Hinse Jehannes de Boer wenne op it Swartfean. Hy wie sokssahwat as féarts. Mar hy wie ek duvelbander. 't Wie in hiele raren. Hy hie in forboun mei de duvel.
Op in kear hied er by in boer by 't fé west. Dêr hied er ôfgryslike bot omflokt. Letter kom er siik thús en hy hie gjin klean mear om 'e lea hawn.
Syn klean hienen yn 'e toppen fan 'e beammen hong op...
nl.verhalenbank.32605
It Barra-hûs is in boereplaets, net sa hiel fier fan Ljouwert ôf. Op in kear wie de boer útfanhûs. De feint hie dêr al jierren wenne. Dy soe salang op it hûs passe. Hy hie in gewear fan 'e boer mei kûgels, dy mocht er brûke yn gefal fan gefaer.
Doe kom dêr in frommes. 't Wie in kuorkerinster en de feint joech har in pantsjefol thé yn 'e hûs.
Even letter...
nl.verhalenbank.27208
Ik haw in slangekoaning sjoen by de Hearrewei. Hy droech in kroantsje op 'e kop. Ik wie der fjûrbinaud foar.
nl.verhalenbank.32611
Tsjoensters tsjoene krânsen yn 'e kessens. Dêr sit altyd fan alle soarten jern yn. Hja matte sawn krânsen meitsje.
nl.verhalenbank.24098
Us heit hat fantofoaren de tram op 'e Sumarreheide sjoen.
"Sjoch us," sei er, "sokke gleone ljochten rinne dêr." Doe wie der fan in tram noch gjin sprake.
In jier letter hearden se earst oer in Belgyske maetskippij praten, dy't de tram oanlizze soe.
Letter kom de tram der; doe seagen se deselde gleone ljochten by joun.
nl.verhalenbank.27195
Ik ha wol us nei lytse Kjille west, de wiersizter fan 'e Gerdyk. 't Kom allegear út hwat se sei.
"Krijst aenst in houn", sei se. "Dy byt dy fjouwer piken dea."
't Wie ek sa.
"Wolst ek wol wer in frou ha," sei se, "mar dû krigest noait ien wer. Der binne oars fjouwer op dy forleafd."
"Trije", sei 'k.
"Ja," sei se, "mar de fjirde komt fan 'e wike."
't Wie...
nl.verhalenbank.24113
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje.
Ien fan sawn soannen is in wjerwolf.
nl.verhalenbank.24107
De nachtmerje hat faek flechtsjes yn 'e moanjes fan myn hynder makke. Dan makke it hynder in ôfgryslike leven. Ik ha der wol fan út bêst [bêd?] west. Dan stie it dier to switten op 'e stâl. Mar de nachtmerje wie altyd fuort.
nl.verhalenbank.24106
Froeger wienen der guon, dy koenen soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte.
nl.verhalenbank.24112
Op 'e Hearrewei roan nachts altyd in swart frommes om.
It wie in spoek. In protte doarsten de Hearrewei by nacht net del, sa bang wienen se dêr foar.
nl.verhalenbank.32599
To Hurdegaryp by Bennema-state wie in hekke, dy koenen se net ticht hâlde. Dy gong altyd út himsels wer iepen.
nl.verhalenbank.32610
As de tsjerne bitsjoend wie, dan woe der gjin bûter komme. Dan hellen se Piter Poes fan Sumarreheide der by. Dat wie de duvelbander, dy't de saek wer yn oarder brocht.
nl.verhalenbank.32604
Japik Ingberts hâldde in wedstriid mei de gemeente Ljouwert. Hy moest rinne tsjin in hynder oan 'e Greate Wielen ta.
Woan er it, dan krige er in slompe jild.
De hurddraver moest it forlieze, Japik Ingberts woan it.
nl.verhalenbank.27209
In pleachbeest, dat wie in soart fan houn mei in greate grouwe sturt. Hy wie swart en hy kreupele en hy seach hiel gleon.
Alde Jelle Hoekstra fortelde, hy hie us op in snein-to-joun nei 't Wytfean nei de faem ta west. Op 'e Swarte Wei tusken Wytfean en Eastemar wie der in pleachbeest út 'e wâl kom, dy smiet him oan kant.
nl.verhalenbank.27865
De potskippers yn Sumar wienen tige sterk. Sy hieten 'van der Meer'. Doe't ik in jonge fan sa'n jier of tolve wie, wennen wy yn 'e Wierren. Doe hienen dy potskippers in fearskipke. Potifars woarden se ek wol neamd.
Ien fan dy mannen, Sweitse van der Meer, kom op in joun mei 't fearskipke oan. Under yn 'e snikke hied er in fet mei trijehûndert poun sjerp...
nl.verhalenbank.29451
Der is hjir op 'e Tike al us in hûs ôfbrând. Guon ha dat fan tofoaren al brânnen sjoen.
nl.verhalenbank.23154
Guon hienen froeger krânsen yn 'e kessens. Dat wie 't wurk fan 'e tsjoensters. Oan 'e krânsen koe men sjen of de tsjoenster in man wie of in frou. Wie 't in frou, dan wienen de krânsen fan naeijern en stopjern. Wie 't in manspersoan dan wienen de krânsen fan byntjern. (Om de healpounen tabak siet froeger altyd byntjern hinne. Dêr koenen se 't oan sjen.)...
nl.verhalenbank.29479
Guon bern wurde mei de helm geboaren. As dy helm fuort by de geboarte forbrând wurdt, hoeve sokke lju der letter nachts net ôf. Oars matte se alles sjen.
nl.verhalenbank.29478
De Lange Sleatter-man spoeke altyd by de Krúswetters fan Warten om. Dêr hat in fisker lein yn in aekje, dy hie dêr in tichtset. Hy sette ek oer.
De Lange Sleatterman is mei twa hynders hjir út Sumar wei nei de Krúswetters ta brocht.
Myn omke fortelde, op in joun wie dy fisker fuort. Syn dochter wie allinne thús. Hja wie yn 't wenskipke.
Doe hie dêr in man...
nl.verhalenbank.29450
Der wie in man dy woe yn 'e tilbry nei Ljouwert ta. Hy sei tsjin syn frou: "Wolst èk mei? Hwant de prins dy komt yn 'e stêd, dy wol 'k sjen."
De frou sei: "Né, it past my net. Ik mat hjoed himmelje."
Dat, doe gong dy man der allinne op út.
Underweis stie der in mynhear oan 'e kant fan 'e wei. Dy frege of er mei ride mocht.
Dat koe mei alle wille. It wie...
nl.verhalenbank.27870