e Houtigehage, flak by Luchtenveld in sekere Piter Scheper.
Heit sei: "Dêr mastû hinne, dy makket dy samar wer better." Mem woe earst net, mar op 't lêst liet se har biprate.
Piter hie yn 'e skuorre lein to ierpelskiften....
nl.verhalenbank.24456
Der wie ek in man, in sekere Pebesma yn Sumar, dat wie in fisker. Dy moest by 't maitiid yn 'e nacht dauwe dweilje. Dan brocht er ammersfol dauwe nei Knjillis Wytses ta.
nl.verhalenbank.23113
Te Opeinde heeft, in de tweede helft der negentiende eeuw, een wonderdokter gewoond, zeer onmanierlijk in zijne taal, en niet alleen zeer bekwaam tegenover menschen maar ook tegenover dieren, want een lok haar van eene zieke koe of een ziek paard stelde hem in staat, de kwaal te herkennen en de noodige geneesmiddelen voor te schrijven. De zoon schijnt de...
nl.verhalenbank.57993
Piter Poes wie duvelbander en wenne op Sumarreheide. Op in kear moest er nei in frou ta fanwege tsjoenderij. Hja wienen drok oan 't praten, doe sei de frou: "Ik mat even nei de panne mei sûpenbrij, oars siedt dy oer."
Piter Poes sei: "Wachtsje, 'k sil wol even mei."
Doe stie de brij in hiel ein boppe de panne, en dochs sea se net oer.
nl.verhalenbank.25624
Hy stjûrde der faek bitiid yn 'e moarn twa man op út mei in wyt lekken by har en twa amers. Dy mannen moesten nei 't greidlân ta. Hja moesten it lekken oer 't wiete gjers slepe en it dan útwringe yn 'e amers. Sa krigen se de beide amers fol dauwe.
Daudweilje neamden se dat.
nl.verhalenbank.32210
Us heit kom thús út Eenrum mei de klaeikoarts. 't Woe net bikomme. Doe gong er nei Anders Spoelstra ta, dat wie in boer yn Surhústerfean. Se hienen him to rieden jown, hy moest molke ha fan in feare koe, dy't op syn minst yn gjin jier in kealtsje hawn hie. Heit wie sa siik as in houn en seach der min út. Hy moest deis in healmingel fan dy molke ha. Nei...
nl.verhalenbank.27147
Oene Knoffelder roan mei in kuorke mei snypsnaren by de huzen lâns. Sa moest er oan 'e kost komme. Ik hie ek us in euvel. Oene krige in kopke mei kâld reinwetter, die dêr in bytsje fan oan 'e fingers en struts dêrmei oer it plak hinne. Ik wie klear. Oene hie iiskâlde hannen altyd.
nl.verhalenbank.23123
Der hat hjirwei in manspersoan nei Wopke ta west om in drankje. Wopke joech it him, mar sei: "Tink der om, dat se dy de drank ûnderweis net ûntstelle. Pas der goed op."
De man die de flesse mei 't drankje yn 'e binnenbûse en seach der ûnderweis net wer nei om. Hy tocht, dat it dêr wol feilich wêze soe.
Mar doe't er thúskom, wie 't fleske leech.
Hy werom...
nl.verhalenbank.32953
Der wie in man dy moest de skonk der ôf ha fan 'e dokter. Mar dêr wie er noch net oan ta. Hy gong nei Knjillis Wytses ta en frege him as dy der ek ried foar wiste. Hy moest de skonk bleat meitsje. Doe die Knjillis Wytses hwat yn in kalkene pipe en bigoun to smoken. Hy soarge der foar dat de reek by de bleate skonk lâns gong.
It duorre net lang of dêr...
nl.verhalenbank.32211
Myn suster hie in bern, dat hat bitsjoend west. It bern wie noait soun en sy raesde altyd. Doe gong de heit nei Frânse Hinke ta, dy wie duvelbanster yn 'e Rotfalle. Frânse Hinke sei, der sieten krânsen yn 'e kessens, dy moesten der út weihelle wurde en fornield wurde. As der trije folle krânsen yn sieten hie 't bern dea west.
Der kôm nou en dan in frou by...
nl.verhalenbank.24129
Der wie in man siik. Hy wenne dy kant út nei Burgum. De frou gong nei Piter Poes om in drankje.
"Tink der om," sei Piter Poes, "ûnderweis binne der hounen, dy wolle 't drankje brekke."
Der wie ûnderweis in houn by har opsprong en dêrtroch rekke de flesse mei drank stikken.
nl.verhalenbank.25626
As jonkje fan in healjier haw ik slim siik west. Ik wie noch mar fel en bonkjes. Ik die oars net as gûle en earmoedzje, ik wie noait stil, nachts likemin as oerdei. Heit en mem wienen der beide wis fan, dat ik bitsjoend wie. En sy hienen èk wol yn 'e rekken hwa't it my lapte. Alde Elzinga hâldden se foar de dader.
Heit gong nei de duvelbander ta. Dat wie...
nl.verhalenbank.33078
Joast Wiersma wie ús buorman. Hy wie wûnderdokter, mar folle en folle kundiger as oare dokters.
Greate Gosse (Weima) wenne yn 'e Mieden. Dy wie nei de dokters ta west en dy hienen sein, hy moest de skonk der ôf ha. Doe gong er nei Joast ta. Joast sei: "Dû bist wol wizer, jong, en lit dy skonk der net ôfnimme." Doe joech er Gosse guod en dêr is dy skonk...
nl.verhalenbank.34505