Dêr't nou it nije tsjerkhôf is, dêr spoeken altyd twa wite froulju.
nl.verhalenbank.17391
Ik ha yn Berlyn in sémearmin sjoen, dy siet yn in kiste. Se hienen har yn sé fangd. It wie fan boven in fisk en fan ûnderen in frommes.
nl.verhalenbank.17388
Hindrik Vaatstra seach mei eigen eagen in kiste op it hiem stean. Koarte tiid dêrnei kom syn eigen wiif to forstjerren.
nl.verhalenbank.12333
Myn skoanmem dat wie Imke Witteveen. Hja wie in dochter fan Rikele Witteveen en dat wie in broer fan Sterke Hearke.
Skoanmem wie ek ûnbidige sterk. Hja tsjinne by de boer en droech sa mar yn 'e iene hân in 40-mingels bus fol molke en yn 'e oare in baeltsje moal fan 'e wei nei de telle ta. Hja tsjinne yn de Ham.
nl.verhalenbank.17389
In nachtmerje wie in frommeske. Sy kom troch 't kaeisgat by de lju yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.29366
Der binne guon, dy kinne de spylkaerten dounsje litte. Dan dounsje se allegear trochinoar. Op it lêst misse der twa. Dat is ien fan 'e hearen en de frou fan in boer. Dy binne der togearre tuskenút knypt.
nl.verhalenbank.25557
Sy ha hjir alris in swarte kat in wân op 'e hûd jown. Dat wie Alberts Tet (de frou fan Albert Alma, dus net Alle Tet). Dy wie de oare deis bûnt en blau.
nl.verhalenbank.12348
Yn 'e Petten wenne Jille Antsje (J. Hamstra syn wiif). Dat minske wie mei de helm geboaren, seinen se. Dy wist alles foarút. Hja wenne dêr hiel iensum, mar hja wist krekt hwa't der by har lâns komme soenen. Ik en myn wiif binne der is op in nacht om twa ûre lâns kom. Doe stie hja op 'e daem; krekt as wachte se ús op.
nl.verhalenbank.25907
Kabouterwyfkes kinne spinne. De kant nei Zoutkamp út dêr wie sa'n wyfke. Yn 'e nacht siet se to spinnen foar de minsken.
nl.verhalenbank.16858
Wy ha hjir in frommes hawn, dat wie Det. Sy wie altyd oan 't kaertspyljen as se in lytsen forwachte. Dêr kom it fan dat de bern dy't geboaren woarden de kaerten op it boarst hienen. Se stoaren hast allegear.
nl.verhalenbank.12342
De krúswei del yn 'e Harkema rint nachts altyd in wite juffer om.
nl.verhalenbank.19349
Op it Langpaed, tusken Harkema en Surhuzum spûke in lang frommes mei lang hier, yn 't wyt klaeid. Sy die de minsken neat, sy roan allinne mar lange einen hinne en wer.
nl.verhalenbank.28608
Germs Harmke is in nachtmerje. Harmke is ien fan acht dochters. Ien fan acht susters is altyd in nachtmerje.
Myn suster Saek hat ek acht famkes. Saek seit: Us Anne, dat is in nachtmerje. Dêr ha 'k lêst fan. Ik haw in kear de gedaente fan in nachtmerje sjoen. It wie in frouspersoan. Ik ha roppen, mar ik koe net. De hals woarde my tichtknypt.
Men mat wyt...
nl.verhalenbank.16069
Dêr't nou it foetbalterrein is yn 'e Harkema, roan froeger in paedtsje oer it lân. Dêr ha se wol us twa neakene wiven sjoen, dy't dêr omspoeken.
nl.verhalenbank.27416
Syn dochter hiet fan Rixt. Dy hat us in kear in swier aambeeld út 'e smederij wei tild nei de wei ta.
nl.verhalenbank.27003
Alde Thomas Klare fan Houtigehage koe de takomst forspelle.
Sy die dat mei spylkaerten.
nl.verhalenbank.29371
Der hat hjir yn 'e Harkema in man west, dat wie in sekere Schievink. Dy roan us mei ien op.
Doomny en mefrou roannen der achteroan.
Doomny sei tsjin har: "Hwa't dêr njonken dy man rint, wyt ik net." Doe sei Schievink: "O, dat is de duvel, dy't njonken my is."
Doe is de duvel yn 'e wâl flein.
nl.verhalenbank.25803
Ik haw ek in frommes by ús kend (Harkema) dat hie altyd in sydstikje roggebrea op it boarst. Dat die se fanwege de tsjoenderije. Hwant brea is heilich.
nl.verhalenbank.15678
Mike Ruerd (= R.v.d. Veen) is ekris smiten woarn. Dat hied er wol fortsjinne. Ruerd wie in beul fan in keardel, dy't syn wiif skandalich bihandele hat.
nl.verhalenbank.32985
Us mem en dy moesten froeger Sytske al us in kear ophelje. Dy wenne by 't monumint op 't Bomkleaster.
Hja soe komme to naeijen, mar sy koe sels de naeimesine net drage. Mem droech de naeimesine. De krúswei moesten se passeare, dy wie doe noch net forhurde.
De oare deis fortelde mem, se hienen dêr by de krúswei sa bot mei stiennen smiten, dat hie se dúdlik...
nl.verhalenbank.24329