18,613 datasets found
Dutch Keywords: vrouw Narrator Gender: male Place of Narration: Moddergat
In stik of hwat fammen fan Wierum hienen nei Moddergat op bisite west, nei kunde. Yn 'e bocht by de Blauwe Daem spoke it altyd. Doe't de froulju de jouns werom kamen seagen se dêr in lykstaesje. Doe setten se werom op Moddergat ta. Sy doarsten dêr net foarby.
nl.verhalenbank.27829
In nachtmerje wie in frommeske. Hynders hienen foaral lêst fan in nachtmerje. As hja by sa'n hynder west hie wienen de moannen alhiel fortize. En 't hynder sloech dy nachts hiel bot.
nl.verhalenbank.27828
Hjir hat in frou wenne, dy wie mei de helm geboaren. Dy seach fan tofoaren lykstaesjes. Hja wist altyd as der ien stjerre soe.
nl.verhalenbank.27817
In nachtmerje wie in frommeske. 't Wie ien fan sawn dochters. Hja kaem troch 't slotsgat by it slachtoffer, krekt as tsjoensters. Hja gong earst nei 't fuottenein ta.
nl.verhalenbank.27945
De nachtmerje kaem troch 't slotsgat. 't Wie in frommes. Men moest hinnegean en set de toffels omkeard foar 't bêd.
nl.verhalenbank.28102
Yn Moddergat wenne in frou, dy wie mei de helm geboaren. Dy wist altyd hwa't der stjerre soe. Nachts gong se fan bêd ôf om de lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.28114
Aeltsje wenne ek yn Moddergat. It wie in tsjoenster. Sy hie har eigen soan bitsjoend. It bern stoar. Hja hie hiele rare eagen yn 'e kop. Doe't it bern stoar sei se: Eén uur van onbedachtzaamheid kan maken dat men jaren schreit.
nl.verhalenbank.27949
Op in moarn bitiid soenen in stik of hwat fiskfroulju der meielkoar op út om fisk to forkeapjen. Doe kommen se by in frommes dat èk mei soe, mar dy wie der noch net ôf. Sy sei: "Ik liz noch op bêd, ik bin der noch net ôf. Mar ik kom jim wol achternei. Wachtsje mar op 'e hoeke op my." Doe de fiskfroulju dêr kamen, doe wie se dêr al. Sy moat dêr hinne flein...
nl.verhalenbank.28098
In nicht fan myn mem wie op in joun let noch op in paed. Sy wie sahwat oan it skoallehûs to Moddergat ta, doe woarde se samar ynienen fan 'e wei ôfnaem en yn 'e sleat set. Der hie in lykstaesje west, dy't hja net fornaem hie. Mem sei altyd: "Rin by nacht noait midden op 'e wei, gean altyd oan 'e kant lâns."
nl.verhalenbank.27849
Ulbe Akke fan Moddergat wie mei de helm geboaren. Dy moest der nachts út. Hja woarde wekker en wie dan alhiel oerstjûr. Dan seach se in lykstaesje. Hja hat ek de lykstaesje sjoen fan 'e buorfrou dy't tsjin har oer wenne. As hja wer in lykstaesje sjoen hie, wie se de oare deis mâl fan 'e pine yn 'e holle.
nl.verhalenbank.27850
Hjir wennen froeger twa âlde bruorren. De iene wie troud, de oare net. Dy bruorren hienen in skip togearre. Deselde dy't troud wie koe net bêst mei syn wiif. It heakke altyd tusken harren. Doe jage de broer dy't net troud wie him by 't wiif wei en doe libbe hy der tonei mei. Syn broer dy't skulpefisker wie, lei bûtendyk. Doe kom der in hountsje by him oan...
nl.verhalenbank.27830
Dy hat yn 'e Swarte spegel sjoen wol sizze: dy hat by de wiersizter west. Yn 'e Swarte spegel seagen jo in frou of in deakiste. Men koe ek op in oare menier gewaer wurde mei hwa't jy trouwe soenen. Jy moasten dan in aei stikken slaen en yn in beker dwaen. En dan moasten jy klopje en der in rymke by opsizze. Dan koe men yn it kloppe aei it beeld sjen fan...
nl.verhalenbank.27834
Ien hjirwei kaem ris in kear út 'e herberch. Underweis nei hûs ta woard er samar fan 'e wei ôf yn 'e sleat smiten. Hy sei: "Bliksem, doch dat noch ris." Doe gebeurde 't wer. "Noch ris", sei er. En wer woarde er yn 'e feart smiten. Mar doe doarst er it net wer to freegjen, hwant doe wist er dat it de duvel wie.
nl.verhalenbank.28116
To Wierum wenne in feint, dy die 't altyd mâl. Hy spotte en flokte dat it net mear moai wie. Hy wie ek faek dronken. Op in joun kaem er by minsken yn 'e hûs. Dêr woed er graech ûnderdak ha foar de nacht. Hy kaem yn 't bûthús to lizzen op strie. Doe't se de oare moarns by him kamen, hied er de holle omkeard op 'e romp. De duvel hie him de nekke omdraeid.
nl.verhalenbank.28117
Hie men lêst fan langskonken, dan hong men in fleartokke foar 't bêd.
nl.verhalenbank.28103
Heit sei, hy kom ris in kear fan Nes op in joun. Der wie in oare man by him, dy moast nei Wierum ta. Doe hie dy man ynienen tsjin heit sein: "Jo moatte oan kant gean." Heit gong oan kant. Even letter sei er: "'t Is foarby, kom mar wer op 'e wei." Dy man woe net sizze hwa't it wie dy't stoarn wie. Op in pleats tichte by it plak dêr't se oan kant gien...
nl.verhalenbank.28115
As der ien bitsjoend wie, dan siet der in krâns yn 't kjessen dêr't dyselde mei de holle op lei. Dy krâns forbrânden se yn 'e dôfpot, dan kaem de tsjoenster foar de doar.
nl.verhalenbank.28101
Frijmitselders wienen kûgelfrij.
nl.verhalenbank.27959
Yn Peasens wenne in smid, dy hat ris in kear in hynder bislein. Mar de oare deis sieten de hoefizers der alle fjouwer achterstofoar ûnder. Dat hynder wie bitsjoend, 't wie in spookhynder.
nl.verhalenbank.27838
De swarte spegel hearde by de waarzeggerij. Dan seagen se yn dy spegel. Dan krigen se hwat fan 'e takomst to sjen.
nl.verhalenbank.27958