1,380 datasets found
Dutch Keywords: weg Place of Narration: Buitenpost
Myn omke hat fantofoaren de swiere auto's al heard dy't letter op 'e Grinzer strietwei kommen to riden. It wienen krekt deselde lûden
nl.verhalenbank.16517
Us âlden hâldden ús foar om nachts noait midden op 'e wei to rinnen. Marten van Kammen seach net sa bêst. Dêrom roan dy nachts àl midden op 'e wei. Mar dat moest er bilije. Hy woarde op in kear samar opkrigen en oan 'e kant fan 'e sleat smiten. En hy hie noait in minske sjoen.
nl.verhalenbank.36301
It is ús altyd foarhâlden woarn noait midden op 'e wei to rinnen by nacht. In minske kin dan oer in lykstaesje hinne smiten wurde.
nl.verhalenbank.36141
Der kom ris ien út Burgumerheide om in drankje by Wopke to Kûkherne. Hy gong mei it drankje werom op 'e B'heide yn en nom doe in paed, dêr't er by om in hekke hinne moest. Doe bruts it drankje. Hy gong werom nei Wopke ta en sei: "It drankje is stikken rekke." Doe sei Wopke: "Ja, dat is dêr en dêr gebeurd by de hekke. Mar ik hie tsjin dy sein, datst dêr...
nl.verhalenbank.16495
Sytse Jager fan 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema (deasketten yn 'e oarloch troch de Poepen) is us smiten woarn. Wy stienen as jonge keardels fan sa'n fyftsjin man by elkoar. Der wie in fisker, dêr praetten wy mei. 't Wie by de Piter Simenskamp. Ynienen woarde Sytse Jager tusken ús weitild en smiten. Wy ha him net wer sjoen. Hy hat der in dei of hwat siik fan...
nl.verhalenbank.19487
It Swadde-paedtsje wie sahwat oardel meter breed. Oan 'e iene kant wie in dyk mei beamguod, oan 'e oare kant de Swadde, dêr't ek beamguod bylâns groeide. Dêr wie nachts altyd in rolle fyfskaft op dat paedtsje, dat him min of mear forweegde. Dat spoeke dêr om en de minsken dy wienen der bang foar.
nl.verhalenbank.20015
Jierren herwaerts - ik wie doe noch mar in jonkje, - doe wenne der op 'e Hoek ûnder Feanwâlden in âld-minske, dat sei: "Der komme aenst weinen to riden sûnder hynders der foar. Ik ha se riden sjoen. En de wei, dêr't se op ride, dy komt troch 't Bûtenfjild to rinnen." 't Is presys sa útkaem.
nl.verhalenbank.38435
As men wylde lantearnen sjocht, dan komt der hwat to dwaen. Dan sil der boud wurde. Doe't de Wedze noch modder wie, tilde it dêr fan 'e wylde lantearnens. Dat binne ljochte fûgels. Dan komt der fan alles. Der is èk fan alles kom: Hurde wei, fytsen auto's, in stasjon. Foardat dat der allegear wie gong it dêr ôfgryslik oan wei.
nl.verhalenbank.19664
Is men by nacht op in paed, dan mat men altyd oan kant gean, hwant dan is der gefaer. Dan kin der wolris in lykstaesje oankomme dy't jin oan kant set.
nl.verhalenbank.30962
Sibe van der Veen wie boade fan 'e bigraffenis yn Harkema. "Op in joun," sei er, "kom der in lykstaesje oan. Ik waerd oan kant set. Ik seach alles. Ik wist ek wol hwa't de deade wie. Doe't de lykstaesje foarby wie, koe 'k wer op 'e wei komme."
nl.verhalenbank.19464
Yn Surhuzum, dêr ha guon it hillich nachtmiel fierd yn 'e kroech. Fiif man wienen oanwezich. Alle fiif hienen se de jas omstrûpt oan. En hja wienen mei de bleate holle. (Gewoanlik hâlden se yn 'e kroech de petten altyd op.) Der wie in boer dy't de lieding op him naem. Se binne raer thús kaem, alle fiif, hwant it wie spotten tsjin it Opperwezen. Mar de...
nl.verhalenbank.32189
Dêr stie in wettermoune oan 'e Swarte broek, ûnder de Moune-ein. Dêr wie in polder dy't ûntstien is yn 1866. Dêr fan ôf/foarby roun in reed fan Hurdegaryp dwars oer nei Ikkerwâld. Dat wie de Papereed, dêr troch de monniken oanlein. Op in nacht moest heit mealle. Heit wie mounder. Doe seach er fanôf Hurdegaryp twa ljochten oankommen, rjochting Ikkerwâld,...
nl.verhalenbank.32151
Anne Karl wenne op 'e Sânbulten. Hy wie us yn Grinslân oan 't sichtsjen op 'e klaei. 't Wie achter Warffum. De plaets fan 'e boer stie pûr op 'e rûmte. Op in joun soed er nei 't doarp ta to skearen. Hy woe it koartste paed mar nimme, mar dat rette de boerinne him sterk ôf. Hwant op dat paed, dêr doogde it jouns net, dêr spoeke it. Sy rette him oan foar...
nl.verhalenbank.19662
Alde Hindriks Kike wenne achter ús. Mem sei op in kear: "Der sil ûnwaer komme, dan rekket âlde Hindriks Kike har hûs der ôf. Ik ha 't brânnen sjoen. En op 'e Foarwei sil de boerepleats fan Dedde Wybenga ôfbrânne en alle fé sil der yn omkomme." 't Is allegear sa gebeurd. Hja sei: "Ik sjoch allegearre fjûr." De oare deis gebeurde it. Der kom in greate...
nl.verhalenbank.36300
Tusken de grouwe beam en de hoeke fan 'e Krúswei yn 'e Harkema spoeke altyd in dikke houn, sa great as in keal.
nl.verhalenbank.19485
Yn 'e Harkema is in poel, dêr is in fanke yn fordronken mei read hier. 't Wie ien fan Jouke Elzinga. De wyks fan to foaren hienen se in stem út dy poel heard, dy't rôp: "Help! Help!"
nl.verhalenbank.19491
Stammerige Harm fan Twizelerheide wie in tsjoenster, seinen se. Hekse-Harm seinen se ek wol. Hy koe him yn in kat mei gleone egen foroarje, seinen se. Hie ien krinten om 'e mûle of in seare holle, dan wie sa'n ien bitsjoend. In bern dat bitsjoend wie hie in krâns yn 't holkessen. Dy krâns woarde der úthelle en opbrând. Earder woarde 't bern net better. By...
nl.verhalenbank.36314
Der wienen tsjoensters, dy koenen fleane.
nl.verhalenbank.30956
In soan fan âlde Jan Oenes hiet fan Oene. Dy koe knoffelbannen lizze. Hy wie op snein geboaren. Hy wenne yn Sweagerbosk. Ik hie us mei twa geiten nei de bok west. Underweis knoffele ik by in dyk del. Myn earmtakke die rare sear. Doe nei Oene. Ik sei: "Ik bin by de dyk del dondere." "Wyt ik wol," sei er, "hâld de earm rjochtút." Doe mompele er allerhande...
nl.verhalenbank.20006
Oene Gjet hie ek nei Lamke ta west. Hja krige fan Lamkje in tsiiskoarste. Sy joech har famke der in stik fan. Dat bern krige in freeslike pine. Doe't se thús kom bigong se to koarjen. It wienen allegearre kikkertskoppen, dy't se útkoarre.
nl.verhalenbank.20012