Hil Mud wenne op 'e Sumarre Tike. Dy gong ek foar in tsjoenster troch. Dy mat ek wol bern bitsjoend ha.
nl.verhalenbank.21182
In tsjoenster wie hast altyd in âld minske. Ik sei al dat der hjir ek ien wenne dy't der foar hâlden waerd. Dat wie âlde Piter Koaije Hinke, dy wenne hjir flakby oan 'e Boskwei, yn 't hûs dêr't Roel Nicolai wenne hat.
nl.verhalenbank.31808
As it sneit skodzje de âlde wiven de bêdden út.
nl.verhalenbank.21188
Alde Jan Klompstra's Ael siet yn 'e earremoed. Hja moest sein ha: "Hwat woe ik graech dat ik fiif en twintich goune hie, as joech de duvel it ek."
Hja gong de Pasterijelannen del en dêr foun se in briefke fan fiif en twintich goune. Mar sy liet it lizze.
nl.verhalenbank.24516
Antsje-mei-'t tsjil siet yn 'e rogge. Dêr wienen wy as bern deabinaud foar.
nl.verhalenbank.31794
Dêr stie de Ferkearde
Alde Folkerts Antsje, dy wenne dêr efter op 'e Tike. Se wie, tink ik, sawat yn 'e midden fan 'e foarige ieu berne. Dy hie altyd ferhalen oer de duvel. Se moast dan yn har jonge jierren faak fan 'e Tike nei de Pein om boadskippen. Doe wienen dat noch houtsjepaden en dan de Tikefeart dêr lei in lyts houten brechje oer. 'En op dat...
nl.verhalenbank.12960
Myn neef hat ris yn in tintsje west op 'e merk, om to witten mei hwa't er trouwe soe. Doe krige er in foto. Dêr stie itselde frommes op, dêr't er letter mei troud is.
nl.verhalenbank.32929
Us heit hie in neef, dat wie in sekere Ruerd. Dy wie ek tige sterk. Op in kear wied er mei de keppel yn Grinslân oan 't wjudden. Doe wie dêr in wide sleat, dêr moesten se oerhinne. De manlju sprongen der samar oer, mar de froulju doarsten hast net.
Ruerd sei: "Doarre jimme dêr net oer?" Doe naem er ûnder elke earm ien fan 'e froulju en sa sprong er rejael...
nl.verhalenbank.36243
Piter Poes wie duvelbander en wenne op Sumarreheide. Op in kear moest er nei in frou ta fanwege tsjoenderij. Hja wienen drok oan 't praten, doe sei de frou: "Ik mat even nei de panne mei sûpenbrij, oars siedt dy oer."
Piter Poes sei: "Wachtsje, 'k sil wol even mei."
Doe stie de brij in hiel ein boppe de panne, en dochs sea se net oer.
nl.verhalenbank.25624
Yn Sumar, by 'de Koekoek' bigjint de Grabbeloane. Dêr spoeke it altyd. Dêr roan altyd in juffer om. Dêr hat in slot stien, dêr wenne in graef yn. Dêrom hyt it dêr Grabbeloane. Dêr is alris in kear in rydtúch mei in juffer der yn samar yn 'e groun sûnken.
nl.verhalenbank.25631
De froulju wienen bang foar Jehannes Meerstra. Hwant as er it dwaen woe, liet er de froulju samar de klean útsakje. Dan stienen se neaken op 'e wei.
nl.verhalenbank.21119
In nachtmerje wie in frommeske. Dat siet de minsken nachts op 't boarst. Hja kom troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
De minsken setten de toffels achterstofoar foar 't bêd en struiden moal op 't gesicht om der gjin lêst fan to hawwen.
nl.verhalenbank.36262
Der wie in man siik. Hy wenne dy kant út nei Burgum. De frou gong nei Piter Poes om in drankje.
"Tink der om," sei Piter Poes, "ûnderweis binne der hounen, dy wolle 't drankje brekke."
Der wie ûnderweis in houn by har opsprong en dêrtroch rekke de flesse mei drank stikken.
nl.verhalenbank.25626
Der wenne in frommeske yn Sumar, dat wie famylje fan Sterke Hearke. Hja luts samar twa kroadfollen jirpels troch de modder hinne. Net in keardel dy't it dwaen koe, hja die it allinne.
Sy nom ek samar op elke earm in sekfol jirpels, dy't se nei de wâl ta sjoude. Hja skreau har Borger.
nl.verhalenbank.25634
Guon ha op 'e Wide Pet ûnder Surhústerfean in stem heard.
't Wie yn 'e winter, der lei iis. Der waerd roppen: "De tijd is verschenen, de man is er niet."
Letter is der yn 'e Bouke-wyk oer iis in faem fordronken.
nl.verhalenbank.20214
Dizze minsken hieten fan Boom, omdat it skippers wienen, dy't de boom brûkten.
Jantsjen wie in great gewant frommes. Op in kear moest se foar 't gerjocht komme. Doe sei de rjochter tsjin har, doe't se har namme neame moest: "Je ziet er ook net uit als een boom. De takken ontbreken er alleen maar aan."
nl.verhalenbank.32923
Yn Sumar wenne in âlde frou Hoekstra, dy hie yn 'e keamer rogge struid yn in romte, dan kom de duvel net by har.
nl.verhalenbank.21197
Der wienen trije bern, dy kommen by in âld-wiif.
Hja joech dy bern elk in woartel. De mem sei: "Dy woartels net opite!" Hja die se yn 'e treppot.
De oare deis sieten der trije kikkerts yn 'e treppot.
nl.verhalenbank.32469
Ien fan 'e Tike hat my forteld:
Ik (dit wie âlde Jan Potskipper syn wiif) stie op 'e reed. Ik rôp Pije en Hoeke, myn beide jonges, hwant wy masten ite. Der wie net in minske to sjen yn gjin fjilden noch wegen. Doe stie ynienen âlde Tryn achter my, mei in lekken om har hinne.
Ik woarde danige kjel en sei: "Dû âlde duvel, dû bist net gong, dû bist flein."
nl.verhalenbank.12234
Diuwke by Nacht spûke nei har dea yn Garyp fan 'e buorren nei Sumar. Der binne genôch dy't har sjoen ha. Dit is wrachtich wier.
nl.verhalenbank.32481